Springe nei ynhâld

Ynwreiding

Ut Wikipedy

Ynwreiding is it bouwen yn de al besteande beboude kom. It tsjinoerstelde is útwreiding, dy't oan de grinzen fan besteande bebouwing bard. Ynwreiding is soms in kontroversjele wize fan bouwen, omdat der faak earst archeologyske en grûnsanearringsûndersiken dien wurde moatte.

Ynwreiding kin in lytse kavel oanbelangje, mar ek op in stik grûn dat al beboud is, wêrby't de besteande bebouwing sloopt wurdt en it terrein dêrnei op 'en nij beboud wurdt. Ynwreiding is ek it gebrûk fan oant dan ta ûnbeboude grûn dy't frij komt foar it setten fan wenten. Ynwreiding moat yn de besteande bestimmingsplannen syn beslach krije, of dy plannen moatte op de ynwreiding oanpast wurde.