Kaptein (rang)
In kaptein is in subalterne ofsier fan middelhege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is luitenant-op-see 2e klasse âldste kategory. Troch leken op it mêd fan 'e kriichsmacht wurdt faak ûndersteld dat in kaptein by de lân- of loftmacht fan ekwivalinte rang is mei in kaptein-op-see by de marine, mar dat is sa net; kaptein-op-see is in hegere rang, dy't ekwivalint is oan in kolonel by de lân- of loftmacht.
Yn guon lannen is de ekwivalinte rang fan kaptein by de loftmacht flechtluitenant. Yn it Nederlânske leger is by de kavalery, in ûnderdiel fan 'e lânmacht, de ekwivalinte rang ritmaster. De oansprektitel fan in kaptein is "kaptein" (of "ritmaster" by de kavalery). De boppelizzende rang is majoar, en de ûnderlizzende rang is earste luitenant. Dêrmei is kaptein de heechste subalterne ofsiersrang. De term 'kaptein' komt fan it Grykske wurd κατεπάνω, katepánō, dat letterlik "heechstpleatste" betsjut, en dat in rang wie yn it leger fan it Byzantynske Ryk. Yn it Nederlânske leger hat kaptein de âldere rang fan hopman ferfongen.
Skematysk oersjoch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oersjoch fan 'e kapteinsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:
lânmacht en mariniers |
marine | loftmacht |
---|---|---|
kaptein | luitenant-op-see 2e klasse | kaptein of flechtluitenant |
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje](oansprektitels kursyf werjûn)
Keninklike Lânmacht (KL) | Keninklike Marine (KM) | Keninklike Loftmacht (KLu) | Keninklike Maresjesee (KMar) | ||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
NATO rang OF-2 | |||||||
kaptein kaptein (by de kavalery ritmaster, ritmaster) |
luitenant-op-see 2e klasse âldste kategory mynhear/mefrou (by it Korps Mariniers: kaptein) |
kaptein kaptein |
kaptein kaptein |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |