Springe nei ynhâld

Lytse soldate-ara

Ut Wikipedy
Lytse soldate-ara
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaai echte ara's (Ara)
soarte
Ara militaris
Linaeus, 1766
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De lytse soldate-ara (Ara militaris) is in foar in grut part griene arasoarte. De fûgel libbet yn it westen fan Sintraal-Meksiko oant it noarden fan Argentynje en Bolivia. Wylst de wylde populaasje troch de IUCN as gefoelich is klassifisearre en foar Meksiko sels bedrige, wurdt de lytse soldate-ara in soad yn dieretunen en fûgelparken oantroffen.

De namme is te tankjen oan syn grien en readebrune fearrekleed, dat yn 'e fierte wat hat fan 'e kleuren fan in soldate-unifoarm.

Lytse soldate-ara.

Lytse soldate-ara's wurde 70 oant 85 sm grut en ha in spanwiidte fan 99-110 sm. De fûgels binne fral grien fan kleur, mei ljochtblauwe en giele wjuk- en sturtfearren en in fel reade plak op 'e foarholle. De hûd om it each is lykas by oare ara's neaken, mar rôze mei swarte streekjes. De foarse sterke snaffel is griisswart en syn iris is giel.

Se lykje in soad op de grutte soldate-ara (ek: de grutte griene ara), mar binne lytser. Ek ha se oer it generaal in donkerder fearrekleed. De twa fûgels kinne ek ûnderskieden wurde troch in ferskillende rop en kommunikaasje. Wylst de grutte griene ara leaver yn fochtich bosk libbet en de soldate-ara in foarkar hat foar bledferliezend bosk. De fûgels binne nau oan inoar besibbe.

Soldate-ara's meitsje in soad leven.

Der binne trije ûndersoarten bekend, dy't fan inoar ferskille yn grutte en kleur. De lytste ûndersoarte is de A. m. militaris, de grutste de A. m. mexicanus.

De fûgels wenje heech yn 'e beammen fan tropyske, bledferliezend bosk. Se libje op in hichte fan 600 oant 1500 meter en dat is heger as de measte oare ara-soarten ea komme. Dochs komme se ôfhinklik fan it seizoen ek wol nei legere gebieten, dêr't se nei alle gedachten yn fochtich bosk en toarnebosken libje.

Yn Florida binne der fûgels ûntsnapt of mei sin frijlitten. Der bestiet gjin bewiis dat de populaasje dêr briedt en it liket der op dat dy populaasje allinne oanfolle wurdt mei frijlitten fûgels.

De fûgels briede tusken maart en oktober. De aaien komme yn augustus en septimber út en de jongen fleane yn jannewaris oant maart út. De fûgels binne hoalebrieders en bouwe harren nêst yn beammen of op kliffen. De beammen moatte minsten 15 m heech wêze. It wyfke briedt en it mantsje soarget foar it fretten.

Lytse soldate-ara yn Artis.

De soarte is gefoelich om 't it ferlies oan biotoop en de fangst foar de hannel yn koaifûgels op in rêde delgong fan 'e oantallen wiist. De takomst fan 'e fûgel soe feilich wêze moatte troch it grutte oantal nasjonale parken dêr't de fûgel yn libbet, mar in soad fan dy parken wurde net goed beskermd. Foar wat Meksiko oanbelanget falt in grut part fan it ferspriedingsgebiet bûten de beskerme gebieten. In ûndersyk út 2013 wiisde út dat it potinsjele ferspriedingsgebiet mei 32% ôfnommen wie. Alhoewol't de hannel yn 'e lytse soldate-ara's ferbean is, wurdt dêr noch oan strûperij dien. Somtiden wurde hiele beammen omhakt om by jonge fûgels te kommen.

Ek it sinnige iten fan 'e fûgel is in reden ta soarch. As troch minne waarsomstannichheden der te min geskikt iten is, soe dat de soarte slim treffe kinne. Der binne lykwols oanwizings dat se net it hiele jier troch it strikte dieet folgje, itjinge betsjut dat se harren mooglik oanpasse kinne as se harren typyske dieet misse moatte.

De fûgels ha nettsjinsteande de lytse populaasje in goede genetyske diversiteit, itjinge wiist op in grutte foarâlderlike populaasje. Dochs rinne se gefaar op yntylt troch fragmintaasje fan it biotoop.

Rûsd wurdt dat der 3.000 oant 10.000 fûgels yn it wyld libje en dat komt del op 2.000 oant 6.666 folwoeksen fûgels.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: