Drachtster Feart (wenwyk)
Appearance
De Drachtster Feart is ien fan de nijbouwiken yn it westen fan Drachten yn de gemeente Smellingerlân.
De wyk hat trije útgongen, ien oan de Postleane en twa oan de Lauwers. Dy wegen jouwe tagong nei de rest fan Drachten en de A7.
Ek steane hast alle huzen oan (iepen) farwetter dat tagong jout ta de jachthaven fan Drachten it Prinses Margrietkanaal en de Fryske marren. Der kin mei lytse boaten nei it sintrum fan Drachten fearn wurde fia de nij oanleine Drachtsterfeart.
Yn de wyk sille 900 wenningen en in winkelsintrum komme, mar gjin basisskoalle. Dy foarsjennings hat de oanbuorjende wyk De Drait wol.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De strjitten yn de wyk binne neamd nei bekende Drachtsters of lju dy't in bân mei Drachten hiene:
- Theo van Doesburgstrjitte
- Kurt Schwittersstrjitte
- Thijs Rinsemastrjitte
- Cornelis Rienks de Boerstrjitte
- Gjalt de Jongstrjitte
- Arjen Witteveenstrrjitte
- Gerben van Manenstrjitte
- Jelle Plantingstrjitte
- Thomas Romeinstrjitte
- Rinze Wibbelinkstrjitte
Wiken en buerten yn Drachten | ||
---|---|---|
Wiken: De Bouwen • Burmaniapark • Drachten East • Drachten Noardeast • Drachten Sintrum • Drachten Súd • Drachtster Feart • De Drait • Finnepark • De Folgeren (wenwyk) • Frijburch • Himsterhout • Moarrepark • Pappegaaiebuert • Park Suyderwijk • De Peppel • De Sâning • De Singels • De Swetten • De Trisken • De Venen • De Wiken | ||
Buorskippen: Bûtenstfallaat • De Folgeren • Noarderein • It Súd • Suderheide | ||
· · |