Springe nei ynhâld

Disibodenberg

Ut Wikipedy
Disibodenberg
Gevel abdijgebou
Gevel abdijgebou
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Bad Kreuznach
plak Odernheim am Glan
adres Disibodenberg
koördinaten 49° 46' N 7° 42' E
Ynformaasje bou
boujier 13e iuw
Webside
Offisjele side fan Disibodenberg
Kaart
Disibodenberg (Rynlân-Palts)
Disibodenberg

It kleaster Disibodenberg is in ruïne fan in abdij yn it doarpsgebiet fan Odernheim am Glan yn de lânkring Bad Kreuznach yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It kleaster waard stifte troch de Ierske Disibod op in hichte by de mûning fan de Glan yn de rivier de Nahe en de benediktinen bouden it letter út ta in machtich kompleks. It ruïnekompleks foarmet ûnderdiel fan it natoergebiet Disibodenberg.

Yn it jier 640 reizge de Ierske misjonaris Disibod nei it Frankenryk en op syn tocht died er ek de delte fan de Nahe oan. Neffens de hilligebeskriuwing soe er it plak al yn in dream sjoen hawwe en stiek er dêr syn pylgerstêf yn 'e grûn, dêr't spontaan libben yn kaam en dêr't in wyt hart mei syn poat in boarne iepen riste en dêr't twa rivieren byinoar kamen".

Sint-Disibod mei syn gesellen (gravuere út 1594 neffens in skilderij Marten de Vos

Disibod fûn it plak by Odernheim dêr't de Glan en Naha gearrinne. Yn de Keltyske tiid bestie dêr al in Romeinske timpel foar Jupiter. Disibod boude mei syn gesellen oan de foet fan de berch by de boarne in ûnderkommen en al gau ek in doopkapel. Hy ferstoar yn it jier 700 yn 'e âldens fan 81 jier en syn grêf waard dêrnei al gau in plak dêr't pylgers hinne teagen.

De bou fan in tsjerke en kleaster folge; ien fan de alderâldsten fan it bisdom Mainz. Yn 745 besocht Bonifatius as biskop fan Mainz it grêf fan de misjonaris; hy liet de oerbliuwsels fan Disibod ûnder it alter fan de kleastertsjerke bysette. Nei't Noarmannen (882) en Hongaren (1e helte 10e iuw) it kleaster ferskillende kearen oanfoelen, plonderen en ferneatigen, flechten de muontsen en rekken de gebouwen yn it neigean. Aartsbiskop Hatto II fan Mainz (968-970) liet it kleaster ûntbine, mar aartsbiskop Willigis fan Mainz (975-1011) brocht in besite oan Disibodenberg en liet dêr in nije tsjerke bouwe en de kleastergebouwen wer opknappe. De bonken fan Disibod waard plechtich yn de nije tsjerke byset en Willigis betroude it kompleks ta oan 12 Mainzer kanunniken. Hy joech it besit, grûn en ynkommen en fierder krige it kleaster it rjocht om tsienden te heffen.

Fûneminten fan de krústsjerke
Oerbliuwsels fan de kanunnikentsjerke

Yn 1096 ferfong aartsbiskop Ruthard de koarhearen troch benediktynske muontsjen út it Mainzer Jakobuskleaster, dy't yn 1107 dêrhinne ferhûzen.

Under lieding fan abt Burchard (1108–1113) waard mei de bou fan in nije krúsfoarmige en trijeskippige pylderbasilyk útein set. Syn opfolger Kuno fan Disibodenberg († 1155) wijde de nijbou yn 1143 yn. Fan dy tsjerke is hjoed-de-dei it grûnplan mei de pylderresten noch goed te werom te kennen. Yn 1138 waarden de bonken fan de hillige Disibod op 'e nij yn de nije tsjerke byset.

Rekonstruksjetekening fan it benediktynske kleaster

Hildegard fan Bingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 1108 lieten de greven fan Sponheim in klús foar nonnen op it kleasterterrein stiftsje. De earste bewenner fan de klús wie de doe 20-jierrige Jutta fan Sponheim, dy't har yn 1112 by de muontsen op de berch foege. Hja brocht de letter hillich ferklearre Hildegard fan Bingen fierder grut nei't dy troch har âlden as oblaat oan it kleaster oanbean wie.

Nei de dea fan Jutta folge Hildegard har yn 1136 op as haad fan de klús. Hildegard en har mienskip ferhûzen tusken 1147 en 1151 nei it nije kleaster op de Rupertsberg by Bingen, om't hja it langer net mei de muontsen op de Disibodenberg fine koe en der net genôch romte wie foar de nonnen, dy't op dat stuit bestie út in mienskip fan achttjin froulju.

Hospitium

Yn 1259 namen sistersjinzers it kleaster oer en dy brochten it al gau troch in betûfte lieding ta grutte wolstân. De sistersjinzers feroaren it kleaster en bouden it fierder út. De kriich fan 1471 tusken Freark fan de Palts en hartoch Loadewyk fan Palts-Zweibrücken feroarsake grutte skea oan it hiele gebiet en it kleaster waard hielendal leechplondere. Yn de Boerekriich fan 1524 oant 1525 hie it kleaster net it measte te lijen, mar de reformaasje, dy't yn de hiele Nahe-krite oanhing krige, liede ta de ûntbining fan de abdij. Yn 1559 droech de lêste abt Peter fan Limbach it kleaster oer oan de erflike baljuw fan Meisenheim, hartoch Wolfgang fan Palts-Zweibrücken.

De Tritichjierrige Kriich (1618-1648) en de Súksesjekriich fan de Palts (1688-1697) brochten nije skea en feroarings fan eigner. De Spanjerts ûnder generaal Spinola besochten yn 1631 en 1639 mei help fan benediktinen it kleaster nochris ta bloei te bringen, mar dat wie mar in tydlik súkses.

Dekoraasje abdijgebou

In grut part fan de kleastergebouwen bestie yn 1790 noch, mar de Frânsen, dy't yn 1797 oant 1814 hearsken er de lofter kant fan de Ryn, ferklearren de Disisbodenberg ta nasjonaal besiet en ferkochten it. De partikulieren dy't it kochten brûkten de gebouwen as stiengroeve. Fan it materjaal fan de tsjerke waarden hûzen yn Odernheim en Staudernheim boud en de Staudernheimer brêge fernijd.

Tusken 1842-1844 die de doetiidske eigner Peter Wannemann war om de ruïnes wer op te graven en hy stelde de gebouwen iepen foar besikers. Yn 1985 begûn de Rykstsjinst foar Monumintesoarch fan Rynlân-Palts mei argeologyske opgravings en wurksumheden ta it behâld fan it terrein. De lêste partikuliere eigner droech it eardere kleasterterrein yn 1989 oer oan de Disibodenberger Scivias Stifting.

Hildegardis-kapel

Tsjintwurdich is it mooglik in besite te bringen oan de kleasterruïnes op de Disibodenberg. Der is in kleastermuseum, dêr't fynsten útstald wurde, wêrûnder bysûndere stiengravueres út de sistersjinzerske tiid. Op it likernôch 2,5 hektare grutte ruïnegebiet binne buordsjes delset mei ynformaasje oer de gebouwen en de boutiid. Fan twa gebouwen steane de hege gevels noch en dy jouwe in goede yndruk fan it ea sa machtige kleaster. Op sneinen wurde der by gelegenheid noch missen yn de ruïne fan de tsjerke fierd.

Op de súdlike hellings fan de Disibodenberg wurdt al sûnt de midsiuwen oan wynbou dien. Yn 1997 waard op de Disibodenberg oan de râne fan it bosk in nije oan Hildegard wijde kapel boud.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.