Springe nei ynhâld

Jamaikaanske reade ara

Ut Wikipedy
Jamaikaanske reade ara
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaai echte ara's (Ara)
soarte
† Ara gossei
Rothschild, 1905
ferspriedingsgebiet

De Jamaikaanske reade ara (Ara gossei) is in hypotetyske arasoarte fan 'e famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld. De fûgel soe libbe ha op Jamaika.

De iennige fermelding fan 'e soarte wie op basis fan in op Jamaika om 1765 hinne sketten fûgel. De fûgel waard opstoppe en letter troch in sekere dr. Robertson sjoen, dy't in beskriuwing fan 'e fûgel nei Philip Henry Gosse stjoerde. De opstoppe fûgel is ferlern gien en Gosse publisearre syn eigen beskriuwing yn 1847.

Neffens de beskriuwing hie de fûgel in swarte snaffel. De foarholle, krún en achterkant fan 'e nekke wiene heldergiel. De sydkanten fan it gesicht ûnder de eagen, de rêch en de kiel helderread, de dekfearren fan 'e wjukken en it boarst donkerread en de tommefearren en slachpinnen ljochtblau. De poaten soene swart west ha en de sturt read en giel.

Mooglike foarstelling út 1765.

Robertson ferklearre dat de fûgel noch nea earder sjoen of ôfbylde wie en dat de fûgel der hiel oars útseach as de oare ara's dy't er sjoen hie. Fan in yllustraasje fan 1765 is wol tocht dat it de fûgel ôfbylde, mar der is ek wol útsteld dat it in importearre Kubaanske ara wie. Guon 19e-iuwske naturalisten gyngen der fan út dat de Jamaikaanske reade ara identyk wie oan 'e Kubaanske ara, mar Rothschild joech de fûgel yn 1905 in eigen binomiale namme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en referinsjes: en:Jamaican red macaw