Springe nei ynhâld

Noarder Drachten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Noarderdrachten)
Noarder Drachten om 1700 hinne
Tsjerke fan Noarderdragten yn 1722

Noarder Drachten, ek Noarderdrachten wie in doarp oan de noardeastlik fan de hjoeddeiske Drait en justjes besuden de doetiidsk noch besteande Noarder Drait (dêr't de Burmaniasleat fan oerbleaun is). It doarpke is nei de oanlis fan de Drachtster Feart yn 1641 mei Suder Drachten útgroeid ta Drachten, mar wie oant begjin 19e iuw noch in bestjoerlike ienheid.

It doarpke is neamd nei de Noarder- of Lytse Dracht (ek Drait neamd).[1] Der wurdt oannaam dat Noarder-Drachten (en Suder Drachten) om 1150 ûntstien is, oan de Aldewei (de Alde Lykwei) en de Folgeren fan no.[2] De namme wurdt yn stikken neamd sûnt 1441.

De tsjerke, dêr't noch in ienfâldige tekening fan Bearn Lap fan bekend is, stie op it plak fan it âlde tsjerkhôf oan de Stasjonswei fan no. Foar de grutskalige ferfeanings hie it doarp in djip, grut efterlân dat sa'n bytsje oan de grins mei Achtkarspelen rûn. Mei it ûntstean fan Rottefalle en Drachtster Kompenije is himrik tige krompen.

Oant 1667 foarmen Noarder- en Suder Drachten in tsjerklike kombinaasje mei Boarnburgum en Koartehimmen. Doe waarden de beide doarpen te grut en kaam der ien predikant foar de beide Drachtens.[3]

Op de kaart fan Schotanus út 1718 is it in doarp fan sa'n 25 boerespulsjes dy't oan de Aldewei en de wei nei de Folgeren lizze. Oan wjerskanten fan dy dyk is boulân. De measte minsken wenje dan lykwols al oan de noarder Dwersfeart. Súdlik, oan de Drachster Feart, is ek in skoalle oanjûn. Van der Aa (1786) sprekt ek fan hoarnlegers.

Om 1800 hinne waard op it stee fan de eardere tsjerke it Noarderbegraafplak oanlein. De âldste oerbleaune grêfstien is fan 1812.[4].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. J. J. Spahr van der Koek, Drentelen door Drachten, yn Drok, drok Drachten, 1970.
  2. J. J. Spahr van der Koek, Drentelen door Drachten, yn Drok, drok Drachten, 1970.
  3. Oostra, Jolt, Drachtster namen. Toponymie van Drachten (1197).Side 14
  4. Ronald Stenvert et al, Monumenten van Nederland. Fryslân. Drachten, 2000
  • Oostra, Jolt, Drachster namen. Toponymy van Drachten, 1997.