Catharina Rebecca Woesthoven
Catharina Rebecca Woesthoven | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 25 april 1763 | |
berteplak | Dantumawâld (Fryslân (provinsje)) | |
stoarn | 1 maaie 1828 | |
stjerplak | Amsterdam (Hollân (provinsje)) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | húsfrou | |
reden bekendheid |
troud mei Willem Bilderdijk |
Catharina Rebecca Woesthoven (Dantumawâld, 25 april 1763 – Amsterdam, 1 maaie 1828) wie de eks-frou fan Willem Bilderdijk.
Jeugd en ûnderwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Catharina wie in dochter fan Jehannes Woesthoven (1722-1794), kornet yn it Steatske leger, en Wiepke Jacobs (stoarn 1766) dy't sûnt 1756 yn Dantumawâld wennen. Yn 1764 doe’t Catharina 1 jier âld wie ferfear de hûshalding nei it westen fan de Republyk fan de Sân feriene Nederlannen. Twa jier letter, yn 1766 ferstoar har mem. De húshâlding bestie doe út Catharina Rebecca, Maria Petronella Woesthoven, Jehannes Jacobus (jong ferstoarn) en Jehannes Woesthoven. Letter yn 1767 troude har heit fannijs mei de Haachske Hendrika Bloemendaal, dat houlik bleau sûnder bern. It gesin feroare geregeld fan wenplak, om reden fan de heit syn militêre karriêre. Se wennen yn De Haach, Oostzanen en Wageningen, dêr't har heit 1772 beneamd waard ta majoar. Yn de tiid dat de húshâlding yn Wageningen wenne soarge harren styfmem derfoar dat Catharina en Maria thúsûnderwiis krigen yn de fakken Ingelsk, Frânsk en Dútsk, skiednis en letterkunde.
Houlik en skieding mei Willem Bilderdijk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't Catharina 6 moanne swier wie troude se mei Willem Bilderdijk, se wie doe 22 jier âld. Ut it houlik folgen 5 bern: Louise Sibilla Bilderdijk (1785-1832), Elius Isaäc Bilderdijk (1791-1813) en de oare 3 bern binne jong ferstoarn. Louise waard grutbrocht troch Catharina har suster Maria. Doe't Catharina har dochter Louisa wer by har yn 'e hûs nimme woe, wie har eks-man Bilderdijk har foar en helle har nei Brunswyk (Dútslân).
Catharina en Willem wiene net earm, dat wie te sjen oan it feit dat harren houlik yn de earste klasse fan houliksbelesting foel. Mar nettsjinsteande de rykdom wie it gjin lokkich houlik. Willem wie tige driftich en ritich. Hy easke in soad fan har en koe net folle hawwe as se wat fout die yn syn eagen. Yn 1795 waard Willem Bilderdijk ferbanne, hy woe nammentlik gjin loyaliteitsferklearring ûndertekenje nei de ynfal fan de Frânsen yn 1795. Doe bleau Catharina efter mei de skulden fan Willem (wiene yn mienskip fan goed troud). Se waard dus ôfhinklik fan de finansjele stipe fan famylje en it ferkeapjen fan besit, lykas in biblioteek.
Yn 'e tuskentiid hie Willem nammentlik trije bern krigen mei Katharina Wilhelmina Schweickhardt. Willem en Catharina hienen sûnt 1793 net mear tegearre slept en yn 1795 wie er dus fysyk ek fuort. Yn 1801 frege Catharina in echtskieding oan, by de Amsterdamske rjochtbank mei as reden kweawillige ferlitting; de fereaske termyn fan sân jier wie maklik oantoanber.
Yn febrewaris 1802 waard de skieding utsprutsen sûnder de oanwêzigens fan Willem; hy waard feroardield ta proseskosten. Elius kaam by Catharina har efterneef Christiaan Woesthoven (1726-1807) - in begoedige keapman dy't yn Amsterdam oan de Binnen-Amstel wenne - te wenjen mei syn mem. Louise Sybilla kaam by har heit yn Brunswyk te wenjen. Yn de jierren dy't folgen waard Catharina wer in rike frou troch erfenissen, ûnder oare fan har efterneef.
Houlik en skieding mei Johan Liebrecht van Westreenen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1809 troude Catharina mei offisier Johan Liebrecht van Westreenen, in widner út De Haach. Der waarden wiidweidige houliksbetingsten opsteld, har kapitaal behearde sy sels sûnder ferantwurding schuldich te wêzen oan har echtgenoat, ek net by in eventuele skieding. In heal jier letter wie de skieding al safier. Johan krige alle jieren 2000 gûne ek nei Catharina har dea en ferliet it echtlik hûs.
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Catharina wie oan it ferhúzjen nei Sassenheim doe't sy ynienen stoar op 1 maaie 1828 yn it hûs oan de Binnen-Amstel. Har guod is oankommen allinnich Catharina sels noait.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Huygens Instituut |