Akademyske Dagen
Akademyske Dagen Academische Dagen | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
holden yn | binnenstêd | |
tiid fan it jier | ein july | |
bysûnderheden | ||
oanlieding | presintaasje Frjentsjerter ferieningslibben | |
soarte evenemint | kultureel | |
bestean | 2018 – no | |
offisjele webside | ||
www.franeker.frl/.../academische-dagen |
- Net te betiizjen mei de Agraryske Dagen, in oar evenemint yn Frjentsjer.
De Akademyske Dagen (Nederlânsk en offisjeel: Academische Dagen) binne in evenemint yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. It is in twadeisk barren dat sûnt 2018 elts jier oan it begjin fan july holden wurdt. Dêrby presintearje muzykkorpsen en oarsoartige muzykorganisaasjes, sportklups, oare kulturele ferienings en horekabedriuwen út Frjentsjer (en guon út oare plakken yn De Waadhoeke) harren oan it publyk. It barren is ferneamd nei de Universiteit fan Frjentsjer, dy't ek wol oantsjut waard as akademy. De grutste ûnderdielen fan 'e Akademyske Dagen binne it Nederlânsk Kampioenskip Keatsen foar 50+ en it muzykfestival Hjoed yn it Park.
De Akademyske Dagen wurde holden op ferskate lokaasjes yn 'e Frjentsjerter binnenstêd, wêrûnder de Bredepleats, de Martinytsjerke, de Foarstrjitte, de Dykstrjitte, it Riedhûsplein, de Eise Eisingastrjitte, de Sulverstrjitte, de Martenatún, it Noarderbolwurk en it Sjûkelân.
Organisaasjes dy't meidogge oan 'e Akademyske Dagen binne û.o. Atelier It Lytse Hûs, Bolwurktsjerkje De Mouterij, Brassband Greidebrass, Kafee De Bogt fen Guné, it Keninklik Eise Eisinga Planetarium, de Frjentsjerter Badmintonklup FBC '73, Follybalferiening DoskoActa, Fotorûnte De Siker, de Frjentsjerter Bridge Klup, Hânbalferiening Jupiter '76, it Stedsk Muzykkorps Harmony, Keatsferiening Jan Bogstra, it Keatsmuseum, it Koorndragershuisje, Kristlike Muzykferiening Advendo, de Kristlike Skoallemienskip Anna Maria van Schurman, it Museum Martena, Fuotbalferiening SC Frjentsjer, Scouting Andromeda, Showband Sternse Slotlanders, Skeelerferiening Slykrôlers (út Sint-Anne), Sportskoalle Blomketerp en Teehúske De Freule.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|