Springe nei ynhâld

Carl von Clausewitz

Ut Wikipedy
Carl von Clausewitz
militêr
Carl von Clausewitz
Carl von Clausewitz
persoanlike bysûnderheden
namme folút Carl Philipp Gottfried von Clausewitz
nasjonaliteit Dútsk
berne 1 july 1780
berteplak Burg (Dútslân)
stoarn 16 novimber 1831
stjerplak Breslau (Dútslân)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
tsjinsttiid 17921831
yn tsjinst fan Prusen
Ruslân
legerûnderdiel Lânmacht
heechste rang Generalmajor (sûnt 1818)
befel Stafsjef fan Gneisenaus Stab
konflikt(en) Earste Wrâldoarloch
Twadde Wrâldoarloch
treffen(s) Earste Koalysjeoarloch
Fjirde Koalysjeoarloch
Fjildtocht fan Napoleon nei Ruslân
oar wurk Skriuwer fan it boek Vom Kriege

Carl Philipp Gottfried (of Gottlieb) von Clausewitz (Burg, 1 july 1780Breslau, 16 novimber 1831) wie in Prusyske generaal en militêr gelearde dy't oer de psychologyske en politike aspekten fan it oarlochsfieren skreaun hat. Syn ferneamdste publikaasje Vom Kriege ("Oer de oarloch"), dêr ’t er yn stelt dat oarlochfiering allinnich mar in fuortsetting [is] fan polityk bedriuwen mei oare middels, is postúm ferskynd.

Mei tolve jier begûn er syn militêre karriêre as Fahnenjunker (kadet). Yn 1793 en 1794 tsjinne er as faandrich yn in Prusysk regimint yn de Earste Koälysjeoarloch. Yn 1801 gong er nei de Kriegsschule yn Berlyn, dêr't er yn 1803 klear wie. Gerhard von Scharnhorst hie de betûfte studint al gau yn 'e rekken en stipe him yn syn karriêre.

Yn 1806 waard er aide-de-camp fan August von Preussen. Hy rekke ferwûne by de kampanje en waard as kriichsfinzene nei Frankryk fierd. Yn 1807 kaam er wer frij en yn 1809 waard er opnommen yn de stêf fan generaal Scharnhorst, dy't op dat stuit ferantwurdlik wie foar de herfoarming fan it Prusyske leger.

Yn 1810 waard Clausewitz ta majoar befoardere, boppedat húsdosint fan de Prusyske prinsen ûnder wa't de lettere keizer Wilhelm I wie. Yn 1812 gie er mei oare Prusyske offisieren yn Russyske tsjinst, wêrby't er ûnder oaren ferantwurdlik waard foar de koördinaasje fan aktiviteiten mei Blücher. Hy sluet him oan by it keizerlik Russysk-Dútsk Legioen.

Yn 1815 waard it legioen ynlive by it Prusyske leger en kaam er dus wer yn Prusyske tsjinst. Hy waard stafsjef fan generaal Johann von Thielmann en befocht Grouchy yn de Slach by Waver op 18 juny 1815. Yn 1818 waard er as generaal-majoar direkteur fan de Kriichsskoalle. Yn 1827 waard er yn de adelstân ferheft. Yn 1830 waard er beneamd ta ynspekteur fan de artillery yn Breslau. By de opstân yn Kongres-Poalen waard er as sjefstaf fan it Observationskorps ûnder maarskalk Gneisenau nei Posen stjoerd. Nei de ûntmanteling fan it Observationskorps yn 1831 kaam er werom nei Breslau, dêr't er ferstoar oan goalera.

Teory oer oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Clausewitz is ferneamd wurden troch syn standertwurk "Vom Kriege" ("Oer de Oarloch"), wêryn't hy syn teoryen oer oarloch en strategy beskreaun hat. Clausewitz syn teory oer oarloch is kompleks en omklammet ferskate aspekten.

Clausewitz definiearret oarloch as in "fuortsetting fan polityk troch oare middels" (Krieg ist die Fortsetzung der Politik mit anderen Mitteln). Hy beskôget oarloch as in mooglikheid fan de steat om politike doelen te berikken as diplomasy net slagget. Clausewitz stelde ek dat oarloch basearre is op in dynamyske "trije-ienheid" dy't bestiet út it folk (de passy), it leger (de kâns) en de regearing (de reden). Hy besocht út te lizzen hoe't dy trije eleminten yn ferhâlding ta elkoar stean en ynfloed hawwe op de aard en it ferrin fan oarloch. Hy warskôget foar it konsept fan "wjerstân", wat ferwiist nei it ûnferwachte karakter en de kompleksiteit fan militêre operaasjes. Sa kinne minsklike flaters, logistike problemen en reaksjes fan de fijân de útfiering fan it militêre plan tsjinhâlde. Clausewitz leaut dat oarloch in konflinkt is tusken twa tsjinstelde willen. It doel is om de fijân mei militêre middelen te twingen om syn "wil" op te jaan en him ta oerlis te twingen. Clausewitz betocht ek it konsept "sintrum fan swiertekrêft", wat ferwiist nei de grûneleminten fan de fijân dy bepalend binne foar syn sterkte en effektiviteit. Troch dy eleminten oan te fallen ferliest de fijân oan krêft en kin de oarloch of slach wûn wurde. Clausewitz beskreau hoe't in oarloch ferskille kin yn yntinsiteit en skaal. Hy brûkt de term "totale oarloch" om in konflikt te beskriuwen wêrby't de steat al syn beskikbere middelen ynset om in totale oerwinning te berikken.

Clausewitz syn ideeën hawwe in djippe ynfloed hân op de militêre teory en strategy en wurde noch hieltyd bestudearre en tapast yn de moderne kriichswittenskippen. It boek Vom Kriege waard postúm troch syn widdo, grevin Marie Sophie von Brühl, gearstald en publisearre.

Militêre karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Paul Roques, Le général de Clausewitz. Sa vie et sa théorie de la guerre, Editions Astrée, Paris, 2013, 160 s.