Springe nei ynhâld

Ambrosius

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ambroazius)
Ambrosius
skriuwer
Ambrosius fan Milaan, mozayk yn de Sint-Ambrosius yn Milaan; mooglik noch makke doe't er noch libbe
Ambrosius fan Milaan, mozayk yn de Sint-Ambrosius yn Milaan; mooglik noch makke doe't er noch libbe
persoanlike bysûnderheden
echte namme Aurelius Ambrosius
nasjonaliteit Romeinsk
berne ±340
berteplak Trier (Romeinske Ryk)
stoarn 4 april 397
stjerplak Milaan (Romeinske Ryk)
etnisiteit Romeinsk
wurk
taal Latyn
sjenre non-fiksje (religiosa)
perioade Lette Aldheid
bekendste
  wurk(en)
Oratio Vespertina
offisjele webside
n.f.t.

Ambrosius of Ambroazius (folút: Aurelius Ambrosius; ±3404 april 397) wie in tsjerkfaar en ien fan 'e wichtichste figueren út 'e fjirde-iuwske kristlike Tsjerke. Hy wie teolooch, filosoof en aartsbiskop fan Milaan. Njonken hymnen skreau er ek withoefolle teologyske traktaten oer de Tsjerke. Nei syn dea waard er hillich ferklearre, en sadwaande hat er it ta beskermhillige Milaan brocht.

Ambrosius waard om 340 hinne berne yn it Dútske Trier, dêr't yn dy snuorje de keizer fan it Westromeinske Ryk residearre; syn heit hie dêr de funksje fan pretoriaansk prefekt foar de Gallyske provinsjes. Ambrosius stamme út in ryk Romeinsk laach dat sympatisearre mei it kristendom. Yn Rome studearre er as jongfeint wittenskippen en retoarika, de keunst fan sprekken yn it iepenbier. Under keizer Gratianus makke er karriêre as gûverneur fan 'e Noarditalyske provinsje Emylje-Liguerje, wêrby't er syn sit hie te Milaan.

Stânbyld fan Ambrosius.

Doedestiden bestie yn West-Jeropa it arianisme noch as wichtige kristlike streaming. Yn Milaan wie in striid geande tusken arianen en katoliken. Dy wie feroarsake trochdat nei de dea fan 'e biskop fan Milaan, Auksintius, beide groepearrings harren kandidaten beneamd hawwe woene en it sadwaande mar net iens wurde koene. Yn 'e katedraal dêr't de gearkomste holden waard, rûn it skeel sa heech op dat Ambrosius, yn syn hoedanichheid fan gûverneur, om help frege waard. Hy lei yn 'e stêd op sa'n bêste namme dat er foar beide partijen in akseptabele kandidaat wie, en it folk him mienriedich en folslein ûnferwachts (hy hie gjin inkele tsjerklike wijing ûndergien en wie sels net iens doopt) ta biskop útrôp. Hy doek ûnder en hope dat it oerwaaie soe, mar doe't de keizer yn in brief ferklearre dat it him skoan taliek dat Ambrosius biskop waard, lei er him der by del en liet er him dope en ta biskop wije.

Behalven dat er him ûntjoech ta ien fan 'e liedslju fan 'e iere Tsjerke, wie Ambrosius ek in steatsman fan namme. As aartsbiskop hold er him fral dwaande mei it bestriden fan it arianisme, en dêrby krige er it oan 'e stôk mei keizer Falentinianus II, dy't de arianen de hân boppe de holle hold. Ambrosius feardige in ferskaat oan edikten út en rôp konsyljes byinoar dy't poer rjochte wienen tsjin 'e ariaanske lear. Op it Konsylje fan Akwileja, yn 381, slagge it him om 'e biskoppen Palladius fan Ratiara en Sekundianus fan Singidunum, dy't foaroanmannen fan 'e arianen wiene, út 'e Tsjerke smiten te krijen. Fierders hie Ambrosius ek sterk de hân yn 'e slimme leauwensferfolgings fan 'e heidens yn sawol it Westromeinske as it Eastromeinske Ryk ûnder it regear fan 'e keizers Gratianus, Falentinianus II en Teodoasius I.

Ambrosius syn allegorisearre preekstyl spile fierders in wichtige rol by de bekearing fan syn tiidgenoat, de tsjerkfaar en teolooch Augustinus. Ambrosius stoar op 4 april 397, en waard begroeven yn 'e basilyk fan Milaan dy't nei him neamd is, de Sant'Ambrogio. Behalven fan Milaan is Ambrosius ek de patroanhillige fan 'e ymkers. Der is in leginde dy't hawwe wol dat der boppe de widze fan Ambrosius in swaarm bijen fleach, dy't hunich yn 'e mûle fan 'e poppe dripkje liet. Dêrom wurdt ek wol sein dat syn sprekken "swiet as hunich" wie.

Njonken syn drokke politike en diplomatike aktiviteiten fûn Ambrosius noch de tiid om in protte te skriuwen, en ûnderhold er in libbene briefkerij mei oare tsjerklearden en steatslju. Syn wurken kinne opdield wurde yn ferskate kategoryen.

eksegetyske wurken
  • Expositio Evangelii Secundum Lucam (in wiidweidich kommentaar op it Evangeelje fan Lukas)
  • Hexaemeron (njoggen preken oer de seis dagen fan 'e skepping, bedoeld om útsprutsen te wurden yn 'e wike foar Peaske)
  • koartere eksegetyske kommentaren op ferskate passaazjes út it Alde Testamint fan 'e Bibel:
    • De Abraham (oer de aartsfaar Abraham)
    • De Cain et Abel (oer Kaïn en Abel)
    • De Helia et Ieiunio (oer Elía en fêstjen)
    • De Iacob et Vita Beata (oer de aartsfaar Jakob en it lokkige libben)
    • De Interpellatione Iob et David (oer de gebedens fan Job en kening David)
    • De Ioseph (oer Joazef)
    • De Isaac vel Anima (oer de aartsfaar Izaäk of de siel)
    • De Noe (oer Noäch)
    • De Patriarchis (oer de aartsfaars)
    • De Tobia (oer Tobit)
    • Explanatio Psalmorum (útlis oer de Psalmen)
    • Explanatio Symboli (útlis oer de leauwensbelidenis; in ynliedend traktaat foar nije bekearlingen dat û.m. wiist op it gefaar fan it arianisme)
In omnibusedysje (Divi Ambrosii Episcopi Mediolanensis Omnia Opera) fan it wurk fan Ambrosius, út 1527.
etyske wurken
  • De Bono Mortis (oer de dea as in goed ding)
  • De Fuga Saeculi (oer de flecht út 'e wrâld)
  • De Institutione Virginis et Sanctae Mariae Virginitate Perpetua ad Eusebium (oer de berte en ivige fammesteat fan Marije)
  • De Nabuthae (oer Nabot)
  • De Paenitentia (oer boetedwaning)
  • De Paradiso (oer it paradys)
  • De Sacramentis (oer de sakraminten)
  • De Sacramento Regenerationis Sive de Philosophia (oer it sakremint fan 'e werberte of oer filosofy; fragmintarysk oerlevere)
  • De Viduis (oer it widdoskip — dat Ambrosius beskôge as in boete foar fleislike sûnden dy't yn it houlik dien wurde.
  • De Virginibus (oer fammen)
  • De Virginitate (oer de fammesteat)
  • Exhortatio Virginitatis (oanfitering ta faam-wêzen)
teologyske wurken
  • De Fide (oer it leauwe; 5 boeken)
  • De Incarnationis Dominicae Sacramento (oer it hillich jûnsmiel)
  • De Mysteriis (oer leauwensmystearjes)
  • De Officiis Ministrorum (oer de plichten fan 'e geastlikheid, ynspirearre op Sisero syn De Officiis; 3 boeken)
  • De Spiritu Sancto (oer de Hillige Geast; 3 boeken)
begraffenistaspraken
  • De Excessu Fratris Satyri
  • De Obitu Theodosii
  • De Obitu Valentiniani
oar
net fan Ambrosius
  • Pseudo-Ambrosius (in koart kommentaar op 'e Paulinyske Brieven, dat lang oan Ambrosius taskreaun waard, mar wêrfan't men no wis is dat it it wurk fan in oar wêze moat)

Ambrosiaanske hymnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ambrosius hat guon fan 'e bekendste hymnen skreaun, dy't noch altyd brûkt wurde as ûnderdiel fan 'e Latynske liturgy, lykas syn jûnhymne Aeterne Rerum Conditor, en it ierst oerlevere krystliet Veni, Redemptor Gentium, dat troch Marten Luther letter oerset is ta Nun komm, der Heiden Heiland. Ambrosius syn namme is fierders fral ferbûn oan it Ambrosiaanske gesang, in ûnderfoarm fan it Gregoriaanske gesang.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.