Springe nei ynhâld

Schotanusatlas

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kaart fan Schotanus)

De Schotanusatlas is de oantsjutting foar in groep fan atlassen, basearre op it wurk fan Christianus Schotanus en Bernardus Schotanus à Sterringa.

  • De plattegrûnen fan Beschrijvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt fan 1664, troch Christianus Schotanus.
  • De kaarten fan de Friesche Atlas fan 1698, troch Bernardus Schotanus à Sterringa.
  • De nije, bywurke útjefte fan de atlas, mei in tal kaarten tafoege, as Uitbeeldinge der Heerlijkheid Friesland, fan 1718, troch François Halma.
  • De plattegrûnen en kaarten fan de earste en tredde kombinearre ta de Lytse Schotanus Atlas, útjûn yn 1967.

Fierders hawwe der noch in tal oare reproduksjes fan benammen de kaarten west.

Beschrijvinge van de Heerlyckheydt van Frieslandt omfieme de kaarten en plattegrûnen foar it al earder ferskynde De Geschiedenissen Kerckelyck ende Wereldtlyck van Friesland Oost ende West fan Christianus Schotanus. Syn soan Bernardus studearre ûnder oaren wiskunde, en hie sa ek meiwurke oan it meitsjen fan de kaarten. Dêrtroch waard er yn 1662 troch Deputearre Steaten frege de kaarten fan de gritenijen nei te sjen, sa't dy troch Sjoerd Haakma en Sytse Gravius opmjitten wienen. Yn 1682 kaam der in nije opdracht fan Deputearre Steaten, diskear foar it op 'e nij meitsjen fan alle gritenijkaarten. De Friesche Atlas fan 1698 wie dêr it risseltaat fan.

De oarspronklike atlas wie mar in 150 eksimplaren drukt. Nei de dea fan Bernardus Schotanus à Sterringa yn 1704, waard lykwols yn 1718 troch François Halma, printer foar de Fryske Steaten, in nije útjefte gearstald. Foar dizze Uitbeeldinge der Heerlijkheid Friesland waard net allinnich besocht alle feroarings sûnt de tiid fan de earste útjefte yn de kaarten op te nimmen: ek waarden der in oersjochkaart oer gâns Fryslân opnaam. En dan waarden ek noch acht skiedkundige kaarten tafoege, neffens it witten fan dy tiid: ien fan Bernardus Schotanus à Sterringa, en sân fan Menso Alting.

Moderne útjeften

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1967 joech de Fryske Akademy de Lytse Schotanus Atlas út, likernôch 300 jier nei de útjefte fan de Beschrijvinge ... en likernôch 250 jier nei de Uitbeeldinge. Dizze lytse atlas kombinearret de plattegrûnen fan de earste, mei de gritenijkaarten fan de twadde, om sa in oersjoch te jaan oer de alve en tritich. De kaarten binne lytser útfierd as orzjineel, mar oan de oare kant binne der stúdzjes tafoege oer hoe't de kaarten makke binne, en beskriuwings fan it gebiet yn de tiid fan de kaarten.
Om 1975 hinne joech de Tille te Ljouwert in reproduksje út fan de grutte Schotanus/Halma.
Desimber 2015 wie de presintaasje fan in nije faksimileeútjefte fan de folsleine atlas op it provinsjehûs yn Ljouwert.

Ut de Schotanusatlas

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]