Springe nei ynhâld

De Arke (Drachten)

Ut Wikipedy
De Arke
bouwurk
lokaasje
Gemeente Smellingerlân
plak Drachten
adres Flevo 161
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1978-1979
2009 (renovaasje)
arsjitekt R. Kijlstra

De Arke is in, earder grifformeard-, PKN-tsjerkegebou yn de Drachtster wenwyk De Drait.

De tsjerke is boud op it plak dêr't al yn de Midsiuwen in tsjerke stie. It stee wie bekend as 'it âld tsjerkhôf' en is op âlde kaarten oanjûn.
De tsjerke fan no waard boud yn 1979 neffens in ûntwerp fan arsjitekt Rinze Kijlstra fan Drachten. Op 3 septimber 1980 waard de tsjerke offisjeel iepene. Der is plak foar 440 persoanen en kin op ienfâldige wize mei nochris 80 útwreide wurde.

Yn 2009 waard De Arke renovearre; de moetingsromte waard fergrutte, de koken fernijd en de tsjerkeseal krige nije lampen en in nij plafond. It gebou hat no, neist de tsjerkeseal, fjouwer sealen, in kantoar en in romte foar berne-oppas. De renovaasje koste 350.000 euro.

De Drachtster PKN-gemeente makke yn 2018 bekend fan doel te wêzen om de tsjerke te ferkeapjen. De Grifformearde Tsjerke Frijmakke Drachten Súd-West hat de tsjerke yn per 1 jannewaris 2020 oernommen.[1]

It oargel út 1981 is boud troch S. Haarsma. Der waard dêrby gebrûk makke fan âlder materiaal fan in oargel fan Maarschalkerweerd út 1890, dat earder yn de Herfoarme tsjerke fan Sint-Anne stie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. GKv Drachten Zuidwest koopt De Arke, Frysk Deiblêd 29 jannewaris 2010