Cornelis Reisma

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Cor Reisma")
Gean nei: navigaasje, sykje

Cornelis (Cor) Reisma (Stienwyk, 9 desimber 1902 - Ljouwert, 17 maaie 1962) wie in Frysk skilder, yllustrator en glêzenier út Ljouwert.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reisma bedarre mei 11 jier, nei't syn heit stoarn wie, yn Fryslân. Hy wenne in skoft by syn pake en beppe yn Stiens. Nei de ulo waard er ynearsten oplaat ta wetterboukundige oan de mts yn Ljouwert.

Reisma makke yn jierren tritch de oerstap nei de keunst, joech syn baan op folge dêrnei in oplieding oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam (1931-1933). Dêr krige er ûnderrjocht fan ûnder oarer perfester Jurres. Hy wie yn it earstoan in frij tradysjonele realist en dêrnei in jier of wat fynskilder. Hy wûn de Cohen Gosschalkpriis (1933) en de Willink van Collenpriis (1935).
Under syn oplieding oan de Akademy fan Antwerpen (1938-1939), ûnder Isidore Opsomer, krijt syn wurk in wat gruttere toets en in rike kleur. Der is bytiden in ekspresjonistysk aksint en noch letter hast abstrakt. Reisma wie net allinne skilder, mar joech ek les en skreau keunstresinsjes foar Het Vrije Volk.

Syn wurk bestiet út lânskippen, stillibbens en portretten. Ek wandskilderingen, brânskildere ramen en mozaïken hearre ta syn wurken. In stillibben mei 'stienen kruken in tinnen skaal jirpels' út 1943 is oankocht troch de Friesland Bank.

Reisma hie graach in grutter oeuvre neilitten, mar perioaden fan sykwêzen behinderen him om te arbeidzjen.[1] Hy stoar yn de âldens fan 59 jier yn it Diakonessehûs yn Ljouwert.

Inkele wurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rút yn it stedhûs fan Boalsert

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Reisma, Cornelis.
  • Ljouwerter Krante, 19 septimber 1942
  • Kroanyk fan Keunst en Kultuer, oktober 1949
  • J.J. Kalma, Repertorium Frieslands Verleden ( Ljouwert, 1955 )

Noat:

  1. "Cor Reitsma had Friesland, zijn leven en werk onstuimig lief" yn Leeuwarder Courant, 29 maai 1962