Carl van Vechten

Ut Wikipedy
Selsportret

Carl Van Vechten (Cedar Rapids (Iowa), 17 juny 1880New York City, 21 desimber 1964) wie in Amerikaansk skriuwer en fotograaf. Van Vechten wie patroan fan de Harlem Renaissance en besoarger fan de literêre neilittenskip fan Gertrude Stein, dy’t er yn 1913 yn Parys moete.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Vechten wie klear mei de Washington High School yn syn berteplak yn 1898 en gie dêrnei nei de Universiteit fan Chicago[1] in 1903. Yn 1906 ferfarde er nei New York Cityen waard assistint-muzykkritikus by de New York Times. Hy hie in soad niget oan opera en yn 1907 krige er ferlof fan de krante om him yn Europa te ferdjipjen yn opera. Yn Ingelân troude er mei Anna Snyder, in âlde freondinne fan him út Cedar Rapids. Yn 1909 nimt er syn wurk by de New York Times en wurdt de earste Amerikaanske kritikus fan moderne dûns. Yn dy tiid treden Isadora Duncan, Anna Pavlova en Loie Fuller op yn New York City. It houlik mei Anna Snyder einige yn in skieding yn 1912 en yn 1914 boasket er dan oan de aktrise Fania Marinoff.

SVan Vechten skriuwt in protte essee's oer in ferskaat oan ûnderwerpen, sa as muzyk en literatuer, dy't tusken 1915 en 1920 yn boekfoarm útbrocht wurde. Tusken 1922 en 1930 ferskine der by Knopf sân romans fan Van Vechten, as earste Peter Whiffle: His Life and Works en as lêste Parties.[2]

Van Vechten hie niget oan swarte skriuwers en keunstners en hie kunde oan de meast wichtige figueren fan de Harlem Renaissance dy't er ek oanrekemindearre: ûnder oaren Langston Hughes, Richard Wright en Wallace Thurman hearden ta dy rûnte. Van Vechten's kontroversjele roman Nigger Heaven waard yn 1926 publisearre. It essee "Negro Blues Singers" waard publisearre yn it blêd Vanity Fair yn 1926.

Yn de jierren 30 begjint Van Vechten potretfoto's te meitsjen. Under de lju dy't er fotogravearre wienen Judith Anderson, James Baldwin, Tallulah Bankhead, Barbara Bel Geddes, Jane Bowles, Marlon Brando, Paul Cadmus, Erskine Caldwell, Truman Capote, Marc Chagall, Salvador Dalí, Ruby Dee, Ella Fitzgerald, F. Scott Fitzgerald, Lynn Fontanne, John Hersey, Billie Holiday, Horst P. Horst, Mahalia Jackson, Frida Kahlo, Sidney Lumet, Alfred Lunt, Norman Mailer, Alicia Markova, W. Somerset Maugham, Henry Miller, Georgia O'Keeffe, Sir Laurence Olivier, Leontyne Price, Diego Rivera, Cesar Romero, George Schuyler, Beverly Sills, Gertrude Stein, James Stewart, Alfred Stieglitz, Bessie Smith, Prentiss Taylor, Gore Vidal, Evelyn Waugh, Orson Welles en Anna May Wong.[3][4]

Van Vechten moete Gertrude Stein foar it earst yn Parys yn 1913. Sy korresondearje salang at Stein libbet, en doe't hja stjerre soe wiisde se Van Vechten oan om har literêre neilittenskip te behearen; hy holp mei oan de publikaasje fan Stein har noch net útbrochte wurk.

Nei de 30er jierren kaam Van Vechten net folle literêr wurk út hannen, mar wol hie er in briefwikseling mei in protte minsken.

Hoewol't Van Vechten mei Fania Marinoff troud west hat oant de ein fan syn libben ta, wie er homoseksueel en oars biseksueel. In part fan syn wurk bleau fersegele oant 25 jier nei syn dea. Nei dat skoft die bliken dat dêr knipselboeken en fotoalbums ûnder wiene dy't mei homoseksualiteit te krijen hiene.[5]

Van Vechten stoar yn de âldens fan 84 jier yn New York City. Yn 1968 ferskynde in biografy troch Bruce Kellner, Carl Van Vechten and the Irreverent Decades.

Karút wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boeken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Music After the Great War (1915)
  • Music and Bad Manners (1916)
  • Interpreters and Interpretations (1917)
  • The Merry-Go-Round (1918)
  • The Music of Spain (1918)
  • In the Garret (1919)
  • The Tiger in the House (1920)
  • Lords of the Housetops (1921)
  • Peter Whiffle (1922)
  • The Blind Bow-Boy (1923)
  • The Tattooed Countess (1924)
  • Red (1925)
  • Firecrackers (1925)
  • Excavations (1926)
  • Nigger Heaven (1926)
  • Spider Boy (1928)
  • Parties (1930)
  • Feathers (1930)
  • Sacred and Profane Memories (1932)

Fotografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Carl Van Vechten Biography op Biography.com 1964-12-21; sjoen 2010-03-09
  2. http://www.encyclopedia.com/doc/1E1-VanVecht.html
  3. Carl Van Vechten: Biography fan Answers.com 1964-12-21; sjoen op 2010-03-09
  4. Prints & Photographs Online Catalog - Van Vechten Collection - Biography, Lcweb2.loc.gov; sjoen op 2010-03-09
  5. Carl Van Vechten, The Pink and the Blue: Lesbian and Gay Life at Yale and in Connecticut, 1642-2004. útj. Lesbian and Gay Studies at Yale; sjoen op 2007-11-01