Springe nei ynhâld

Erskine Caldwell

Ut Wikipedy
Erskine Caldwell
skriuwer
Erskine Caldwell (1938) Foto: Carl van Vechten
Erskine Caldwell (1938)
Foto: Carl van Vechten
persoanlike bysûnderheden
echte namme Erskine Preston Caldwell
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 17 desimber 1903
berteplak Moreland
stoarn 11 april 1987
stjerplak Tucson
wurk
taal Ingelsk
sjenre Romans,
Koarte ferhalen

Erskine Preston Caldwell (Moreland, Georgia, 17 desimber 1903 - Tucson Arizona, 11 april 1987) wie in Amerikaansk skriuwer fan romans en koarte ferhalen.

In wichtich tema yn syn wurk is it beskriuwen fan de sosjale situaasje fan de earme blanke befolking yn it suden fan de Feriene Steaten. Caldwell fêstige syn namme mei syn debútroman Tobacco Road (1932). In jier letter folge it ek súksesfolle God's Little Acre (Ien ikker foar God, 1933).

De koarte ferhalen binne bondele yn ûnder oaren American earth (1931), Southways (1938) en When you think of me (1959).

Yn de Twadde Wrâldkriich slagge it Caldwell reisdokuminten foar de Sovjet-Uny te besetten en gie er nei de Oekraïne as útlânsk korrespondint. Hy rekke tige desyllúzjonearre troch alle yntriges fan it Stalinistysk rezjym; it ynspirearre him ta it koarte ferhaal "Message for Genevieve," publisearre yn 1944. It ferhaal giet oer de eksekúsje fan in froulik sjoernalist dy't yn in geheime rjochtsitting fan spionaazje beskuldige wurdt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]