Pappegaaiebuert

Ut Wikipedy
Pappegaaiebuert
Foargevel Van Doesburg-Rinsemahûs

De Pappegaaiebuert is in lytse wenwyk oan wjerskanten fan de Toerstrjitte yn Drachten.

In tal wenten en in skoalle waarden ûntwurpen troch gemeente-arsjitekt Cees Rienks de Boer. It houtwurk fan dy huzen waard beferve neffens in ûntwerp fan Theo van Doesburg út 1921. Fanwege de primêre kleuren dy't Van Doesburg foarskreau, wurdt de wyk de 'Pappegaaiebuert' neamd. Dy kleuren foar de bûtenkant joegen frijwat opskuor yn Drachten, dat de oarspronklike kleuren waarden rillegau oerferve.

Yn de jierren tachtich besleat de gemeente om it read, giel en blau fan De Stijl werom te bringen, wêrby't útgien waard fan in bouûntwerp dat Van Doesburg begjin jierren tweintich út Dútslân wei nei de gemeentearsjitekt stjoerd hie. De kleuren dêrop hie er oanjûn mei plakkaatferve. Dat ûntwerp waard as basis brûkt foar de restauraasje yn 1988, doe't in kleurewaaier njonken de tekening holden waard om dêrnei te sjen hokker kleur út it doetiidske Sikkens-ferfassortimint dêr it bêste by paste.

Yn 2018 waard ien fan de wenten as museumwente ynrjochte, it Van Doesburg-Rinsemahûs, dat fan maart 2019 ôf oan iepen foar it publyk wie.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Wiken en buerten yn Drachten
Flagge fan Drachten
Wiken: De BouwenBurmaniaparkDrachten EastDrachten NoardeastDrachten SintrumDrachten SúdDrachtster FeartDe DraitFinneparkDe Folgeren (wenwyk)FrijburchHimsterhoutMoarreparkPappegaaiebuertPark SuyderwijkDe PeppelDe SâningDe SingelsDe SwettenDe TriskenDe VenenDe Wiken
Buorskippen: BûtenstfallaatDe FolgerenNoardereinIt SúdSuderheide