Springe nei ynhâld

Cat Sìth

Ut Wikipedy
Cat Sìth
In yllustraasje fan More English Fairy Tales, by it ferhaal The King of the Cats.
In yllustraasje fan More English Fairy Tales,
by it ferhaal The King of the Cats.
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Cat Sídhe, Cat Sí
sekse manlik
soarte personaazje kat
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
spûkkat

Cat Sìth yn it Skotsk-Gaelysk (útspr.: [kʰaʰt̪ ˈʃiː], likernôch: "k'hat sjii"), of yn it Iersk: Cat Sídhe (argayske stavering) of Cat Sí (moderne stavering) (útspr.: [kat̪ˠ ˈʃiː], likernôch: "katch sjii"), in is boppenatuerlik mytysk wêzen út 'e folkloare fan Skotlân en de Ierske mytology. It hat de foarm fan in oergrutte, swarte kat sa grut as in Dútske hardershûn, mei in wyt befke op 'e kiel en it boarst. Neffens de folksferhalen soe it nachts omspûkje oer de Skotske Heechlannen. Leginden oer Cat Sìth komme yn Skotlân rûnom foar, mar yn Ierlân folle minder. Neffens guon ferhalen soe it wêzen hielendal gjin kat wêze, mar in hekse dy't by steat wie om harsels njoggen kear yn in kat te feroarjen.

Cat Sìth (Skotsk-Gaelysk) en Cat Sídhe of Cat Sí (Iersk) betsjut letterlik "elvekat" of yn rommere sin "boppenatuerlike kat", fan cat, "kat", en sìth of sídhe/, dat ferwiist nei de sídhe, in soarte fan elven.

Lju yn 'e Skotske Heechlannen hiene net folle op mei Cat Sìth, in wêzen dat se net fertrouden. Neffens it byleauwe koe Cat Sìth fan lju dy't koartlyn ferstoarn wiene de siel stelle foar't dy tiid hân hie om nei God of de goaden te gean. Dat died er troch foar de begraffenis oer it lyk hinne te stappen. Om soks foar te kommen wie it yn 'e Skotske Heechlannen foarhinne wenst om it stoflik omskot fan in deade dei en nacht te bewekjen oant it begroeven wurde koe. Der waard fierders mei sin gjin fjoer makke yn 'e neite fan it lyk, om't sein waard dat Cat Sìth oanlutsen waard troch waarmte.

Op Samhain, in Keltyske hjeldei op 31 oktober, dy't de ein fan 'e tradisjonele rispingstiid markearret, soe Cat Sìth in seine útsprutsen hawwe oer elts hûs dêr't in skûteltsje molke foar him bûtendoar delset waard. Huzen dêr't soks net dien waard, soed er in flok oer útsprutsen hawwe dy't resultearre yn it opdrûgjen fan 'e molke by de kij.

Der bestie fierders in seremoanje dy't taghaim hiet, wêrfan't leaud waard dat in demoanyske Cat Sìth oproppen wurde koe om foar eltse dielnimmer in winsk te ferfoljen. Dêrfoar moasten de dielnimmers elts it lyk fan in kat oer in perioade fan fjouwer dagen en nachten ferbaarne. Neffens de geroften soe de beruchte Britske frijtinker Aleister Crowley oan sa'n ritueel meidien hawwe.

Neffens guon ferhalen soe Cat Sìth eins hielendal gjin kat west hawwe, mar in hekse dy't harsels (frijwillich) yn in kat feroarje koe. Dat koe se njoggen kear dwaan, mar by de njoggende kear koe se harsels net mear weromferoarje yn in minske. Men wol wol hawwe dat út dat ferhaal it idee fuortkomt dat katten njoggen libbens hawwe.

De ferhalen oer Cat Sìth soene skoan ynspirearre wêze kinne troch de Skotske wylde kat, in lânseigen lytse kateftige dy't foarkomt yn Skotlân mar nearne oars op 'e Britske Eilannen. De Skotske wylde kat is in regionale populaasje fan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris silvestris).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.