Hồ Chí Minh
Appearance
(Trochferwiisd fan Ho Chi Minh)
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
- N.B.: Dit is in Fjetnameeske namme. De famyljenamme is Hồ, de middelnamme is Chí, en de foarnamme is Minh. Utsûnderingsgefallen bûten beskôging litten, is it wizânsje om lju mei in Fjetnameeske namme oan te tsjutten mei de foarnamme. Dit is lykwols sa'n útsûnderingsgefal, mei't Hồ Chí Minh in skûlnamme wie fan in polityk lieder dy't bekend kaam te stean as Hồ of bác Hồ ("omke Hồ"). Syn wiere namme wie Nguyễn Sinh Cung.
Hồ Chí Minh (yn it Westen ornaris foutyf stavere as Ho Chi Minh; 19 maaie 1890 - 2 septimber 1969) wie in Fjetnameesk revolúsjonêr en kommunistysk politikus.
Hy stifte yn 1930 yn Hongkong de Yndosineeske Kommunistyske Partij. Nei de nederlaach fan Frankryk yn 1940 en de besetting fan Yndo-Sina troch de Japanners (1940-1941) organisearre hy de Fjetminh. Yn 1945 waard Hồ Chí Minh de earste presidint fan de Demokratyske Republyk Fjetnam (Noard-Fjetnam) en fan 1945 oant 1955 wie hy tagelyk premier.