Springe nei ynhâld

Dwersfeart (Drachten)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Noarder Dwersfeart)
Noarder- en Suderdrachten mei de Dwersfeart en syn wiken (Schotanusatlas, 1718)
Gemeentlik monumint Noarderdwersfeart 123
Bioskoop De Bios oan de Noarderdwersfeart
Keunstwurk ta oantinken oan it eardere sûkereifabryk 'Werkmanslust' op de hoeke Suderdwersfeart-Fabryksloane

De Dwersfeart, ferdield yn de Noarderdwersfeart en Suderdwersfeart, is in noard-súd rinnende strjitte, en eardere feart, yn Drachten.

Foar 1600 bestie Drachten út twa lytse doarpen: Noarderdrachten en Suderdrachten. Oan de eastkant fan dy doarpkes lei in grut heechfeangebiet, dat geskikt wie foar ferfeanting. Yn 1641 sleat keapman Passchier Bolleman fan De Haach mei in tal boeren út Drachten in oerienkomst om in feart te graven fan Drachten nei Bakkefean: de Drachtster Kompanjonsfeart. Troch dy ûntwikkeling koe Drachten him ûntjaan ta in flekke.

Om it achterlân ûntginne te kinnen waarden de Noard- en Suderdwersfeart heaks op de Drachtster Kompanjonsfeart groeven. Ut dy fearten wei waarden wiken dold nei it easten ta it heechfean yn. De fearten tsjinnen foar it ûntwetterjen fan it heechfean en it ferfier fan de turf rjochting Drachten en dêrwei fierder it lân yn.

Yn de rin fan de tiid ûnstie der bebouwing oan wjerskanten fan de Dwersfearten: lytse en gruttere pleatsen, arbeiderswenten, in sûkereifabryk, in werf en in tsjerkje. Oan de Skoalwyk by de Noarderdwersfeart waard yn 1822 in iepenbiere legere skoalle stifte, de Dwarsvaartschool, dy't yn 1983 opheft waard.[1]

Dimpen fan de Dwersfearten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Noard- en Suderdwersfeart waarden op 8 maaie 1954 sletten foar skipfeart, mar it duorre noch in pear jier foardat mei it dimpen útein set waard. De Noarderdwersfeart is tusken 1960 en 1967/68 yn fazen dimpt, de Suderdwersfeart waard ek yn parten fan 1963 en 1967 tichtsmiten. Lâns de eardere feart binne noch âlde pleatsen en arbeiderswenten te finen.

Yn 2019 waard op de krusing fan de Noarder- en Suderdwersfeart mei de Kaden en de Raai in rotonde oanlein.[2]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oostra, Jolt, Drachtster namen. Toponymie van Drachten (1997).Side 42
  2. Jansma herstart herinrichting van De Kaden Drachtster Courant, 3 jannewaris 2019. Argyf op 14 july 2021.