Springe nei ynhâld

Dwerchara

Ut Wikipedy
Dwerchara
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaai echte ara's (Ara)
soarte
Ara severus
Linaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De dwerchara (Ara severus) is in arasoarte út de famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard as Psittacus severus troch Carolus Linnaeus yn 1758 publisearre.

De fûgel is ynklusyf de sturt likernôch 45 sm lang. It fearrekleed fan 'e dwerchara is fral grien mei oan 'e foarkant reade en blauwe plakken op 'e wjukken. Op 'e foarholle sit boppe de swarte snaffel in kastanjebrún plak. Oer de kiel rint in smelle, kastanjebrune streek. Om 'e giele eagen is de neakene hûd bêzje mei smelle streekjes fan lytse brune fearkes. De griene sturt hat in foar ara's typyske puntige foarm en is likernôch 20 sm lang en is oan 'e ûnderkant brúnread. De poaten binne ljochtgriis.

De dwerchara weecht tusken de 300 en 390 gram. Mantsjes binne wat grutter as wyfkes, mar der is gjin ferskil yn kleuren.

Dwerchara's libje yn grutte dielen fan it noarden fan Súd-Amerika. De fûgel komt foar yn it suden fan Panama, it noardlike diel fan Bolivia en Fenezuëla, it noardlike diel fan it Amazônebekken yn Brazylje, Suriname en Guyana. Yn 'e Feriene Steaten is de dwerchara yntrodusearre.

Syn natuerlike biotoop binne it reinwâld en de iggen fan rivieren.

Klaaislikjende dwerchara's.

De fûgels ite fruchten, sied, nuten, fruit fan palmbeammen en beien. Se komme ek faak yn groepen by klaaiôfsettings foar mineralen, dy't it gif fan it iten neutralisearje.

Dwerchara's binne hoalebrieders. It wyfke leit yn in beamholte meastentiids twa oant trije wite aaien, dy't yn 28 dagen útbret wurde. De jongen bliuwe dan noch 70 dagen yn it nêst en fleane dan út.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. Yn it westen fan Ekwador en it noarden fan Fenezuëla ferliest de fûgel biotoop troch it feroarjende lângebrûk lykas as omsetten fan bosk yn lân foar boeren. Ek wurdt de fûgel yllegaal fongen foar de hannel. Alhoewol't net bekend is hoe grut de populaasje is en de populaasje ôfnimt, stiet de dwerchara as net bedrige op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: