Springe nei ynhâld

De Drait (wenwyk)

Ut Wikipedy
De Drait
Goatysk finster, by de PKN-tsjerke de 'Arke'
Makker: Wladimir de Vries

De Drait is in typyske jierren 70 wenwyk yn Drachten mei sa'n 2500 wenten, dêr't sawat 5.800 minsken wenje. De wyk hat in oerflak fan 196 ha. De wyk is yn klusters ferdield mei dêr tusken in soad grien en gersfjilden.

Yn 1972 waard begûn mei de oanlis fan wat destiids de grutste útwreiding ea yn Drachten wie. Yn it earstoan waarden der in soad rychjeswenten boud mei in kasko fan getten beton; yn dy tiid in revolúsjonêre metoade dy't fleanende hurd bouwen mooglik makke. Letter waarden der mear dûbelde huzen en yn de frije sektor boud. Dat der is in grut kontrast tusken de earst en de lêst boude stikken fan de wyk. De wyk wie om 1978 hinne klear.

De wyk hat in winkelsintrum, sporthal, wyksintrum en in tsjerke, de Arke. It winkelsintrum hat in supermerk mei sliterij, in bakkerij, apteek, drogist, kapsalon, kantoarboekhannel mei postagintskip, dierenartspraktyk, fytswinkel, fiskhandel, blommist, slachterij, tankstasjon en in kafetaria.

De Drait hat twa basisskoallen: in Montessoryskoalle en in brede skoalle dêr't iepenbier ûnderwiis en kristlik ûnderwiis jûn wurdt.

Om de wyk leit in rûnwei (de Lauwers / Oerstesingel, dy't beide útkomme op de Suderhegewei). Fia de Suderhegewei (fjouwerbaans) is de A7 maklik te berikken.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wiken en buerten yn Drachten
Wiken:
De BouwenBurmaniaparkDrachten EastDrachten NoardeastDrachten SintrumDrachten SúdDrachtster FeartDe DraitFinneparkDe Folgeren (wenwyk)FrijburchHimsterhoutMoarreparkPappegaaiebuertPark SuyderwijkDe PeppelDe SâningDe SingelsDe SwettenDe TriskenDe VenenDe Wiken
Buorskippen:
BûtenstfallaatDe FolgerenNoardereinIt SúdSuderheide
· · Berjocht bewurkje