Akademyske Dagen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Akademyske Dagen
Academische Dagen
plak en tiid
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flagge fan de Waadhoeke.PNG De Waadhoeke
plak Flagge fan Frjentsjer.PNG Frjentsjer
holden yn binnenstêd
tiid fan it jier ein july
bysûnderheden
oanlieding presintaasje Frjentsjerter
   ferieningslibben
soarte evenemint kultureel
bestean 2018 – no
offisjele webside
www.franeker.frl/.../academische-dagen
1rightarrow.png Net te betiizjen mei de Agraryske Dagen, in oar evenemint yn Frjentsjer.

De Akademyske Dagen (Nederlânsk en offisjeel: Academische Dagen) binne in evenemint yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. It is in twadeisk barren dat sûnt 2018 elts jier oan it begjin fan july holden wurdt. Dêrby presintearje muzykkorpsen en oarsoartige muzykorganisaasjes, sportklups, oare kulturele ferienings en horekabedriuwen út Frjentsjer (en guon út oare plakken yn De Waadhoeke) harren oan it publyk. It barren is ferneamd nei de Universiteit fan Frjentsjer, dy't ek wol oantsjut waard as akademy. De grutste ûnderdielen fan 'e Akademyske Dagen binne it Nederlânsk Kampioenskip Keatsen foar 50+ en it muzykfestival Hjoed yn it Park.

De Akademyske Dagen wurde holden op ferskate lokaasjes yn 'e Frjentsjerter binnenstêd, wêrûnder de Bredepleats, de Martinytsjerke, de Foarstrjitte, de Dykstrjitte, it Riedhûsplein, de Eise Eisingastrjitte, de Sulverstrjitte, de Martenatún, it Noarderbolwurk en it Sjûkelân.

Organisaasjes dy't meidogge oan 'e Akademyske Dagen binne û.o. Atelier It Lytse Hûs, Bolwurktsjerkje De Mouterij, Brassband Greidebrass, Kafee De Bogt fen Guné, it Keninklik Eise Eisinga Planetarium, de Frjentsjerter Badmintonklup FBC '73, Follybalferiening DoskoActa, Fotorûnte De Siker, de Frjentsjerter Bridge Klup, Hânbalferiening Jupiter '76, it Stedsk Muzykkorps Harmony, Keatsferiening Jan Bogstra, it Keatsmuseum, it Koorndragershuisje, Kristlike Muzykferiening Advendo, de Kristlike Skoallemienskip Anna Maria van Schurman, it Museum Martena, Fuotbalferiening SC Frjentsjer, Scouting Andromeda, Showband Sternse Slotlanders, Skeelerferiening Slykrôlers (út Sint-Anne), Sportskoalle Blomketerp en Teehúske De Freule.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: