Springe nei ynhâld

Alain Delon

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Delbeau Production)
Alain Delon
akteur
Delon yn 1959.
Delon yn 1959.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeAlain Fabien Maurice
   Marcel Delon
nasjonaliteit Frânsk
   Switsersk
berne8 novimber 1935
berteplakSceaux (Frankryk)
stoarn18 augustus 2024
stjerplakDouchy (Frankryk)
etnisiteit Frânsk
Korsikaansk
jierren aktyf19572019
prizenCésar 1985
Légion d'Honneur 1991
offisjele webside
www.alaindelon.ch

Alain Delon (útspr.: [aˈlɛ̃ dǝˈlõ], likernôch: "alêng delong"; folút: Alain Fabien Maurice Marcel Delon; Sceaux, 8 novimber 1935Douchy, 18 augustus 2024) wie in Frânsk-Switsersk akteur, dy't fanôf it begjin fan syn karriêre yn 'e 1950-er jierren fluch opklom ta ien fan 'e meast foaroansteande filmstjerren fan syn heitelân. Hy waard ek wol 'de manlike Brigitte Bardot' neamd. Njonken syn aktearjen wied er ek aktyf as filmprodusint, senarioskriuwer en regisseur. Delon wie in hoart ferloofd mei de ferneamde Eastenrykske aktrise Romy Schneider, en wûn yn 1984 de César (de Frânske Oskar) yn 'e kategory bêste akteur. Yn 1999 naam er njonken syn Frânske nasjonaliteit ek it Switserske steatsboargerskip oan. Sûnt wenne er yn 'e omkriten fan Sjenêve.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bernetiid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Delon waard yn 1935 berne yn Sceaux, in foarstêd fan Parys yn wat no it departemint Hauts-de-Seine is. Hy wie fan mingd Frânsk en Korsikaansk etnysk komôf, mei't syn beppe oan heitekant in Korsikaanse út Prunelli-di-Fiumorbo wie. Syn âlden, Fabien Delon en Édith Arnold, skieden doe't er fjouwer jier wie. Beiden wertrouden se, en dêrtroch hie Delon in jongere healsuster en twa jongere healbruorren. Delon genoat syn ûnderwiis û.m. oan in roomske kostskoalle, mar waard dêr fan skoalle stjoerd fanwegen ûnlijich hâlden en dragen. Om syn talint foar godstsjinstige saken besochten ferskate dosinten en bepraat him om preester te wurden, mar dêr woed er neat fan witte.

Delon yn 'e 1961.

Mei fjirtjin jier gie Delon foargoed fan skoalle, wêrnei't er in skoft yn 'e slachterij fan syn styfheit wurke. Trije jier letter naam er tsjinst by de Frânske Marine, dêr't er marinier (fusilier marin) waard. Yn dy hoedanichheid focht er yn 1953 en 1954 mei yn 'e Earste Yndosineeske Oarloch yn Frânsk-Yndosina, tsjin 'e Viet Minh, de Fjetnameeske ûnôfhinklikheidsbeweging fan Ho Chi Minh. Nei eigen sizzen brocht er fan 'e fjouwer jier dat er by de marine wie, alve moanne yn it tichthûs troch foar ynsubordinaasje en oare gebrekken oan dissipline.

Nei't er yn 1956 earfol út militêre tsjinst ûntslein wie, kearde Delon nei Frankryk werom, dêr't er it krap hie en himsels mei los wurk besocht te ûnderhâlden. Hy wurke in skoft as ober yn in restaurant, mar ek as kroader op in treinstasjon, as klerk en as winkelbetsjinde. Yn dy snuorje rekke er befreone mei de aktrise Brigitte Auber, mei wa't er op in stuit nei Cannes ta reizge om it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes te besykjen. Dat wie wêr't Delon syn eigen aktearkarriêre begjinne soe.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Cannes krige in talintescout foar de Amerikaanske filmprodusint David O. Selznick Delon yn it each. Nei't er foar Selznick audysje dien hie, bea dyselde him in kontrakt as akteur oan, op betingst dat er Ingelsk leare soe. Delon gie doe werom nei Parys om him dy taal eigen te meitsjen, mar dêr krige er kunde oan 'e Frânske regisseur Yves Allégret, wêrnei't er besleat dat er ek akteur wurde koe sûnder Ingelsk te learen. Selznick stie him ta om it kontrakt op te sizzen, en dêrnei besoarge Allégret him yn 1957 syn akteardebút yn 'e film Quand la Femme s'en Mêle. It jiers dêrop spile Delon ek yn Sois Belle et Tais-toi en Christine, yn dy lêste film mei as tsjinspylster de Eastenrykske aktrise Romy Schneider. Syn fjirde film, Faibles Femmes (1959), draaide ek yn 'e Feriene Steaten yn 'e bioskopen, dêr't it in grut súkses waard.

Delon yn 'e Amerikaanske film Lost Command, út 1966.

Yn 1960 wie Delon te sjen yn 'e film Plein Soleil fan regisseur René Clément, dy't basearre wie op 'e roman The Talented Mr. Ripley, fan Patricia Highsmith. Dêryn fertolke Delon de haadrol fan Tom Ripley ta lûd jûchhei fan 'e resinsinten. Fuort dêrnei spile er yn Luchino Visconti syn Rocco e i Suoi Fratelli, in optreden dêr't de kritisy op 'e nij tige oer te sprekken wiene. Yn 1961 stie Delon foar it earst op 'e planken yn in opfiering yn Parys fan it toanielstik Tis Pity She's a Whore fan John Ford, mei as tsjinspylster op 'e nij Romy Schneider, wylst Visconti de rezjy die. Yn 1963 wurke Delon op 'e nij mei Visconti gear yn 'e film Il Gattopardo. Dêrnjonken wurke er ek mei Jean-Pierre Melville, dy't him regisearre yn 'e films Le Samouraï (1967), Le Cercle Rouge (1970) en Un Flic (1971). Ek spile Delon yn 1966 yn 'e Amerikaanske oarlochsfilm Lost Command, fan regisseur Mark Robson, mei as tsjinspilers û.m. Anthony Quinn, George Segal en Claudia Cardinale.

Delon yn 'e film Le clan des Siciliens (1969).

Yn 1964 wijde de Cinémathèque Française in presintaasje oan Delon syn films. Datselde jier rjochte er mei George Beaume syn eigen filmstudio op, mei as namme Delbeau Production. Harren earste film, L'Insoumis, moast fanwegen swierrichheden op it mêd fan auteursrjochten op 'e nij montearre wurde. Dêrop begûn Delon syn eigen studio, Adel, wêrfan't de film Jeff (1969), mei himsels yn 'e haadrol, de earste produksje wie. Neitiid produsearre en fertolke er de haadrol yn Borsalino (1970), mei as tsjinspilers Jean-Paul Belmondo en Catherine Rouvel, dat ien fan 'e meast opbringende Frânske films aller tiden waard. Yn 1973 naam Delon boppedat yn in duët mei de Frânske sjongster Dalida it popliet Paroles, Paroles op, in oersetting fan it Italjaanske liet Parole, Parole.

Yn 1975 spile Delon de titelrol yn 'e Italjaansk-Frânske film Zorro, en in jier letter hied er de haadrol yn it bekroande Monsieur Klein. Yn 1983 fertolke er de rol fan 'e baron fan Charlus, in aristokratyske dandy, yn 'e filmadaptaasje Un Amour de Swann fan 'e lyknammige roman fan Marcel Proust. Delon wûn yn 1984 de César (de Frânske Oskar) yn 'e kategory bêste akteur foar syn rol as Robert Avranches yn 'e film Notre Histoire fan regisseur Bertrand Blier. Yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren en yn 'e 1990-er jierren folge in hiele searje flopte films. Ien út dat rychje dy't derút sprong wie Nouvelle Vague, út 1990, wêryn't Delon in twilling spile. Syn lêste grutte filmrol hied er yn 1998 yn Une Chance sur Deux, fan regisseur Patrice Leconte.

Desyllúzjonearre oer syn brekme oan súkses makke Delon yn 1997 bekend dat er it aktearjen deroan joech, hoewol't er neitiid op ynsidintele basis noch altyd rollen akseptearre. Underwilens leid er him mear ta op it oan 'e man bringen fan in hiele kolleksje produkten dy't ûnder syn namme ferkocht waarden, lykas horloazjes, klean, sinnebrillen, briefpapier en sigaretten. Syn sinnebrillen waarden benammen yn Hongkong tige populêr nei't akteur Chow Yun-fat se droech yn 'e film A Better Tomorrow út 1986. Underwilens wie Delon yn 1991 as ridder (chevalier) opnommen yn it Frânske Légion d'Honneur, in ûnderskieding dy't yn 2005 omset waard yn 'e hegere rang fan ofsier (officier). Yn 2019 waard oan Delon in Gouden Earepalm takend troch it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes.

Delon yn 2010 mei syn dochter Anouchka.

Delon ferloofde him op 20 maart 1959 mei de ferneamde Eastenrykske aktrise Romy Schneider. Under harren ferloving ûnderhold Delon lykwols ek in relaasje mei de Dútske aktrise en sjongster Nico. Dyselde brocht op 11 augustus 1962 syn soan Christian Aaron te wrâld. De jonge waard foar it meastepart troch Delon syn âlden grutbrocht en soe letter ûnder de namme Ari Boulogne karriêre meitsje as fotograaf. Yn desimber 1963 brieken Schneider en Delon harren ferloving ôf, wêrnei't Delon op 13 augustus 1964 mei it Frânske fotomodel Nathalie Barthélemy troude. Harren soan, de lettere akteur Anthony Delon, waard in moanne letter berne. Delon en Barthélemy skieden faninoar op 14 febrewaris 1969.

Underwilens wie Delon nammentlik yn 1968 op 'e set fan 'e film Jeff yn 'e kunde kommen mei de Frânske aktrise Mireille Darc, mei wa't er daliks in relaasje begûn dy't duorre oant 1982. Yn 1987 mette Delon it Nederlânske model Rosalie van Breemen op 'e set fan 'e fideoclip foar syn nûmer Comme au Cinéma. Hja begûnen in relaasje dy't al rillegau útrûn op gearwenjen. Delon en Van Breemen krigen twa bern: Anouchka, dy't op 25 novimber 1990 berne waard, en Alain-Fabien, dy't op 18 maart 1994 te wrâld kaam. Yn oktober 2002 giene Delon en Van Breemen útinoar.

Delon yn 2019.

Nasjonaliteit en wenplak

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 23 septimber 1999 naam Delon ek it Switserske steatsboargerskip oannommen, sadat er fan dy tiid ôf in dûbele nasjonaliteit hie. Hy wenne sûnt jierrenlang yn Chêne-Bougeries, yn it kanton Sjenêve. Letter kocht er it lânhûs La Brûlerie oan, yn it doarp Douchy, yn it Middenfrânske departemint Loiret, dêr't er oan syn dea ta wenjen bleau.

Delon kaam al ier yn syn karriêre yn opspraak troch syn bannen mei de ûnderwrâld, dy't û.m. fia de Korsikaanske gangster François Marcantoni rûn hawwe soene. Yn 1968 waarden beide mannen en de lettere Frânske presidint Georges Pompidou ymplisearre yn 'e moard op Delon syn eardere liifwacht Stevan Marković (dy't tefolle witten hawwe soe). Dy saak kaam lykwols omreden fan gebrek oan bewiis nea foar de rjochter. Yn 1969 waard de akteur yn Itaalje by ferstek feroardiele ta fjouwer moannen finzenisstraf foar de mishanneling fan in Italjaanske parsefotograaf. Yn in fraachpetear yn 2013 spriek Delon mei klam syn stipe út foar de ekstreem-rjochtse Frânske politike partij Front National. Yn febrewaris 2024 die de plysje in hûssiking by Delon en naam 72 fjoerwapens en 3.000 patroanen yn beslach, mei't de akteur foar it besit fan dat arsenaal gjin inkele fergunning hie.

Delon rekke yn juny 2019 yn 'e minnichte, doe't er in oerhaal krige nei't er in skoft te lijen hân hie fan tûzelsinnigens en pineholle. Yn 2022 waard by him ek lymfeklierkanker fêststeld. Nei't syn soan Anthony yn syn autobiografy Entre chien et loup skreaun hie dat syn heit eutanasy as "wat folslein logysks en natuerliks" beskôge, waard der yn 'e Frânske media oer spekulearre dat de Delon in natuerlike dea net ôfwachtsje soe, mar neffens syn djipdrôven kaam de akteur op 18 augustus 2024 yn syn wente yn Douchy fredich te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 88 jier.

  • 1967 – Laetitia (foar de soundtrack fan Les Aventuriers)
  • 1973 – Paroles, paroles (single mei Dalida)
  • 1983 – Thought I'd Ring You (single mei Shirley Bassey)
  • 1985 – I Don't Know (mei Phyllis Nelson, foar de soundtrack fan Parole de flic)
  • 1987 – Comme au cinéma (single)
  • 2006 – Modern Style (fan Françoise Hardy, mei Alain Delon)
  • 2013 – Les Moulins de mon cœur (foar de auditive blomlêzing út it wurk fan Michel Legrand)
  • 2019 – Je n'aime que toi (single)
Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1949Le raptgangsterkoarte film
1957Quand la femme s'en mêleJoynternasjonale titel: Send a Woman When the Devil Fails
1957Sois belle et tais-toiLoulouynternasjonale titel: Be Beautiful But Shut Up
1958ChristineFranz Lobheiner
1959Faibles FemmesJulien Fenalynternasjonale titel: Women Are Weak
1959Le Chemin des écoliersAntoine Michaudynternasjonale titel: Way of Youth
1960Plein soleilTom Ripleyynternasjonale titel: Purple Noon
1960Rocco e i Suoi FratelliRocco Parondiynternasjonale titel: Rocco and His Brothers
1961Quelle joie de vivreUlysse Cecconatoynternasjonale titel: The Joy of Living
1961Les Amours célèbreshartoch Albrecht III fan Beierenynternasjonale titel: Famous Love Affairs
1962L'EclissePiero
1962Die Rotepassazjier yn Feneesjecameo; net fermeld op 'e ôftiteling; ynternasjonale titel: Redhead
1962Le Diable et les Dix CommandementsPierre Messagerynternasjonale titel: The Devil and the Ten Commandments
1963Il gattopardoprins Tancredi Falconeriynternasjonale titel: The Leopard
1963Mélodie en sous-sol Francis Verlotynternasjonale titel: Any Number Can Win
1963Carambolagesdhr. Lambertnet fermelden op 'e ôftiteling; ynternasjonale titel: Carom Shots
1964La Tulipe noireGuillaume de Saint Preux
Julien de Saint Preux
de Swarte Tulp
ynternasjonale titel: The Black Tulip
1964Les FélinsMarcynternasjonale titel: Joy House
1964L'amour à la merfilmakteurynternasjonale titel: Love at Sea
1964L'InsoumisThomas Vlassenrootynternasjonale titel: The Unvanquished; ek filmprodusint
1964The Yellow Rolls-RoyceStefano
1964Le journal d'un combatn.f.t.koarte film; produsint
1965Les Tueurs de San FranciscoEddie Pedakynternasjonale titel Once a Thief
1966Lost Commandkaptein Philippe Esclavier
1966Texas Across the Riverdon Andrea Baldazar
1966Paris brûle-t-il?Jacques Chaban-Delmasynternasjonale titel Is Paris Burning?
1967Les AventuriersManu Borelliynternasjonale titel The Last Adventure
1967Le SamouraïJef Costelloynternasjonale titel The Samurai
1967Diaboliquement vôtrePierre Lagrange
Georges Campo
ynternasjonale titel Diabolically Yours
1968Histoires extraordinairesWilliam Wilsonynternasjonale titel Spirits of the Dead
1968La motocycletteDanielynternasjonale titel The Girl on a Motorcycle; ek produsint
1968Adieu l'amiDino Barranynternasjonale titel Farewell, Friend
1968Ho!man yn lofthavencameo; net fermelden op 'e ôftiteling
1969La PiscineJean-Paul Leroyynternasjonale titel The Swimming Pool
1969JeffLaurentek produsint
1969Le clan des SiciliensRoger Sartetynternasjonale titel The Sicilian Clan
1970BorsalinoRoch Siffrediek produsint
1970Sortie de secoursn.f.t.produsint
1970Le Cercle RougeCoreyynternasjonale titel The Red Circle
1970MadlyJulien Dandieuynternasjonale titel The Love Mates; ek produsint
1971Fantasia chez les ploucsin kaïdcameo; net fermelden op 'e ôftiteling; ynternasjonale titel Fantasia Among the Squares
1971Doucement les bassesSimon Médieuynternasjonale titel Easy, Down There!; ek produsint
1971La planète des hommesn.f.t.koarte film; produsint
1971Soleil rougeGaucheynternasjonale titel Red Sun
1971La Veuve CoudercJean Lavigneynternasjonale titel The Widow Couderc
1972Il était une fois un flicman dy't oanbelletcameo; net fermelden op 'e ôftiteling
1972L'assassinat de TrotskyFrank Jacsonynternasjonale titel The Assassination of Trotsky
1972La Prima Notte di QuieteDaniele Dominiciynternasjonale titel Indian Summer; ek produsint
1972Un flickommissaris Édouard Colemanynternasjonale titel A Cop
1973Traitement de chocdokter Devilersynternasjonale titel Shock Treatment
1973ScorpioJean Laurier
Scorpio
1973Les granges brûléesrjochter Pierre Larcherynternasjonale titel The Burned Barns
1973Tony ArzentaTony Arzentaynternasjonale titel No Way Out; ek produsint
1973Deux hommes dans la villeGino Strabliggiynternasjonale titel Two Men in Town; ek produsint
1974La race des seigneursJulien Dandieuynternasjonale titel Creezy
1974Les seins de glaceMarc Rilsonynternasjonale titel Icy Breasts; ek produsint
1974Borsalino & Co.Roch Siffrediek produsint
1975Zorrodon Diego de la Vega
Zorro
1975Flic StoryRoger Bornicheynternasjonale titel Cop Story; ek produsint
1975Le GitanHugo Sennartynternasjonale titel The Gypsy; ek produsint
1976Monsieur KleinRobert Kleinynternasjonale titel Mr. Klein; ek prosudint
1976Comme un boomerangJacques Batkinynternasjonale titel Boomerang; ek produsint en senarioskriuwer
1977Le GangRobert "le Dingue"ynternasjonale titel The Gang; ek produsint
1977Armaguedondokter Michel Ambroiseynternasjonale titel Armageddon; ek produsint
1977L'homme presséPierre Nioxynternasjonale titel Man in a Hurry; ek produsint
1977Mort d'un pourriXav Maréchalynternasjonale titel Death of a Corrupt Man; ek produsint
1978Attention, les enfants regardent"The Man"ynternasjonale titel Attention, the Kids Are Watching; ek produsint
1978Le Jeu de la puissancen.f.t.ynternasjonale titel Power Play; produsint
1979The Concorde ... Airport '79Paul Metrand
1979Le toubibJean-Marie Despréeynternasjonale titel The Medic; ek produsint
1980Trois hommes à abattreMichel Gerfautynternasjonale titel Three Men to Kill; ek produsint en senarioskriuwer
1980Téhéran 43: Nid d'espionsynspekteur Georges Focheynternasjonale titel Teheran 43
1981Pour la peau d'un flicChoucasynternasjonale titel For a Cop's Hide; ek regisseur, produsint en senarioskriuwer
1982Le chocMartin Terrier
Christian
ynternasjonale titel Shock; ek ko-regisseur en senarioskriuwer
1983Le BattantJacques Darnayynternasjonale titel The Fighter; ek regisseur, produsint en senarioskriuwer
1983Le jeune marién.f.t.produsint
1984Un amour de SwannPalamède de Guermantes, baron fan Charlus  ynternasjonale titel Swann in Love
1984Notre histoireRobert Avranchesynternasjonale titel Our Story; ek produsint
1985Parole de flicDaniel Prattynternasjonale titel Cop's Honour; ek produsint en senarioskriuwer
1986Le passageJean Diazynternasjonale titel The Passage; ek produsint en senarioskriuwer
1986Les prosn.f.t.koarte film; produsint
1988Ne réveillez pas un flic qui dortkommissaris Eugène Grindelynternasjonale titel Let Sleeping Cops Lie; ek produsint en senarioskriuwer
1990Nouvelle VagueLui
Roger Lennox
Richard Lennox
ynternasjonale titel New Wave
1990Dancing MachineAlan Wolfek produsint en senarioskriuwer
1992Le retour de CasanovaGiacomo Casanovaynternasjonale titel The Return of Casanova; ek produsint
1993Un crimeCharles Dunandynternasjonale titel A Crime; ek produsint en senarioskriuwer
1994L'ours en pelucheJean Rivièreynternasjonale titel The Teddy Bear
1995Les cent et une nuits de Simon Cinémahimselsynternasjonale titel One Hundred and One Nights
1997Le jour et la nuitAlexandreynternasjonale titel Day and Night
1998Une chance sur deuxJulien Vignalynternasjonale titel Half a Chance
2000Les acteurshimselsynternasjonale titel Actors
2008Astérix aux Jeux olympiquesJulius Caesarynternasjonale titel Asterix at the Olympic Games
2012S Nov'im Godom, Mam'!himselsynternasjonale titel Happy New Year, Moms!
2019Toute ressemblance...himselsynternasjonale titel: Disclaimer
tillefyzje
1962Le chienLuitillefyzjefilm
1978Le bel indifférentÉmiletillefyzjefilm
1987Dear America: Letters Home from Vietnam  n.f.t.voice-over by in dokumintêre
1988CinémaJulien Mandaminysearje
2002Fabio MontaleFabio Montaleminysearje
2003Le lionJohn Bullittillefyzjefilm
2003–2004Frank RivaFrank Rivaminysearje; ek produsint
2010Un mari de tropMaxime de Rougemonttillefyzjefilm
2011L'Occupation intimen.f.t.voice-over by in dokumintêre

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.