Fania Marinoff

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fania Marinoff, 1913
Foto: Arnold Genthe

Fania Marinoff (Russysk: Фаня Маринов) (Odessa, 20 maart 1890 - Englewood (Nij Jersey), 17 novimber 1971) wie in Amerikaansk aktrise fan Russysk komôf. Sy spile byrollen en haadrollen yn tal fan Broadwaystikken tusken 1903 en 1937; teffens hie hja rollen yn acht Amerikaanske stomme films tusken 1914 en 1917.

Fania Marinoff waard berne yn Odessa, doe noch yn it Russysk keizerryk, mar no yn de Oekraïne). Sy wie de jongste fan 13 bern. Sy kaam as jong bern al nei de Feriene Steaten mei har âldere broer Louis. Sy wennen by elkoar oant Fania har yn 1904 by in reizgjend toanielselskip oansluet; hja wie doe 14 jier.
Sy boaske oan fotograaf Carl Van Vechten yn 1914; it houlik soe 50 jier duorje, netsjinsteande grútsjen fan Van Vechten's ûnderstelde homoseksualiteit.

Marinoff stoar oan pneumony.

Filmografy (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]