Springe nei ynhâld

Maria Petronella Woesthoven

Ut Wikipedy
Maria Woesthoven
Portret fan Leonardus Temminck

Maria Petronella Woesthoven (Dantumawâld, 25 oktober 1760 - Amsterdam, 26 jannewaris 1830), wie in Nederlânsk dichteresse. Tiidgenoaten priizgen har wurk en sy wûn ferskate prizen mei har gedichten.

Maria wie in dochter fan Jehannes Woesthoven (1722-1794), kornet yn it Steatske leger, en Wiepke Jacobs (stoarn 1766) dy't sûnt 1756 yn Dantumawâld wennen. Yn 1764 ferfear de hûshâlding nei it westen fan it lân. Doe’t Maria seis jier wie ferstoar har mem. Meidat har heit militêr wie moast de húshâlding geregeldwei ferhúzje. Sa wennen hja yn De Haach, Oostzanen en Wageningen, dêr’t heit Jehannes majoar waard.

Jehannes syn twadde frou Hendrika Bloemendaal soarge derfoar dat Maria en har suster Catharina (dy't mei Willem Bilderdijk trouwe soe) ûnderrjocht krigen waarden yn Ingelsk, Frânsk en Dútsk, mar ek krige hja skiednis en letterkunde. Letter studearre Maria wiskunde by Gerrit Brender à Brandis, oprjochter fan it Amsteldamse Dicht- en Letteroefenend Genootschap. De Utertske heechlearaar Jan Frederik van Beeck Calkoen joech har wiskunde en stjerrekunde.

Se waard 1786 lid fan it 'Amsteldamse Dicht- en Letteroefenend Genootschap' en ek fan Kunst Wordt door Arbeid Verkregen. Sy die mei oan bestjoersfergaderingen yn 1790–94 (doe net wenstich foar froulju) en wie lid fan it kommittee fan beöardieling yn 1793–94. Dat lêste makke har wierskynlik de boargerfrou mei de heechste posysje yn in genoatskip fan har tiid. Sy krige in gouden medalje foar it gedicht Amsteldamse (1787) en sulveren medaljes foar Kunstliefde Spaart Geen Vlijt (1788) en De invloed van een vast geloof aan de voorzienigheid (1789).

Maria boaske 1785 mei de Amsterdamske notaris Samuel Elter. Sy krigen in soan, Freark. Yn 1803 gienen hja lykwols út elkoar. Har man woe hawwe dat hja mei oare manlju omsloech en de rjochter joech him gelyk. Dochs waard harren soan oan Maria tawiisd wat in likense gefallen seldsum wie. Maria Woesthoven stoar yn de âldens fan 69 jier yn Amsterdam.

Nei har dea waard har wurk rillegau fergetten. Dochs stie hja yn 2005 op de nominaasje foar de titel fan 'grutste Dantumadielers'.

Guon fan har godstsjinstige gesangen waarden opnaam yn tsjerklike bondels. Sy skreau teffens gedichten foar de Almanak van Vernuft en Smaak, de Almanak voor Vrouwen door Vrouwen en de Almanak voor Jonge Heeren en Juffrouwen.

  • Maria Petronella Woesthoven, De verlossing van ons vaderland. Krachtdadig door eene edele Hollandsche vrouw buiten ’s lands bevorderd, De Recensent ook der Recensenten dl. 7, 2e stik (1817) 273-278.
  • Gedichten van mevrouw Maria Petronella Elter, geboren Woesthoven, J.M. Pfeil red. (Utert 1859).
  • Nederland en Frankrijk in Maart 1815. Liersang 2de druk. Amst.
  • Het huwelijk van Z.K.H. Willem Frederik George Lodewijk, prins van Oranje, kroonprins der Nederlanden en Z.K.H. Anna Paulowna, grootvorst van Rusland. Amsterdam 1818.
  • De mensch geschikt voor de eeuwigheid, yn 1788 troch Kunstliefde spaart geen vlijt mei sulver bekroand.
  • J.M. Pfeil, Maria Petronella Elter, geboren Woesthoven, Astrea 2 (1857) 256-260.
  • J.G. Frederiks, Woesthoven, De Nederlandsche Spectator 38 (1888) 1-8.
  • J. Bosch, H.W. Groenevelt en M. van Hattum red., Mr. W. Bilderdijk’s briefwisseling 1795-1797 (Utert 1988).
  • Marleen de Vries, Dichten is zilver, zwijgen is goud. Vrouwen in letterkundige genootschappen 1772-1800, De Achttiende Eeuw 31 (1999) 187-213.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Keppeling om utens