De Bios (Drachten)
De Bios | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
gemeente | Smellingerlân | |
plak | Drachten | |
adres | Noarderdwersfeart 25 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | bioskoop | |
boujier | 2001 | |
oare ynformaasje | ||
kapasiteit | 7 sealen, >800 stuollen | |
offisjele webside | ||
Webside | ||
kaart | ||
De Bios is in bioskoop yn Drachten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1914 hinne iepene Hendrik Egberts Kijlstra de earste bioskoop fan Drachten, 'Cinema Modern' yn de Suderbuert. Dy bioskoop bleau yn syn hiele besteansperioade it besit fan de famylje Kijlstra, mar doe't yn 2001 yn Drachten de nije en gruttere bioskoop De Bios iepene waard, besleaten de eigeners fan Cinema Modern de doarren te sluten.[1]
De Bios waard yn 2001 iepene oan de Noarderdwersfeart lyk efter De Kaden, it útgeanssintrum fan Drachten. De Bios hat sân filmsealen mei yn totaal goed 800 sitplakken en is dêrmei de grutste bioskoop mei in aktueel filmoanbod fan Fryslân.
Yn 2006 sette De Bios útein mei it alle wiken fertoanen fan films út it arthouse-sjenre op in fêste jûn. Der wie op dat stuit al in sneakpreview op woansdei en in film út it Frysk Filmsirkwy op moandei. Ek yn skouboarch De Lawei is ien kear yn de moanne in spesjaal filmfertoaning, mar dêrmei fergelike binne de fertoaningen yn De Bios kommersjeler fan opset.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
|