Springe nei ynhâld

Charles Varnum

Ut Wikipedy
Charles Varnum
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Charles Albert Varnum
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 juny 1849
berteplak Troy (New York)
stoarn 26 febrewaris 1936
stjerplak San Francisco (Kalifornje)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid 18721908 & 19121919
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiel lânmacht
Amerikaanske Leger
heechste rang kolonel (WWI)
befel B Komp./Am. 7e Kav.reg.
konflikt(en) Yellowstone-ekspedysje
Ekspedysje nei de Black Hills
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Nez Persé-Oarloch
Geastedûnsoarloch
Amerikaansk-Filipynske Oarloch
treffen(s) Slach oan de Little Bighorn
Slach by Canyon Creek
Slach by Bear Paw
Bloedbad fan Wounded Knee
Gefjocht by Drexel Mission
ûnderskiedings Medal of Honor 1897

Charles Varnum (folút: Charles Albert Varnum; Troy (New York), 21 juny 1849San Francisco (Kalifornje), 26 febrewaris 1936) wie in Amerikaansk militêr fan etnysk Ingelsk komôf, dy't de measte bekendheid krige as de befelhawwer fan 'e ferkennersienheid fan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint ûnder luitenant-kolonel George Armstrong Custer. Yn dy hoedanichheid focht er yn 1876, ûnder de Grutte Sû-Oarloch, mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn. Neitiid wied er ek belutsen by de Nez Persé-Oarloch, it Bloedbad fan Wounded Knee en de Amerikaansk-Filipynske Oarloch.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en iere tsjinst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Varnum waard yn 1849 berne yn Troy, yn 'e Amerikaanske steat New York, as in telch út in begoedige famylje mei in sterke militêre tradysje. Syn heit wie John Varnum, dy't it ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch ta majoar brocht en letter ferfear nei Pensacola, yn 'e Florida Panhandle, dêr't er him ûntjoech ta in foaroansteand pleatslik politikus en bestjoerder. Sels studearre Varnum yn 1872 ôf oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, as de op sechstjin nei bêste fan syn klasse fan 57 kadetten.

Mei de rang fan twadde luitenant waard Varnum doe tafoege oan it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat legere wie yn Fort Abraham Lincoln yn 'e Dakota's. As ofsier fan Kompanjy A fan dat rezjimint naam er diel oan ferskate militêre ekspedysjes, wêrûnder de Yellowstone-ekspedysje, yn 1873, en de kontroversjele Ekspedysje nei de Black Hills, yn 1874.

Tsjinst ûnder de Grutte Sû-Oarloch fan 1876

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1876 de Grutte Sû-Oarloch útbriek, waard Varnum fan A Kompanjy detasjearre en oan it haad pleatst fan 'e ferkennersienheid fan it rezjimint, dy't bestie út 26 Arikara- en 6 Kro-Yndianen en ferskate blanken, wêrûnder Bluodderich Mês, Blanke-Man-Regearret-Him, Fred Gerard, Giet-Foarút, Heal Giel Gesicht, Hierrige Mokassin, Krolhier, Reade Stjer, Charley Reynolds en Wite Swan. Varnum syn taak bestie derút om opdracht te jaan ta it útfieren fan ferkenningsmisjes en om 'e dêrút fuortkommende rapportaazjes te koördinearjen en troch te jaan oan 'e befelfierend ofsier fan it rezjimint, luitenant-kolonel George Armstrong Custer.

Under de simmerkampanje fan 1876 ûntdieken Varnum syn ferkenners spoaren fan grutte groepen Yndianen yn omkriten fan 'e Delling fan 'e Little Bighorn, yn súdlik Montana. Op 'e iere moarn fan 25 juny 1876 beselskippen hy en Custer de seis Kro-ferkenners nei in hichte dy't fan Crow's Nest ("Kraaienêst") neamd waard. Dêrwei koe men frij útsjen oer de delling. De ferkenners waarden oanwizings foar de oanwêzigens fan in grutte keppel hynders gewaar, en seagen de reek fan gâns kampfjurren, hoewol't it kamp fan 'e Lakota en Noardlike Sjajinnen sels net sichtber wie. Custer koe sels neat ûngewoans oan 'e delling gewaarwurde, en negearre de warskôging fan 'e ferkenners, dy't him oerbrocht waard troch de tsjinsten fan tolk Mitch Bouyer, dat it om in útsûnderlik grut doarp gie en dat in striid hjir net te winnen wie.

Under de doe folgjende Slach oan de Little Bighorn makken Varnum en de measten fan syn ferkenners diel út fan it detasjemint fan majoar Marcus Reno, dat it Yndiaanske doarp út it suden wei oanfoel. Dêrby waarden de ferkenners ûnder lieding fan Varnum op 'e lofterflank fan Reno syn liny fan trije kompanjyen pleatst, om't de rjochterflank beskerme waard troch ticht strewelleguod dat by in bocht fan 'e rivier de Little Bighorn lâns groeide. Troch de grutte nûmerike oermacht fan 'e Lakota en Sjajinnen waard Reno lykwols al rillegau twongen om him werom te lûken. Dy weromtocht rûn út op in gaoatyske flecht, wêrby't Reno hast in trêdepart fan syn mannen ferlear. It oansleine detasjemint naam posysje yn op in klif oare kant de rivier, dêr't se koarte tiid letter fersterke waarden troch it detasjemint fan kaptein Frederick Benteen. Neitiid waarden de troepen op it klif, dêr't ek Varnum ta hearde, oardel dei lang belegere troch de Yndianen foar't se ûntset waarden troch de oankomst fan farske Amerikaanske troepen.

Lettere jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei ôfrin fan 'e Slach oan 'e Little Bighorn tsjinne Varnum fan novimber 1876 oant oktober 1879 as kertiermaster fan it 7e Kavaleryrezjimint. Yn 1877 focht er ûnder de Nez Persé-Oarloch yn 'e Slach by Canyon Creek en de Slach by Bear Paw yn westlik Montana en Idaho tsjin 'e Nez Persé. Yn 'e 1880-er jierren wie Varnum legere yn ferskate forten yn it Wylde Westen, en troude er mei in Mary Alice Moore (1865-1935), mei wa't er trije bern krige. Ien dêrfan stoar yn 1889 twa wiken nei de berte.

Yn 1890 hie Varnum yn 'e saneamde Geastedûnsoarloch mei de rang fan kaptein it befel oer B Kompanjy fan it 7e Kavaleryrezjimint ûnder it kweaferneamde Bloedbad fan Wounded Knee, wêrby't op 29 desimber ûnder barre winterske omstannichheden in grutte groep fan yn 't foar fierhinne ûntwapene oanhingers fan 'e Yndiaanske geastedûnsbeweging ôfslachte waard, mei 297 deaden ta gefolch, meast froulju en bern. De deis dêrop toande Varnum moed yn it Gefjocht by Drexel Mission, wêrmei't er de feilige weromlûking fan syn kompanjy bewissige. Foar syn rol yn dat treffen waard him op 22 septimber 1897 de Medal of Honor takend, de heechste Amerikaanske militêre ûnderskieding.

Yn 1901 waard Varnum befoardere ta majoar, en yn 1905 ta luitenant-kolonel. Yn septimber fan dat jier waard er oerpleatst nei de Filipinen om yn 'e slepende Filipynsk-Amerikaanske Oarloch te fjochtsjen, dy't útbrutsen wie doe't de Feriene Steaten de arsjipel yn 1898 fan it Spaanske koloniale bewâld befrijd hiene, mar der doe in eigen koloanje fan makken wylst de Filipynske befolking op ûnôfhinklikheid tidige hie. Op 31 oktober 1907 swaaide Varnum ôf út it Amerikaanske Leger, hoewol't er dêrnie noch in jier yn 'e milysje fan Idaho tsjinne.

Nei't er de aktive tsjinst ferlitten hie, waard Varnum heechlearaar kriichswittenskippen oan 'e Universiteit fan Maine, en fan 1912 ôf kearde er werom yn it leger as in rekrutearringsofsier. Nei't er ûnder de Earste Wrâldoarloch noch befoardere wie ta kolonel, gied er op 8 april 1919 foargoed mei pinsjoen. Varnum ferstoar yn 1936 yn it Letterman Hospitaal fan it Presidio, in legerbasis yn San Francisco, as de lêste oerlibjende ofsier dy't yn 'e Slach oan de Little Bighorn fochten hie. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak fan San Francisco.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.