Park Suyderwijk
Park Suyderwijk is in nijbouwyk oan de súdkant fan Drachten.
Park Suyderwijk wurdt in parkeftich ynrjochte wyk, mei in soad grien en leanen dy't ôfwiksele wurde sille mei ûndjippe wetterpartijen. Dêrneist leit de bernebuorkerij De Naturij. Oan de noardkant by de Suderhegewei komme kantoaren en in hotel. Dy sille skieden fan it wengebiet wurde troch in pear heuveltsjes. Op it terrein dêr't no boud wurdt wie eartiids de soarchynstelling Maartenswoude, foar geastlik beheinden. Wat dêr nei de desintralisaasje fan dy ynstelling oer is, bliuwt bestean en is ferwurke yn it plan.
Park Suyderwijk wurdt yn it westen begrinze troch De Drait, yn it noarden troch de Suderhegewei, yn it westen troch de A7 en yn it suden troch de wyk Moarrepark.
Der sitte in winkelsintrum en twa basisskoallen yn de oanswettende wyk De Drait.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wiken en buerten yn Drachten | ||
---|---|---|
Wiken: De Bouwen • Burmaniapark • Drachten East • Drachten Noardeast • Drachten Sintrum • Drachten Súd • Drachtster Feart • De Drait • Finnepark • De Folgeren (wenwyk) • Frijburch • Himsterhout • Moarrepark • Pappegaaiebuert • Park Suyderwijk • De Peppel • De Sâning • De Singels • De Swetten • De Trisken • De Venen • De Wiken | ||
Buorskippen: Bûtenstfallaat • De Folgeren • Noarderein • It Súd • Suderheide | ||
· · |