Springe nei ynhâld

De Peppel

Ut Wikipedy

De Peppel is in lytse wenwyk yn Drachten.

Wenwyk De Peppel

De wyk leit ynklamme tusken de Gauke Boelenstrjitte, T. Wagenaarstrjitte, Suderhegewei en it Mûnein. It is ien fan de saneamde 'ynwreidingslokaasjes' fan Drachten. Eartiids sieten op it plak it Kijlstra betonfabryk en in sportpark. It bedriuw is yn de jierren '70 ferhuze nei bedriuweterrein Tuskendjippen. Ein jierren '80 makke de gemeente Smellingerlân in wenningbouplan foar dat gebiet. Neffens de sketsen koenen op it terrein sa'n 250 wenningen komme.

Tusken 1992 en 1994 waard de wyk boud. Der kamen rychjeshuzen, twa ûnder-ien-kapen en frijsteande wenningen. Neffens guon kritisy binne de huzen te ticht opelkoar boud, mei fan gefolgen in wyk mei in soad stien en beton en net folle iepenbier grien.

De wyk hat gjin skoallen en winkels omdat it sintrum mei winkels en alle fierdere foarsjennings tichtby is.

Wiken en buerten yn Drachten
Wiken:
De Bouwen • Burmaniapark • Drachten East • Drachten Noardeast • Drachten Sintrum • Drachten Súd • Drachtster Feart • De Drait • Finnepark • De Folgeren (wenwyk) • Frijburch • Himsterhout • Moarrepark • Pappegaaiebuert • Park Suyderwijk • De Peppel • De Sâning • De Singels • De Swetten • De Trisken • De Venen • De Wiken
Buorskippen:
Bûtenstfallaat • De Folgeren • Noarderein • It Súd • Suderheide
· · Berjocht bewurkje