Gertrude Stein

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Gertrude Stein, foto: Carl van Vechten

Gertrude Stein (Allegheny (Pennsylvania), 3 febrewaris 1874 - Parys, 27 july 1946) wie in Amerikaansk skriuwster dy't fan 1903 ôf oan yn Parys wenne en wurke.

De ekstraverte Gertrude Stein behearde ta de kultfiguren fan it keunst- en literatuerfermidden fan har tiid. Stein har hûs oan de Rue de Fleurus 27 yn Parys waard in artistyk-literêre salon. Stein hold har hiele libben kontakt mei ferneamde avant-garde keunstners en skriuwers, lykas in Pablo Picasso, Henri Matisse, Ernest Hemingway, Ezra Pound en Carl Van Vechten. Sy wie dejinge dy't yn it ynterbellum de term Lost Generation ('Ferlerne generaasje') betocht foar in groep Amerikaanske skriuwers dy't nei de Earste Wrâldoarloch nei Parys lutsen wiene sa as Ernest Hemingway, John Steinbeck, Ezra Pound en T.S. Eliot.

Stein har libben wurdt skaaimerke troch twa langduorjende ferhâldingen: de earste mei har broer, de keunstkritikus Leo Stein, fan 1874 oant 1914, en de twadde mei Alice B. Toklas, fan 1907 oant haar dea yn 1946.