Springe nei ynhâld

Drachten Noardeast

Ut Wikipedy
Drachten-noardeast
Winkelsintrum Noorderpoort

Noardeast is in wenwyk fan 98 ha. oan de noardeastkant fan it sintrum fan Drachten út de perioade 1945-1960. De wyk leit rûchwei tusken de Noarder Dwersfeart, Ringwei en Stasjonswei en de Súdkade en hat ûngefear 3.900 unwenners en 2.100 wenningen. De earste strjitte wie de yn de jierren tweintich boude strjitte Beter Wonen, dit wienen wenningwetwenningen. Letter, nei de Twadde Wrâldoarloch, waard de wyk geandewei folboud mei meast hierwenningen. De wyk wie om 1960 hielendal klear.

De wyk hat in saneamde leanestruktuer, lange leanen mei oan beide kanten beammen. De ferkearsrekonstruksje yn de jierren tachtich hat in diel fan dizze struktuer fernield. Hjir en dêr sieten doe op strittehoeken in sliterij, kapperssaak en oare winkeltsjes, dit joech libbenens yn de wyk dy't der tsjintwurdich net mear is yn de nije wiken.

Begjin jierren '80 begûn de wyk te ferpauperjen en anno 2006 is it de grutste probleemwyk fan Drachten. Drank- en drugsoerlêst en prostitúsje binne yn Noardeast mear regel as útsûndering. Yn it begjin fan de 21e iuw hat de gemeente Smellingerlân yn gearwurking mei de wenningbouferieningen it grut sanearingsplan ûntwikkele. De kommende jierren sille der sa'n 600 wenningen en flats sloopt wurde en sil der ferfangende nijbou foar yn 't plak komme. In grut diel fan dizze nijbou sil út keapwenningen bestean om de sosjale gearhing yn de wyk yn lykwicht te bringen. Ek sil de ynfrastruktuer oanpakt wurde om de âlde leanestruktuer werom te krijen.

De wyk hat sûnt begjin 21e iuw in winkelsintrum 'Noarderpoarte'. Al liket dit winkelsintrum rjochte te wêzen op de oanswettende wiken Finnepark en De Folgeren, geografysk besjoen leit it yn Noardeast. Ek binne der genôch skoallen, wêrûnder basis- en fuortset ûnderwiis.

Wiken en buerten yn Drachten
Wiken:
De BouwenBurmaniaparkDrachten EastDrachten NoardeastDrachten SintrumDrachten SúdDrachtster FeartDe DraitFinneparkDe Folgeren (wenwyk)FrijburchHimsterhoutMoarreparkPappegaaiebuertPark SuyderwijkDe PeppelDe SâningDe SingelsDe SwettenDe TriskenDe VenenDe Wiken
Buorskippen:
BûtenstfallaatDe FolgerenNoardereinIt SúdSuderheide
· · Berjocht bewurkje