Springe nei ynhâld

Alemannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Allemannen)

De Alemannen (ek stavere as Alamannen of Allemannen) foarmen in ferbûn fan Germaanske folken, dy't by de Sueben hearden. Harren machtichste stam wienen de Semnonen. De namme wiist op in samling fan folken "alle minsken". Yn 360 hienen sy noch 14 ferskillende hartoggen. Sy wennen oarspronklik tusken de Ryn en de Donau, yn it hjoeddeiske Zwaben. Fan dêrút ûndernamen sy fan 212 ôf geregeld plondertochten op Romeinsk gebiet.

Ynfallen yn it Romeinske Ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wenplakken en ekspânsje fan de Alemannen

In part fan de Sueben waard troch Langobarden, Boergonden e.o. nei it westen ta krongen en yn 213 ûnder it regear fan keizer Karakalla, foar de earste kear sjoen yn Galje. Sy krigen doe de namme Allemannen. Dizzen oefenen druk út op de Romeinske limes, mar waarden troch Karakalla syn leger ta stean brocht. Nei in oare mislearre trochbraak yn 233-234 slagge it harren yn 259-260 werom te kommen yn it Romeinske Ryk. Diskear wie de politike gaos yn it Romeinske Ryk sadanich dat dit fiergeande ynfallen fan de Allemannen útlokke. Diskear fûnen der ynfallen plak nei Galje en fan 268 ôf ek nei Itaalje ta. Ferskate keizers besochten hjir tsjinyn te gean mei wikseljend súkses. Yn dizze perioade gong ek in part fan de limes foargoed ferlern en de Allemannen koenen harren festigje yn it gebiet efter de limes tusken de Ryn, Main en Neckar, de saneamde Agri Decumates. Ein 3e iuw waard dizze tastân konsolidearre: Romeinske tsjinoanfallen bleaunen út en de line fan de Boppe-Ryn waard as nije grins fan it ryk mei forten fersterke.

Bûnsmaat en fijân fan de Romeinen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 328 kamen de Romeinen in foederaty-ferdrach mei de Allemannen oerien. Dit hâlde yn dat de Allemannen tsjinst namen yn it Romeinske leger en de beskerming fan de Ryn-grins op harren nommen. By in opstân fan it Romeinske leger yn 350 waard it ferdrach troch de Allemannen oan de kant skood. De takomstige keizer Julianus Apostata gie yn 'e striid tsjin de Alemannen en makke in ein oan harren ynfiltraasje yn de Elzas. By Straatsburch waarden de Allemannen yn (357) ferpletterjend ferslein. De lieder fan de Allemannen waard dêrby finzen nommen en twongen in foar de Romeinen foardielige frede te sluten. Dizze frede duorre lykwols net lang, want in oantal jierren letter, yn 364 foelen de Allemannen opnij Galje binnen. Under keizer Valentinianus I waard earst foargoed in ein makke oan dizze ynfallen. Yn it Swarte Wâld waarden de Allemannen yn 370 ferslein en de Limes opnij fersterke.

Opkomst en fal fan it Allemaanske ryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 406-407 koenen de Allemannen, doe't de Ryn-Donau-limes troch ferskate swierrichheden yn it Romeinske Ryk net langer beskerme wurden koe troch it grinsleger, suver ûnbehindere East-Galje besette. De Romeinen besochten om 'e nocht troch it sluten fan nije bûnsmaatskippen it ferlies oan grûngebiet te beheinen. Yn de 5e iuw bleaunen de Allemannen wenjen yn Súd-Dútslân, Switserlân en de Elzas.

Op de ein fan de 5e iuw hienen de Allemannen harren feriene ûnder lieding fan ien kening. Dizze besocht fet te krijen op de omkriten fan Keulen, wêr't doe de Ripuaryske Franken wennen en foel yn 496 harren oan. De Ripuaryske kening Sigebert koe it allinnich net oan en rop de help yn fan Klovis, de kening fan de Salyske Franken, om de ynfallers te kearen. It kaam ta in fjildslach by Zülpen. De feriene legers fan de Franken brochten dêr de Allemannen nei in wikseljend kriichsferrin in ferneatigjende nederlaach ta. De Allemannen sloegen op de flecht en de Franken lutsen plonderjend it ryk fan de Allemannen yn. Yn 506 foel Klovis as lieder fan in Frankysk leger it gebiet fan de Allemannen yn en fersloech harren opnij. De Ostrogoatyske buorren ûnder lieding fan kening Diderik de Grutte skeaten de Allemannen diskear te help. De Franken besetten doe it noardlik part fan it Allemaanske ryk. Harren ryk bleau lykwols net lang mear bestean. Yn 536 waard it hielendal beset troch de Franken en ûnder Frankysk gesach pleatst. Der wie in ein kaam oan de selsstannigens fan de Allemannen. Under Frankysk gesach bleau der wol in satellytsteatsje Allemaanje bestean.

Yn it Frânsk wurdt Dútslân oantsjutte mei de beneaming Allemagne, yn it Spaansk mei Alemania.

Germaanske folken feroarje
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen