Cowboy
In cowboy (of cowgirl, as it om in frou giet) is in feedriuwer dy't op syn hynder kij hoedet op feepleatsen (ranches) yn 'e westlike Feriene Steaten en de Kanadeeske provinsje Alberta, en dêropta faak noch in grutte hoemannichte oare putten opknapt. Histoarysk ûntjoech de Noardamerikaanske cowboy him út 'e âldere vaquero fan noardlik Meksiko, dy't wer tebekgie op in sels noch âldere tradysje út Spanje. Op it Ibearysk Skiereilân kinne de foarrinners fan 'e cowboys weromtrasearre wurde oant yn 'e Midsiuwen. Benammen ûnder de tiid fan it saneamde Wylde Westen, rûchwei de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, ûntwikkele de cowboy him ta legindarysk en ikoanysk figuer, dy't oan 'e widze fan it westernsjenre stie yn 'e literatuer, film en keunst.
Klean en wapens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn westernfilms wurdt de cowboy ornaris foarsteld as in ûnskearde keardel mei in stetson (cowboyhoed) op 'e plasse, in bandana (bûsdoek) om 'e hals (tsjin it stof, om oer it gesicht te lûken), op rydlearzens mei spoaren, en klaaid yn broek, boesgroentsje en mouleas baitsje, mei skonkbeskermers oer de broek hinne en in mulrym mei oan wjerskanten in revolver. Dat is eins in frij akkuraat byld, al waard by it feedriuwen yn 'e regel in stofjas (duster) oer de klean hinne droegen. Allinnich it idee dat cowboys twa pistoalen by har hiene, doocht net. Oan ien hiene se mear as genôch, en oars as dat de westerns úthâlde, waard sa'n revolver, almeast in Colt .45, yn 'e regel inkeld brûkt om fee mei op te driuwen troch yn 'e loft te sjitten, of om rattelslangen en oar ûnrant (sa't dat doe sjoen waard) mei dea te sjitten. Guon cowboys droegen trouwens hielendal gjin pistoalen, mei't hja har ek skoan rêde koene mei allinnich it gewear, faak fan it merk Winchester, dat se yn in foedraal oan it seal hingjen hiene.
De stetson, dy't in symboal fan it Wylde Westen wurde soe, wie nei gedachten it handichste klaaiïngsstik fan 'e cowboy. De hoed tsjinne om him te beskermjen tsjin sinne en rein, holp om stof en swit út syn eagen te hâlden, waard nachts oer de eagen lutsen tsjin it ljocht fan it kampfjoer, en koe teffens brûkt wurde om in ferkuoljend slokje wetter út in rivier mei op te skeppen, as men gjin kop by de hân hie. De cowboydracht dy't it populêrst wurden is, is lykwols de spikerbroek, dy't oarspronklik yn 1850 troch Levi Strauss ûntwurpen waard foar mynwurkers, mar dy't al rillegau troch cowboys oernommen waard. Hjoed de dei wurdt de spikerbroek oer de hiele wrâld droegen, faak sûnder dat de dragers harren bewust binne fan it komôf fan har stik klean.
Identiteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In protte cowboys út 'e heechtijdagen fan it feedriuwen yn it Wylde Westen, sis mar rûchwei tusken 1865 en 1885, wiene feteranen út 'e Amerikaanske Boargeroarloch, sawol fan Súdlike as Noardlike kant, dy't neitiid wer thúskamen en dêr gjin takomst hiene (of wa har thús oft yn 'e oarloch sels alhiel ferwuostge wie). Wat frij ûnbekend is om't it net út 'e westerns nei foarren komt, is dat in relatyf grut tal cowboys eardere negerslaven wiene, dy't nei de ôfskaffing fan 'e slavernij yn it Amerikaanske Suden nei it Westen ta doarme wiene op 'e syk nei in nij bestean. Fierders wiene der ek in soad Meksikanen ûnder, faak lânseigen Tejanos út Teksas. Oare cowboys wiene fan Yndiaansk of heal-Yndiaansk komôf, en teffens wiene der in protte ymmigranten fan 'e earste generaasje ûnder, út Ingelân, Skotlân, Ierlân, Dútslân, Sweden en oare lannen. Hast allegear wiene se jong, tweintigers of sels tiners. De froulike cowboy of cowgirl kaam ek al yn 'e njoggentjinde iuw foar, mar hie in minder goed dokumintearre histoaryske rol.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is wierskynlik gjin oar berop dêr't safolle myten oer besteane as oer dat fan 'e cowboy. Yn wurklikheid hiene cowboys in dreech libben, dat fierhinne draaide om 'e beide round-ups, it byinoar driuwen fan it fee, hjerstmis en by 't maityd. Dêrtuskenyn moasten cowboys útride oer de range (de iepen prêrje), om it fee fan harren wurkjouwers yn 'e rekken te hâlden, dat it net te fier ôfdwale of stellen wurde koe. As it fee ienris byinoar dreaun wie yn in kraal (corral; in mei hikken ôfsletten romte), moasten de bisten ien foar ien mei de lasso fongen wurde. De measten waarden dan selektearre foar de slacht, wylst in minderheid beholden bleau om fierder mei te fokken. Se krigen allegear in brânmerk wêroan't te sjen wie wa't de eigner wie, en de measte bollen waarden kastrearre. Dêrnei waard it slachtfee opdreaun nei de saneamde feestedsjes (cattle towns) oan it spoar, lykas Abilene, Kansas City, Dodge City en Ellsworth. Dêr waard it ferkocht om fia it spoar nei de slachthuzen yn St. Louis en Chicago ta brocht te wurden.
Op sa'n cattle drive wie der yn 'e regel mar ien cowboy foar eltse 250 kij, wylst de bisten dei en nacht yn it each holden wurde moasten, mei't se samar ôfdwaalden en fan it minste of geringste op 'e rin slaan koene yn in saneamde stampede. Oerdeis moasten de bisten boppedat yn 'e juste rjochting yn beweging holden wurde, en rieden de cowboys by drûch waar yn it stof dat troch it fee opsmiten waard, en by wiet waar yn 'e rein en de troch it fee feroarsake drek. Al mei al wiene it gauris wurkdagen fan fjirtjin oeren of mear, mei mar in oerke as seis sliep, faak net iens efterinoar. It wie slopend wurk mei mar in pear minuten ûntspanning oan it begjin en de ein fan 'e dei, en in dieet dat bestie út spek, beane, bôle, kofje, drûge fruchten en jirpels. Hoewol't whiskey yn it Westen rûnombywêzich wie, útsein ûnder de mormoanen, wa har leauwe oft it ynnimmen fan alkohol ferbiedt, waard it de cowboys as se mei fee ûnderweis wiene ornaris troch har wurkjouwer ûntsein, krekt as gokken, fjochtsjen en soms flokken. As se ienris it feestedsje berikt hiene dêr't de kij ferkocht waarden, hiene de cowboys neitiid in hoart lins, sadat se harren dreech fertsjinne jild ferdrinke, fergokke en ferhuorrejeie koene. Winterdeis ferhierden in protte cowboys harsels oan ranches deunby de feestedsjes, dêr't se de gebouwen en it ark en reau reparearren en ûnderholden.
Yn trochsneed fertsjinne in cowboy $30 oant $40 de moanne. Om't it wurk lichaamlik en geastlik swier wie (en noch ientoanich dêropta), wie it útsûnderlik as men langer as in jier as sân cowboy bleau. Yn 'e 1880-er jierren, doe't troch de oanhâldende kolonisaasje fan it Westen it feeweidzjen op 'e iepen prêrje en it feedriuwen oer lange ôfstannen stadichoan plakmakke foar ôffrede feepleatsen, rekke it berop fan cowboy dêrmei ek yn it neigean, en tsjin 'e midden fan 'e 1890-er jierren wie it dien mei de gloarjedagen fan 'e cowboys, wylst doe de myten dêroer krekt de kop begûnen op te stekken.
Oarsoartige cowboys
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In spesjaal soarte cowboy, de wrangler, lei him ta op it fersoargjen en hoedzjen fan hynders ynstee fan kij. Ek yn oare dielen fan 'e wrâld, benammen Súd-Amearika en Austraalje, binne der feedriuwers dy't fierhinne itselde wurk op deselde wize ferrjochtsje as cowboys:
- Argentynje, Oerûguay en Paraguay: gaucho
- Austraalje: stockman of ringer
- súdlik Brazylje: gaúcho
- de Camargue (súdlik Frankryk): gardian
- Fenezuëla: llanero
- Hawaï: paniolo
- Hongarije: gulyá (kij) en csikó (hynders)
- Meksiko: charro
- Perû: chalan
- Sily: huaso
- Toskane (Itaalje): buttero
De cowboy hjoed de dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ek hjoed de dei bestiet de cowboy noch. Neffens gegevens fan it Amerikaanske Buro foar Arbeidsstatistyk wiene der yn 2003 yn 'e Feriene Steaten 9.730 feedriuwers beropsmjittich aktyf, dy't trochinoar $19.340 jiers fertsjinnen. (Dêrby binne njonken 'echte cowboys' ek lju meiteld dy't hynders, skiep, geiten, bargen en oare soarten fee hoedzje). In oansjenlik diel fan 'e hjoeddeiske cowboys nimt diel oan rodeo's, wedstrydeveneminten wêrby't de tradisjonele feardichheden fan 'e cowboy ta foarm fan sport makke binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.
|