Springe nei ynhâld

Laurien Gardner

Ut Wikipedy

Laurien Gardner is in kollektyf pseudonym fan in groepke Amerikaanske skriuwsters dy't in rige romans oer de Tudor-tiid skreaun hawwe, mei as haadpersoanen de ûnderskate froulju fan kening Hindrik VIII fan Ingelân. Dizze romansearje, dy't ta de literêre sjenres fan 'e histoaryske fiksje en de romantyk rekkene wurde kin, waard betocht troch boekeredakteur Ginjer Buchanan, doe't dy seach hoe'n populariteit oft boeken oer de Tudors wol net hiene. De trijedielige searje is publisearre troch de Amerikaanske útjouwerij Jove Books, in ymprint fan 'e Penguin Group. It twadde diel, A Lady Raised High, skreaun troch Jennifer Ashley, wûn yn 2007 de prestizjeuze RITA Award yn 'e kategory bêste histoaryske roman.

Publisearre boeken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.