Jennifer Ashley

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Allyson James)
Jump to navigation Jump to search
Jennifer Ashley
Livro preto.svg skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Ashley Gardner
Laurien Gardner
Allyson James
echte namme Jennifer Ashley
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 1974
berteplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Flag of the United States.svg Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, histoaryske romans,
romantyk, detektives
bekendste
  wurk(en)
Highland Pleasures-searje
Captain Lacey-searje
Shifters Unbound-searje
útjouwer Dorchester Publishing
prizen RITA Award 2007
jierren aktyf 2002 – no
offisjele webside
www.jenniferashley.com

Jennifer Ashley (yn 'e Feriene Steaten, 1974) is in Amerikaansk skriuwster fan fiksje dy't heart ta de literêre sjenres fan 'e fantasy, histoaryske fiksje, romantyk en detektiveroman. Hja makket ek gebrûk fan 'e pseudonimen Ashley Gardner, Laurien Gardner en Allyson James. Ashley har oeuvre omfiemet mear as fyftich romans, krapoan tweintich novelles en in grut tal koarte ferhalen. Yn 2007 wûn se de prestizjeuze RITA Award foar har histoaryske roman A Lady Raised High.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ashley waard yn 1974 berne yn 'e Feriene Steaten. Hja hat in protte reizge, wêrûnder ienris fan San Francisco nei Japan op in frachtskip. Teffens hat se langere tiid om utens wenne, û.m. yn Japan en Jeropa, mar no hat se har mei har man en har kat nei wenjen set yn Phoenix, yn 'e súdwestlike Amerikaanske steat Arizona. Se hat in mastergraad yn Ingelske taal- en letterkunde. Yn 2002 sette se útein mei in karriêre as skriuwster. Har hobbys omfetsje, behalven skriuwen, lêzen, itensieden, kuierjen, it bespyljen fan 'e fluit en it gitaar, skilderjen en it bouwen fan poppehuzen.

Mei in oeuvre dat mear as tachtich titels omfiemet, is Jennifer Ashley op 't heden ien fan 'e meast foaroansteande romantykauteurs fan 'e Feriene Steaten. Behalven romantyk skriuwt se ûnder har eigen namme ek histoaryske romans en paranormal romance. Fierders skriuwt se ûnder it pseudonym Ashley Gardner detektiveromans en ûnder it pseudonym Allyson James paranormal romance en urban fantasy. Under de mienskiplike skûlnamme Laurien Gardner, dy't se dielt mei twa oare auteurs, hat se fierders de romantyske histoaryske roman (oer Anna Boleyn) A Lady Raised High skreaun, dêr't se yn 2007 yn 'e kategory bêste histoaryske roman de RITA Award mei wûn, de heechste Amerikaanske priis foar romantyske literatuer.

Oare bekende wurken fan Ashley binne de Highland Pleasures-searje (ek wol bekend as de Mackenzies-searje), de Shifters Unbound-searje en de Stormwalker-searje. Foar de roman The Madness of Lord Ian Mackenzie, út 'e Highland Pleasures-searje, wûn se yn 2009 de Romantic Times Reviewers' Choice Award yn 'e kategory meast ynnovative histoaryske roman. Yn 2012 waard se nominearre foar in RITA Award yn 'e kategory bêste histoaryske roman foar in oar diel út dyselde rige, mei as titel The Many Sins of Lord Cameron. Ashley har romans hawwe op 'e bestsellerlisten fan 'e kranten de New York Times en USA Today pronke, en binne oerset yn it Dútsk, Frânsk, Hongaarsk, Italjaansk, Japansk, Nederlânsk, Noarsk, Spaansk en Taisk

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(hjirby giet it om romans, of it moat oars oanjûn wêze)

Under de namme Jennifer Ashley[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • de Regency Pirates-searje
    • 2003 – The Pirate Next Door
      • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Passie voor een Piraat (fert. Anna van Oijen, 2007)
    • 2004 – The Pirate Hunter (ek wol bekend as The Pirate Hunter's Lady)
      • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Een Veilige Haven (fert. Anna van Oijen, 2009)
    • 2005 – The Care and Feeding of Pirates
      • Flag of the Netherlands.svg Nederlânske oersetting: Als Jij Me Verleidt (fert. P. van Dijck, 2009)
  • de Nvengaria-searje
    • 2006 – Penelope and Prince Charming
    • 2006 – Mad Bad Duke
    • 2008 – Highlander Ever After
    • 2009 – The Longest Night (novelle, yn 'e blomlêzing A Christmas Ball)
  • de Highland Pleasures-searje (ek wol bekend as de Mackenzies-searje)
    • romans & novelles
      • 2009 – The Madness of Lord Ian Mackenzie
      • 2010 – Lady Isabella's Scandalous Marriage
      • 2011 – The Many Sins of Lord Cameron
      • 2012 – The Duke's Perfect Wife
      • 2012 – Mackenzie Family Christmas (novelle, yn 2016 werpublisearre yn 'e blomlêzing A Kiss of Love and Dreams)
      • 2012 – The Seduction of Elliot McBride
      • 2013 – The Untamed Mackenzie (novelle)
      • 2013 – The Wicked Deeds of Daniel Mackenzie
      • 2014 – Scandal and the Duchess (novelle)
      • 2014 – Rules for a Proper Governess
      • 2015 – The Mackenzie Clan Gathering (novelle)
      • 2015 – The Stolen Mackenzie Bride
    • omnibusedysjes
      • 2015 – The Scandalous Mackenzies
  • de Shifters Unbound-searje
    • searje
      • 2010 – Pride Mates
      • 2011 – Shifter Made (novelle en prequel fan 'e searje)
      • 2011 – Primal Bonds
      • 2011 – Bodyguard (novelle)
      • 2012 – Wild Cat
      • 2012 – Mate Claimed
      • 2013 – Hard Mated (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Dark and Dangerous)
      • 2013 – Perfect Mate (novelle, yn 'e blomlêzing Unbound)
      • 2013 – Lone Wolf (novelle)
      • 2013 – Tiger Magic
      • 2014 – Feral Heat (novelle)
      • 2014 – Wild Wolf
      • 2015 – Bear Attraction (novelle)
      • 2015 – Mate Bond
      • 2015 – Lion Eyes (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Dark and Damaged)
      • 2015 – Bad Wolf (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing Bad Boys of the Night)
      • 2016 – Wild Things (novelle)
      • 2016 – White Tiger
      • 2016 – Guardian's Mate
    • omnibusedysjes
      • 2013 – Shifters Unbound Boxed Set
      • 2015 – Shifter Mates
  • de Riding Hard-searje
    • 2015 – Adam
    • 2015 – Grant
    • 2015 – Carter (yn 2016 werpublisearre as ûnderdiel fan 'e romanomnibus Cowboys Do It Better)
  • bydragen oan searjes dy't skreaun wurde troch ferskate auteurs
    • de Immortals-searje
      • 2007 – The Calling (diel 1)
      • 2007 – The Gathering (diel 4)
      • 2008 – The Redeeming (diel 5)
      • 2009 – The Reckoning (diel 8, mei Joy Nash en Robin T. Popp)
      • 2014 – Wolf Hunt (novelle)
  • op harsels steande wurken
    • 2002 – Perils of the Heart
    • 2005 – Confessions of a Lingerie Addict
    • 2005 – The Single Girl's Guide to Christmas (novelle, yn 'e blomlêzing Christmas Cards from the Edge)
    • 2006 – Viva Las Vampires (novelle, yn 'e blomlêzing Just One Sip)
    • 2007 – The Queen's Handmaiden

Under de namme Ashley Gardner[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • de Captain Lacey-searje
    • romans & novelles
      • 2003 – The Hanover Square Affair
      • 2004 – A Regimental Murder
      • 2004 – The Glass House
      • 2005 – The Sudbury School Murders
      • 2005 – A Body in Berkley Square
      • 2006 – A Covent Garden Mystery
      • 2011 – A Death in Norfolk
      • 2013 – A Disappearance in Drury Lane
      • 2014 – Murder in Grosvenor Square
      • 2015 – The Thames River Murders
      • 2015 – A Matter of Honor (novelle, yn 'e blomlêzing Murder Most Historical)
      • 2016 – The Alexandria Affair
    • ferhalebondels
      • 2011 – The Gentleman's Walking Stick
      • 2011 – The Necklace Affair
    • omnibusedysjes
      • 2012 – Captain Lacey Regency Mysteries Volume I (omnibus)
      • 2013 – Captain Lacey Regency Mysteries Volume II (omnibus)
      • 2015 – Captain Lacey Regency Mysteries Volume III (omnibus)
  • de Kat Holloway Victorian Mystery-searje
    • 2015 – A Soupçon of Poison (novelle)

Under de namme Laurien Gardner[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de namme Allyson James[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • de Dragon-searje
    • 2007 – Dragon Heat
    • 2007 – The Black Dragon
    • 2008 – The Dragon Master
  • de Stormwalker-searje
    • 2009 – A Little Night Magic (koart ferhaal)
    • 2010 – Stormwalker
    • 2010 – Firewalker
    • 2011 – Double Hexed (novelle, yn 'e blomlêzing Hexed; los publisearre yn 2014)
    • 2011 – Shadow Walker
    • 2012 – Nightwalker
    • 2016 – Dreamwalker
  • op harsels steande wurken
    • 2010 – Mortal Sensations (koart ferhaal)

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2006 Romantic Times Reviewers' Choice Award wûn bêste histoaryske romantyske aventoereroman Penelope and Prince Charming
2007 RITA Award wûn bêste histoaryske roman A Lady Raised High: A Novel of Anne Boleyn
2009 All About Romance Reader Award wûn meast pinige held The Madness of Lord Ian Mackenzie
wûn bêste histoaryske roman dy't spilet yn Grut-Brittanje The Madness of Lord Ian Mackenzie
wûn bêste leafdessênes yn in mainstream-roman The Madness of Lord Ian Mackenzie
wûn bêste roman The Madness of Lord Ian Mackenzie
Romantic Times Reviewers' Choice Award wûn meast ynnovative histoaryske roman The Madness of Lord Ian Mackenzie
2012 RITA Award nominearre bêste histoaryske roman The Many Sins of Lord Cameron

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: