Springe nei ynhâld

Burmaniasleat

Ut Wikipedy
Burmaniasleat, it iennichste diel mei in noch natuerlike rin

De Burmaniasleat is in feart yn de gemeente Smellingerlân. De sleat rint benoarden Drachten tusken it Nije Kanaal en De Kletten/De Folgeren. Oan de súdkant leit yndustryterrein De Haven.

De Burmaniasleat is in oerbliuwsel fan it eardere rivierke de (Noarder)Dragt dy't it wetter fan de feanen by Rottefalle en De Folgeren ôffierde en útmûne yn de Suder Dragt/Drait. De namme komt fan jonkhear Rienks fan Burmania dy't yn de 16e iuw in protte fean oan de iggen fan dat rivierke besiet. Yn de tiid fan de ferfeaning waard de bopperin yn soart wyk. It wetter waard befarber troch it oanbringen fan slûskes. Nei de ferfeaning en nei it graven fan de Kletsterfeart waard it in ienfâldige tochtsleat.[1]

De namme Burmaniasleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Burmaniasloot.

De Drachster wenwyk Burmaniapark is nei dit wetter neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Aa, van der, Smallingerland/Burmaniasloot.