Springe nei ynhâld

Drachten East

Ut Wikipedy

Drachten East is in takomstige wenwyk oan de eastkant fan Drachten. Drachten-East is in tydlike beneaming, om't dizze wyk noch yn ûntwikkeling is.

De wyk wurdt begrinzge troch de Folgeraleane oan de noardkant, de Knobben oan de súdkant, de Dammen yn Drachtster Kompenije oan de eastkant en de Wâldwei (N31) oan de westkant. Dat gebiet foarmet it dúdlikste noch-besteande foarbyld fan it wikestelsel, de drachten, dat de flekke syn namme jûn hat.

Der moatte fan 2007 ôf sa'n 2500-3500 wenten kompleet mei winkelsintrum en skoallen komme te stean. Anno 2023 is lykwols noch gjin begjin makke mei de oanlis fan de wyk.

Wiken en buerten yn Drachten
Wiken:
De BouwenBurmaniaparkDrachten EastDrachten NoardeastDrachten SintrumDrachten SúdDrachtster FeartDe DraitFinneparkDe Folgeren (wenwyk)FrijburchHimsterhoutMoarreparkPappegaaiebuertPark SuyderwijkDe PeppelDe SâningDe SingelsDe SwettenDe TriskenDe VenenDe Wiken
Buorskippen:
BûtenstfallaatDe FolgerenNoardereinIt SúdSuderheide
· · Berjocht bewurkje