Springe nei ynhâld

Nij-Jersey

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nij Jersey)
Steat Nij-Jersey
State of New Jersey
flagge wapen
Liberty and Prosperity
(Ingelsk, "Frijheid en Wolfeart")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting NJ
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1787)
haadstêd Trenton
grutste stêd Newark
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 8.938.175 (2014)
befolkingstichtens 469,3 / km²
oerflak 22.591,4 km² (15,7% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Garden State
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.nj.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Nij-Jersey. Foar oare betsjuttings, sjoch: Nij-Jersey (betsjuttingsside).

Nij-Jersey (Ingelsk: New Jersey; útspr.: [nju: 'ʤœ:zɪ], likernôch "njûû dzjuh-zih"; Amerikaansk-Ingelske útspr.: [nu: 'ʤœɹzi], likernôch: "nûû dzjur-zy"), offisjeel de Steat Nij-Jersey (Ingelsk: State of New Jersey), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Nij-Jersey, byneamd de Garden State (de "Túnsteat"), leit yn it noardeasten fan it lân, ynklamme tusken de rivier de Delaware yn it westen en de Atlantyske Oseaan yn it easten. Yn it noardeasten grinzget it oan 'e stêdekloft fan New York. De haadstêd is Trenton, mar de grutste stêd is Newark. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe 8,9 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 11e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Nij-Jersey mei krapoan 22.600 km² de 47e steat. Nij-Jersey is dêrmei de tichtst befolke fan alle Amerikaanske steaten. De steat stiet bekend om û.m. de Universiteit fan Princeton en de kasino's fan Atlantic City.

Nij-Jersey kaam oan syn namme doe't it yn 1664 yn Ingelske hannen kaam. De koloanje waard opset troch sir George Carteret en John Berkeley, 1e baron Berkeley fan Stratton. Carteret, dy't op it Kanaaleilân Jersey berne wie, ferneamde it nije gebiet nei syn berte-eilân.

De Grutte Wetterfal yn 'e rivier de Passaic, yn Paterson, is de grutste wetterfal yn 'e Feriene Steaten east fan 'e Mississippy en waard yn 2011 oanwiisd as in nasjonaal park.

Nij-Jersey hat in oerflak fan 22.591,4 km², wêrfan't 15,7% út wetter bestiet. De steat beskikt sadwaande oer in oerflak fan 19.044,6 km² drûch lân. Nij-Jersey leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4). De steat grinzget yn it noarden oan 'e steat New York, yn it westen oan Pennsylvania, yn it uterste súdwesten oan Delaware, yn it suden oan 'e Delawarebaai, yn it easten oan 'e iepen Atlantyske Oseaan, en yn it uterste noardeasten wer oan 'e steat New York. De westlike grins mei Pennsylvania en Delaware wurdt foarme troch de rivier de Delaware, wylst de grins mei New York yn it noardeasten foar in part foarme wurdt troch de rivier de Hudson. It heechste punt yn 'e steat is High Point, op 549,6 m boppe seenivo, en it leechste punt is it strân oan 'e Atlantyske kust, dat op seenivo leit.

Nij-Jersey bestiet eins út fiif ferskillende regio's, dy't faninoar ûnderskaat wurde op basis fan geografy en befolking. Noardeastlik Nij-Jersey, de saneamde Gateway-regio, makket diel út fan 'e stêdekloft fan New York (stêd), en wurdt foar in grut diel bewenne troch forinzen dy't yn Manhatta of ien fan 'e oare New Yorkske boroughs harren wurk hawwe. Dat diel fan Nij-Jersey is it tichtst befolke en dêr leit ek de grutste stêd fan 'e steat, Newark. Noardwestlik Nij-Jersey, in krite dy't bekend stiet as de Skylands, bestiet dêrfoaroer út folle tinner befolke plattelân mei wâlden en bergen. De Atlantyske kust yn it easten en súdeasten fan 'e stêd, dy't yn it Ingelsk de Jersey Shore neamd wurdt, is ek frij plattelânsk, mar hat in karakteristike eigen sfear en libbenswize, dy't sterk behearske wurdt troch de relaasje mei de see. De Delling fan 'e Delaware, yn it súdwesten fan Nij-Jersey, makket diel út fan 'e stêdekloft fan Philadelphia, in metropoal dy't krekt oare kant de rivier de Delaware yn Pennsylvania leit. It binnenlân fan 'e súdlike helte fan Nij-Jersey, ta einsbeslút, stiet bekend as de Pine Barrens (letterlik: "ûnfruchtbere grûn begroeid mei dinnebeammen"). Dat is it tinst befolke diel fan 'e steat en wurdt foar in grut part oerdutsen mei mingd wâld dat fral bestiet út dinnen en iken.

De kliffen fan 'e Palisades, yn it noardeasten fan Nij-Jersey.

Njonken dy yndieling yn fiif geografysk-demografyske regio's wurdt foar Nij-Jersey ek gauris in oare yndieling brûkt, benammen foar statistyske doelen. De trije regio's dy't dêrfoar oanholden wurde, binne: Noard-Jersey, Sintraal Jersey en Súd-Jersey.

In opmerklik lânskipselemint yn Nij-Jersey wurdt foarme troch de Palisades, in rige steile kliffen oan 'e legere westkant fan 'e rivier de Hudson, yn it noardeastlike part fan 'e steat. De grutste rivieren yn 'e steat binne (njonken de Delaware en de Hudson): de Raritan, Passaic, Hackensack, Rahway, Musconetcong, Rancocas, Manasquan, Maurice en Toms. Foar de Atlantyske kust fan Nij-Jersey rint in rige barriêre-eilannen en lange, smelle skierielannen dy't fungearje as barriêre-eilannen. Dêrfan binne it skiereilân Sandy Hook en it eilân Long Beach Island populêre baaiplakken. It langste skiereilân is it Barnegat-skiereilân. Nij-Jersey omfiemet gjin Yndianereservaten fan federaal erkende stammen. Wol binne der inkele steatsreservaten foar stammen mei erkenning op steatsnivo (sjoch by § Etnisiteit).

Nij-Jersey waard oarspronklik bewenne troch Yndiaanske folken, lykas de Delawêr (Delaware of Lenni-Lenape), de Nantikook (Nanticoke) en de Pouhattan (Powhattan). Tsjin 'e ein fan it prehistoaryske en it begjin fan it koloniale tiidrek wiene mank harren de Delawêr de dominante groep. Nij-Jersey waard troch harren Scheyichbi neamd. Hja libben yn autonome stammen dy't net inkeld as jager-sammelders yn har libbensûnderhâld foarseagen, mar ek oan it ferbouwen diene fan benammen stynske weet. De maatskippij fan 'e Delawêr wie ferdield yn matriliniêre clans dy't ôfstammen fan froulike foarâlden. Dy clans wiene wer ferdield yn besibskipsgroepen dy't identifearre waarden nei harren toatem: skylpod, kalkoen en wolf.

De koloanjes Nij-Nederlân (pears) en Nij-Sweden (blau).

It koloniale tiidrek

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Jeropeänen dy't oanspraak makken op it gebiet dat no Nij-Jersey foarmet, wiene de Nederlanners. Nij-Nederlân wie in koloanje fan 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen dy't oan 'e mûning fan 'e rivier de Hudson opset waard troch de Westyndyske Kompanjy (WIC). Dêrwei kaam geandewei de santjinde iuw stadichoan de kolonisaasje fan Nij-Jersey op gong. Hoewol't de Delawêr-Yndianen it Jeropeeske idee dat men lân yn eigendom hawwe koe, net erkenden, lei de WIC likegoed oan syn kolonisten op dat se it lân dat se bewenje woene, earst keapje moasten. De earste dy't dat die, wie in Michiel Reyniersz. Pauw, dy't yn 1630 oan 'e Noarderrivier it nei himsels neamde plak Pavonia (fan pavo, dat Latyn is foar "pau") stifte. Dêrút soe úteinlik de hjoeddeistige stêd Bergen groeie. Yn 1643 waard by wat no Jersey City is troch Nederlânske kolonisten in bloedbad oanrjochte, wêrby't 120 Yndiaanske manlju, froulju en bern deade waarden. Dy slachtpartij makke diel út fan 'e saneamde Oarloch fan Kieft (1643-1645) fan gûverneur fan Nij-Nederlân Willem Kieft.

Yn 1638 ûntstie troch de oankeap fan lân troch Peter Minuit, oan 'e rivier de Delaware, de Sweedske koloanje Nij-Sweden, dy't yn 1655 lykwols troch de Nederlanners ferovere en by Nij-Nederlân foege waard. It hiele gebiet dat letter Nij-Jersey foarmje soe, kaam yn septimber 1664 ûnder bestjoer fan it Keninkryk Ingelân, doe't in Ingelske float ûnder lieding fan kolonel Richard Nicolls de haven fan Nij-Amsterdam ynfear. Dy mette net folle wjerstân fan 'e Nederlânske kolonisten en lei beslach op 'e hiele koloanje fan 'e WIC. Doe't nei de Ingelske Boargeroarloch en it ynstoarten fan it Mienebêst fan Ingelân, Skotlân en Ierlân, yn 1660, kening Karel II op 'e troan kaam, beleanne dy't de lju dy't him trou bleaun wiene mei lân. Sadwaande waard it gebiet fan Nij-Jersey taparte oan sir George Carteret en John Berkeley, 1e baron Berkeley fan Stratton. It wie Carteret, dy't berne wie op it Kanaaleilân Jersey, dy't de nije Koloanje Nij-Jersey syn namme joech.

Sinne-ûndergong by Kaap May oan 'e Jersey Shore.

Oars as bygelyks Marylân, dat stifte waard as taflechtsoard foar ferfolge roomsen, en Pennsylvania, dat oarspronklik bedoeld wie as ûntwyk foar pasifistyske quakers, wie Nij-Jersey fan it begjin ôf oan in etnysk en religieus ferskaat gebiet, dêr't puriteinen, anglikanen en quakers út Ingelân, presbyterianen út Skotlân en kalvinisten út 'e Republyk njonkeninoar wennen. Dat hie der mei te krijen dat Nij-Jersey benammen befolke waard troch in sekundêre weach fan kolonisten dy't oerkamen út 'e oare Ingelske koloanjes yn Noard-Amearika, en net sasear streekrjocht út Jeropa. Dy lju waarden oanlutsen troch de fruchtbere lânbougrûn en de religieuze tolerânsje. Tsjin 1775 hie de Koloanje Nij-Jersey 120.000 ynwenners.

Yn 1674 waard de koloanje yn twaen spjalten, sadat de koloanjes East-Jersey en West-Jersey ûntstiene. Nei 28 jier waard dy spjalting yn 1702 lykwols weromdraaid, en ûntstie der op 'e nij ien feriene koloanje. Fan 1708 ôf waard Nij-Jersey regearre troch de Ingelske gûverneurs fan 'e Koloanje New York, in sitewaasje dy't de ynwenners fan Nij-Jersey ta razernij brocht. Pas yn 1738 waard der wer in aparte gûverneur foar Nij-Jersey allinnich oansteld.

Oerstekken fan 'e Delaware troch George Washington en syn troepen yn desimber 1776.

Unôfhinklikheidsoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nij-Jersey wie ien fan 'e Trettjin Koloanjes dy't yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch yn opstân kamen tsjin 'e Britske oerhearsking. De koloanje fierde op 2 july 1776 in eigen grûnwet yn, twa dagen ear't it Twadde Kontinintaal Kongres de ûnôfhinklikheid fan 'e Feriene Steaten útrôp. Yn 'e Unôfhinklikheidsoarloch teagen Britske en Amerikaanske legers ferskate kearen dwers troch Nij-Jersey, en sadwaande wurdt de steat tsjintwurdich wol 'it Krúspunt fan 'e Revolúsje' neamd. Yn Morristown (Nij-Jersey) fêstige de Amerikaanske generaal George Washington twaris de winterkertieren fan syn leger.

It bekendste foarfal yn Nij-Jersey út 'e tiid fan 'e Unôfhinklikheidsoarloch wie it Oerstekken fan 'e Delaware ûnder drege, winterske omstannichheden troch Washington syn Kontinintale Leger yn 'e nacht fan 25 op 26 desimber 1776, wêrnei't de Amerikanen yn 'e Earste Slach by Trenton in leger Hessyske hierlingen yn Britske tsjinst oer it mad kamen en fersloegen. Likernôch in wike letter boekte Washington in nije oerwinning troch op 3 jannewaris 1777 yn 'e Twadde Slach by Trenton de troepen fan 'e Britske generaal Charles Cornwallis te ûntwiken wêrnei't er it Britske garnizoen fan Princeton oanfoel en fersloech yn 'e Slach by Princeton. Yn juny 1778 brocht Washington yn 'e Slach by Monmouth, ek op it grûngebiet fan Nij-Jersey, it Britske leger fan generaal Henry Clinton in ferpletterjende nederlaach ta.

George Washington fiteret syn troepen oan yn 'e Slach by Princeton, yn jannewaris 1777.

Yn 'e simmer fan 1783 kaam it Kontintaal Kongres gear yn 'e Nassau Hall op 'e Universiteit fan Princeton, sadat Princeton (Nij-Jersey) fjouwer moannen lang de facto de haadstêd fan 'e Feriene Steaten wie. It wie yn dy tiid dat it nijs fan it sluten fan it Ferdrach fan Parys bekend waard, dêr't in ein mei kaam oan 'e Unôfhinklikheidsoarloch. Op 18 desimber 1787 wie Nij-Jersey de trêde steat dy't de Amerikaanske Grûnwet ratifisearre, sadat de steat formeel ûnderdiel waard fan 'e Feriene Steaten. Dêrfoar bestie yn Nij-Jersey rûnom stipe ûnder de befolking, mei't de Amerikaanske Grûnwet it near lei op 'e praktyk fan New York en Pennsylvania om tol te heffen op 'e trochfier fan guod út Jeropa fia de havens fan New York en Philadelphia nei bgl. Nij-Jersey. Op 20 novimber 1789 wie Nij-Jersey de earste Amerikaanske steat dy't de Bill of Rights ratifisearre, dêr't de earste tsien amendeminten oan 'e Amerikaanske Grûnwet yn bondele wiene.

De grûnwet fan Nij-Jersey út 1776 joech it kiesrjocht oan "alle ynwenners" ynsafier't se in beskate rykdom hiene. Dat betsjutte dat de earmere lju net stimme mochten, mar fierders waard gjin ûnderskie makke nei ras of sekse: begoedige swarten hiene ek it kiesrjocht en itselde gou foar froulju, útsein as se troud wiene, want troude froulju koene ommers sels neat yn eigendom hawwe: alles wie fan 'e man. Dêrby moat trouwens oantekene wurde dat ek froulju dy't stimme mochten, net foar fol oansjoen waarden, en beide grutte politike partijen beskuldigen inoar geregeldwei fan it stypjen op "petticoatkiezers", in denigrearjende beneaming foar it froulike diel fan it elektoraat. Yn 1807 kaam oan dy sitewaasje in ein: it steatskongres fan Nij-Jersey besleat doe de grûnwet fan 'e steat sa te werynterpretearjen, dat inkeld begoedige blanke manlju noch it kiesrjocht beholden.

Utsjoch oer Newark yn 1874.

Op 15 febrewaris 1804 waard Nij-Jersey de lêste Noardlike steat fan 'e Feriene Steaten dy't de slavernij ôfskafte. Dat waard net fan it iene op it oare stuit dien, mar stadichoan by de tiid lâns, om 'e ekonomy te beskermjen. Dat late ta in stadige ôfname fan 'e negerslaven yn Nij-Jersey. Dy waarden lykwols net frijlitten, mar ôffierd nei steaten, lykas it oangrinzgjende Delaware, dy't it ynstitút fan 'e slavernij beholden hiene. De stadige ôfskaffing fan 'e slavernij yn Nij-Jersey duorre sa lang dat der tsjin 'e ein fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn 1865, noch altyd tusken de tsien en fyftjin slaven yn 'e steat holden waarden. De kiezers yn Nij-Jersey wegeren doe yn 't earstoan om 'e amendeminten oan 'e Amerikaanske Grûnwet oangeande de lanlike ôfskaffing fan 'e slavernij en de lykberjochtiging fan swarten yn 'e Feriene Steaten te ratifisearjen.

Nei't yn 1831 it Morriskanaal reekommen wie, naam de yndustrialisaasje fan it noardlike part fan Nij-Jersey in grutte flecht. It kanaal ferbûn de krite mei it yndustrygebiet yn 'e Lehigh-delling fan Pennsylvania. Benammen stêden as Paterson, Newark en Jersey City tanken harren groei oan 'e iepening fan it Morriskanaal.

Paterson, yn noardlik Nij-Jersey.

Yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) focht Nij-Jersey oan 'e kant fan it Noarden tsjin 'e Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika. Mear as 80.000 ynwenners fan 'e steat namen tsjinst yn it Noardlike Leger. Nettsjinsteande dat wie Nij-Jersey ien fan mar trije Noardlike steaten (yn 'e mande mei Delaware en Kentucky) dy't by lanlike ferkiezings twaris in oare presidintskandidaat keazen as Abraham Lincoln. Dêrby gie it yn 1860 om Stephen Douglas en yn 1864 om George B. McClellan. Oars as it gefal wie yn 'e buorsteat Pennsylvania, waarden op it grûngebiet fan Nij-Jersey yn 'e Boargeroarloch gjin fjildslaggen útfochten.

Nei't it Noarden de oarloch wûn hie, sette de Yndustriële Revolúsje yn Nij-Jersey troch. Benammen stêden yn it noardlike part fan 'e steat hiene dêr foardiel by, lykas Paterson. Yn it Antebellum hie de steatsekonomy fierhinne op 'e lânbousektor stipe, mar no waard de yndustry wichtiger, dy't benammen tekstyl produsearre, lykas side. De ferneamde útfiner Thomas Alva Edison wenne en wurke yn Nij-Jersey en wist mar leafst 1.093 oktroaien op syn útfinings te krijen. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wie ek de mynbou yn Nij-Jersey fan belang, wêrby't izer- en sinkminen iepene waarden yn it súdlike part fan 'e steat.

Utfiner Thomas Alva Edison yn syn laboratoarium yn West Orange yn 1901.

De 1920-er jierren wiene foar Nij-Jersey in tiid fan grutte wolfeart. Yn 1921 waard yn Atlantic City de earste Miss America-skientmewedstryd holden. Yn 1927 waard de Hollandtunnel iepene, dy't Jersey City ferbûn mei Manhattan. En yn 1933 gie yn Camden de earste drive-inbioskoop iepen. Yn 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren joech Nij-Jersey biddelfergunnings út oan needlijende ynwenners. Op 6 maaie 1937 ûntplofte it Dútske loftskip de Hindenburg yn 'e loft boppe Lakehurst. By dy ramp kamen 36 minsken om.

Yn 'e Earste en Twadde Wrâldoarloch wie Nij-Jersey in sintrum fan 'e oarlochsynset, benammen foar skipsbou. Sa waarden der slachskippen, krusers en torpedoboatjagers foar de Amerikaanske Marine makke op 'e skipswerven. Yn totaal wie Nij-Jersey yn 'e Twadde Wrâldoarloch ferantwurdlik foat 6,8% fan 'e Amerikaanske wapenproduksje, wêrmei't de steat it fyfde plak ynnaam fan alle 48 Amerikaanske steaten.

Demonstranten yn Camden, ûnder de Grutte Depresje.

Yn 1951 gie de New Jersey Turnpike iepen, in autosnelwei dy't it noardlike diel fan 'e steat (en de stêdekloft fan New York) ferbûn mei it súdlike diel fan 'e steat (en de stêdekloft fan Philadelphia). Yn 'e 1960-er jierren fûnen der yn 'e yndustrystêden fan Noard-Jersey rasse-opskuorren plak yn it ramt fan 'e útsichtleaze maatskiplike posysje fan 'e earme Afro-Amerikanen. Troch de moard op Martin Luther King, de lieder fan 'e Amerikaanske boargerrjochtebeweging, yn 1964, boaze dy sitewaasje inkeld noch fierder oan.

Ein oktober 2012 waard Nij-Jersey swier troffen troch de orkaan Sandy. De stêd Hoboken strûpte der heal ûnder, ynkl. it pleatslike sikehûs en twa brânwachtkazernes. Ek yn oare dielen fan 'e steat wie de skea grut. Der kamen yn Nij-Jersey allinnich al 43 minsken om, wylst 2,6 miljoen minsken sûnder stroom kamen te sitten. De totale skea yn 'e steat waard rûsd op $36,8 miljard.

It Steatshûs fan Nij-Jersey, yn Trenton, is de sit fan 'e Legislatuer fan Nij-Jersey.

Nij-Jersey bestiet bestjoerlik út 21 countys. De steatshaadstêd, Trenton, leit yn Mercer County, yn 'e midden fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Nij-Jersey bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan 'e Legislatuer fan Nij-Jersey, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 40 sitten en de Generale Assimblee mei 80 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Nij-Jersey, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Nij-Jersey 12 sitten.

It politike lânskip fan Nij-Jersey wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in marzjinale rol. De steat wurdt tsjintwurdich fierhinne beskôge as in Demokratysk bolwurk, mei't Nij-Jersey by alle Amerikaanske presidintsferkiezings sûnt 1992 foar de Demokratyske kandidaat stimd hat. De lêste Republikeinske gadingmakker foar it presidintskip dy't Nij-Jersey wist te winnen wie George H.W. Bush yn 1988. Foar dy tiid hie Nij-Jersey sûnt it begjin fan 'e tweintichste iuw oer it algemien op 'e hân fan 'e Republikeinen west.

Atlantic City, oan 'e Atlantyske kust fan súdeastlik Nij-Jersey, stiet omreden fan syn kasino's bekend as in gok-mekka, dat inkeld ûnderdocht foar Las Vegas.

Yn 2010 bedroech it bruto steatsprodukt fan Nij-Jersey $487 miljard. Yn 2008 lei it bruto steatsprodukt per lid fan 'e befolking yn Nij-Jersey op $54.699, fier boppe it Amerikaansk nasjonaal gemiddelde fan $46,588. De ekonomy fan 'e steat stipet op 'e yndustry en de tsjinstesektor. Op it mêd fan 'e yndustry binne benammen fan belang: farmaseutyske bedriuwen, de ferwurking fan itenswaren, de produksje fan elektryske apparaten en de gemyske yndystry. Op it mêd fan 'e tsjinstesektor stipet Nij-Jersey benammen op it bank- en fersekeringswêzen, it toerisme, telekommunikaasje en útjouwerijen.

Ek de hannel is yn Nij-Jersey fan belang fanwegen de strategyske lizzing fan 'e steat deunby New York (stêd). De haven fan New York en Nij-Jersey is de drokste haven oan 'e Amerikaanske eastkust. De seeterminal fan Port Newark-Elizabeth is de âldste en noch altyd ien fan 'e grutste containerhavens fan 'e wrâld.

It haadgebou fan 'e Universiteit fan Princeton, yn Princeton.

It toerisme yn Nij-Jersey moat it fral hawwe fan 'e baaiplakken en strannen oan 'e Atlantyske kust en fan 'e kasino's yn Atlantic City, dat nei Las Vegas de wichtichste en bekendste gokstêd fan 'e Feriene Steaten is. It earste legale kasino iepene dêr yn 1978 syn doarren. Yn 2013 waard Nij-Jersey besocht troch 87,2 miljoen yndividuële toeristen, en droech de toeristyske brâns foar $40,3 miljard by oan it bruto steatsprodukt fan Nij-Jersey.

De agraryske sektor yn 'e steat produsearret benammen griente, fruit, nuten en suvelprodukten. Fierders wurde der ek in protte hynders en jongfee útfierd. Nij-Jersey is fan alle Amerikaanske steaten de op ien nei grutste produsint fan blauwe blebberbeien, de op twa nei grutste produsint fan cranberrys en de op trije nei grutste produsint fan paprika's, pjisken en kropslaad. Ek wurdt der in protte asperzje ferboud.

Befolkingstichtens yn Nij-Jersey.

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Nij-Jersey yn 2014 8.938.175 ynwenners, wat in groei fan 1,7% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 469,3 minsken de km² (wetteroerflak net meirekkene). De grutste stêd fan 'e steat is Newark, in foarstêd fan New York, mei 277.000 ynwenners yn 2010. Oare gruttere stêden binne: Jersey City (248.000), Paterson (146.000), Elizabeth (125.000), Edison (100.000), Woodbridge (100.000), Lakewood (93.000), Toms River (91.000), Hamilton (88.000) en de steatshaadstêd Trenton (85.000). Fan 'e befolking fan Nij-Jersey wie yn 2005 19,2% (of 1,6 miljoen minsken) berne bûten de Feriene Steaten.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Nij-Jersey doe sa: 58,9% blanken; 17,7% Latino's; 13,7% swarten; 8,3% Aziaten; 0,3% Yndianen; 1,1% oaren of fan mingd etnysk komôf. Neffens sifers fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 hie Nij-Jersey doe it op ien nei heechste persintaazje Joaden fan alle Amerikaanske steaten (nei New York), it op ien nei heechste persintaazje moslims (nei Michigan), it heechste persintaazje Perûvianen, it op ien nei heechste persintaazje Kubanen (nei Floarida), it op twa nei heechste persintaajze Aziaten (nei Hawaï en Kalifornje), en it op twa nei heechste persintaazje etnyske Italjanen (nei Rhode Island en Konettikut).

India Square, yn Jersey City, stiet bekend as 'Little Bombay', om't it de heechste konsintraasje Ynjers fan it westlik healrûn hat.

Yn 2000 wiene de fiif grutste etnyske groepen yn Nij-Jersey: Italjanen (17,9%), Ieren (15,9%), Afro-Amerikanen (13,6%), Dútsers (12,6%) en Poalen (6,9%). Der wenje yn 'e steat ek grutte mienskippen Portorikanen, Dominikanen, Westynjers, Arabieren, Ynjers, Brazyljanen, Portegezen, Koreänen, Sinezen en Filipino's. Nij-Jersey omfiemet gjin federaal erkende Yndianestammen, mar der binne wol ferskate stammen dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe. Dat binne:
● de Nantikook-Lenny Lenapé Yndianen fan Nij-Jersey
● de Pouhattan-Renapé Naasje fan it Rancocus Yndianereservaat
● de Ramapough Lenapé Yndianenaasje (ek wol bekend as de Ramapo Berchyndianen)
Dêrnjonken erkent Nij-Jersey ek de Yntertribale Amerikaanske Yndianen fan Nij-Jersey. Dat is gjin stamme, mar in maatskiplike organisaasje dy't om 1980 hinne oprjochte is om Amerikaanske Yndianen út hiel Noard- en Súd-Amearika dy't yn Nij-Jersey libje op alderlei mêd fan tsjinst te wêzen.

Newark, de grutste stêd fan Nij-Jersey.

Nij-Jersey hat gjin offisjele taal as sadanich by wet fêstlein, mar de facto ferfollet it Ingelsk dy funksje. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 spriek doe 71,3% fan 'e ynwenners fan Nij-Jersey it Ingelsk as memmetaal. Op it twadde plak kaam it Spaansk, mei 14,6% fan 'e befolking. Dêrnei folgen (alle foarmen fan) it Sineesk (1,2%), it Italjaansk (1,1%), it Portegeesk (1,1%), Tagalok (1,0%), Koreaansk (0,9%), Gûdjaratysk (0,8%), Poalsk (0,8%), Hindy (0,7%), Arabysk (0,6%) en Russysk (0,6%).

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2001 likernôch 73% fan 'e befolking fan Nij-Jersey út kristenen, wêrûnder 37% roomsen en 36% protestanten. De grutste kristlike denominaasje wie de Roomsk-Katolike Tsjerke mei 3,235.000 leden; de grutste protestantske denominaasje wie de Feriene Metodistyske Tsjerke mei 138.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen 15% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan ôfrinnende grutte: it joadendom (4%); de islaam (1%); en it boedisme (minder as 0,5%).

De George Washingtonbrêge oer de Hudson ferbynt Nij-Jersey mei de stêd New York.

Nij-Jersey is ferdield oer twa ûnderskate klimaatsônes. It suden, de midden en it noardeasten fan 'e steat hawwe in myld seeklimaat troch de ynfloed fan 'e Atlantyske Oseaan. It noardwesten hat lykwols fanwegen de hegere lizzing in lânklimaat mei folle koelere temperatueren. Simmers yn Nij-Jersey binne oer it algemien hjit en near, mei in trochsneed temperatuer oerdeis oer de hiele steat fan 28-31 °C. Elts jier hat in gemiddelde fan 25 dagen dat it kwik boppe de 32 °C út komt. Guon jierren binne der inkele dagen dat de temperatuer omheech giet nei 38 °C. De winters binne yn 'e regel kâld, mei trochsneed temperatueren oer de hiele steat fan oerdeis 1-6 °C en nachts –2 - –9 °C. Koarte skoftkes kin de temperatuer sels omleech gean oant ûnder de –18 °C, benammen yn it noardwestlike diel fan Nij-Jersey. By 't maityd en hjerstmis rinne de temperatueren faak sterk útinoar.

Rekôrtemperatueren yn Nij-Jersey wiene 43 °C, op 10 july 1936 yn Runyon, en –37 °C op 5 jannewaris 1904 te River Vale. De steat kriget trochinoar 2.400 oant 2.800 oeren sinneskyn jiers, en der falt yn it jier yn trochsneed 1.100 oant 1.300 mm delslach, frij gelikens ferspraat oer de jiertiden. Oer de hiele winter ferspraat falt yn it suden en oan 'e kust trochinoar sa'n 25-38 sm snie, yn it noardeasten en de midden fan 'e steat 38-76 sm, en yn it noardwesten 1.00-1.30 m. De sniefal ferskilt lykwols faak sterk fan jier ta jier. Yn 'e winter en iere maityd wurdt Nij-Jersey geregeldwei troffen troch noardeasterstoarmen, dy't har soms ta wiere sniestoarmen ûntjaan kinne. Orkanen, tropyske stoarmen en tornado's binne seldsum yn 'e steat, hoewol't Nij-Jersey yn 2012 swier troffen waard troch de orkaan Sandy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
              Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
· · Berjocht bewurkje