Springe nei ynhâld

Kubaanske ara

Ut Wikipedy
Kubaanske ara
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaai echte ara's (Ara)
soarte
† Ara tricolor
Bechstein, 1811
ferspriedingsgebiet

De Kubaanske ara (Ara tricolor) wie in arasoarte dy't op Kuba en Isla de la Juventud libbe. It wie mei likernôch 50 sm in lytse arasoarte.

Fideo yn it Naturalis Biodiversity Center, Leien

De Kubaanske ara hie in reade kop by de snaffel, dat nei de nekke yn oranje en giel oergie. Om 'e eagen wie de hûd keal en wyt en de irissen wiene giel. It gesicht, it kin en it boarst wienen oranje. De fearren fan 'e bopperêch wiene brúnread mei griene rânen. De stút en ûnderrêch wiene blau. De fûgels hiene wjukken mei brune, reade en poarpereftige kleuren. De fearren fan 'e sturt wiene fan boppe donkerread, dy't oan 'e ein yn it blau oergyngen, wylst de fearren ûnder de sturt readbrún wiene. De snaffel fan 'e fûgel waard as donker, swart of griis-swart beskreaun. Lykas by oare arasoarten wie der gjin ferskil tusken mantsjes en wyfkes.

De Kubaanse ara ferskilde fysyk fan 'e reade ara troch it ûntbrekken fan in giele skouderflek, de swarte snaffel en it lytsere formaat.

Kubaanske ara's wiene mei likernôch 50 sm likernôch in tredde lytser as de grutste sibben.

Net dúdlik is hoe't de fersprieding fan 'e fûgel wie doe't Europeanen him op it haadeilân fan Kuba fêstigen. De soarte wie al healwei de 19e iuw seldsum. Mooglik libbe de fûgel doe allinne noch yn it westen en it sintrale diel fan Kuba. De measte 19e-iuwske waarnimmings stamme fan 'e Kubaanske soölooch Juan Gundlach út it ûnbidich grutte Zapata-moeras, dêr't de fûgels yn 'e noardlike hoeke frije algemien wiene. Tsjin 'e jierren 1870 wie de fûgel seldsumer en hie de soarte him werom lutsen yn 'e binnenlannen.

Zapata-sompen.

De subfossile skedel fan Sagua La Grande is de meast noardlike en eastlike dokumintaasje fan it foarkommen fan 'e Kubaanske ara. Ien subfossile snaffel waard yn in grot fûn. Grotten wurde yn 'e regel net troch ara's besocht, mar de omlizzende krite wie mooglik earder in moeras. De Kubaanske ara libbe ek op it foar de kust fan Kuba lizzende Isla de la Juventud (foarhinne Isla de Pinos neamd). Neffens de Amerikaanske ornitologen Outram Bangs en Walter R. Zappey waard dêr it lêste pearke yn 1864 by La Vega delsketten.

Guon iere beskriuwens wolle ek ha dat de soarte op Haïti en Jamaika libbe, mar dat wurdt langer net akseptearre.

It biotoop fan 'e Kubaanske ara wie de iepen savanna mei ferspraat beammen, lykas it lânskip fan it Zapata-moeras. Kuba wie oarspronklik foar in grut part oerdutsen mei bosk, wêrfan sûnt in grut diel yn greide en ikkerlân omset is. Lomas de Rompe, dêr't ek waarnimmings fan 'e soarte dien binne, hie reinwâldeftige gallerijbosken.

Der wurdt ferûndersteld dat de jacht in faktor by it útstjerren west hat. Al foar de komst fan 'e Europeanen waard der op 'e pappegaaien jage, se waarden as hûsdier holden en troch Yndianen ferhannele yn it Karibysk gebiet. De fûgel liet him maklik pakke en waard ek foar iten bejage. Neffens de Italjaanske reizger Gemelli Careri smakke it fleis goed, mar Gundlach fûn it taai. Argeologyske fynsten docht tinken dat der yn 'e 16e en 18e iuw yn Havana op 'e Kubaanske ara jage waard. Mooglik is de fûgel ek ferfolge as plerach foar it gewaaks, alhoewol't de fûgel net yn 'e buert fan bewenning libbe.

Eksimplaar yn it Museum für Naturkunde, Berlyn.

Njonken it hâlden as hûsdier op Kuba waarden ek in soad fûgels ferhannele nei Europa, mooglik sels tûzenen eksimplaren. Ofgeande op it oantal noch bewarre eksimplaren út finzenskip wie de soarte net ûngewoan yn Europeeske fûgelkolleksjes. De Kubaanske ara wie populêr as koaifûgel, ek al hie de fûgel in reputaasje om saken mei syn snaffel te fernielen. Ek fongen samlers jonge fûgels troch de beammen mei de nêsten te kappen en dêrmei fermindere de nêstgelegenheid foar de folwoeksen fûgels. Sokke praktiken binne op Kuba noch altiten wenst mei de Kubaanske parkyt (Psittacara euops) en de Kubaanske amazône (Amazona leucocephala).

Ek orkanen kinne in rol spile ha by it ferdwinen fan 'e Kubaanske ara. In orkaan yn 1844 soe de populaasje yn Pinar del Río útroege ha. Orkanen yn 1846 en 1856 ferneatigen it biotoop yn it westen fan Kuba en fragmintearre de restearjende populaasje. Boppedat waard it Zapata-moeras yn 1851 troffen troch in tropyske stoarm. Mei in sûne populaasje koene sokke stoarmen geunstich útpakke troch it meitsjen fan geskikt biotoop, mar troch de al faaie posysje fan 'e soarte kin it fan gefolgen hân ha yn in fragmintearre biotoop, sadat de soarte twongen wie om te sykje nei iten yn gebieten dêr't se kwetsber wiene foar de jacht.

It is net wis wannear't de fûgel útstoarn is. Gundlach's waarnimmingen yn it Zapata-moeras yn 'e jierren 1850 en it deasjitten fan in pearke op Isla de la Juventud yn 1864 binne de lêste betroubere dokumintaasjes. Yn 1886 sei Gundlach dat er tochyt dat der noch fûgels yn it suden fan Kuba libben, itjinge foar de Amerikaanske ornitolooch James Greenway de oanlieding wie om te ferûnderstellen dat de fûgel noch oant 1885 oerlibbe.

Yn ferskillende natuerwittenskiplike kolleksjes oer de wrâld lykas yn Leien, Berlyn en Dresden binne noch 19 strûpte fûgelhûden fan 'e soarte. Fan 'e fûgel binne gjin skeletten bewarre bleaun, mar op Kuba binne in pear subfossilen fûn.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en referinsjes: en:Cuban macaw