Fotorûnte De Siker
Appearance
Fotorûnte De Siker Fotokring De Zoeker | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | fotografy | |
fêstige yn | Frjentsjer (Fryslân) | |
oprjochte | 2001 | |
tal leden | ±20 | |
offisjele webside | ||
www.fotokringdezoeker.nl |
Fotorûnte De Siker (Nederlânsk en offisjeel: Fotokring De Zoeker) is in feriening foar amateurfotografy yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. De klup waard yn 2001 oprjochte, en hat likernôch tweintich leden (anno 2018).
De jûns fan eltse trêde tiisdei fan 'e moanne is der in gearkomste yn it tsjinstesintrum yn 'e Frjentsjerter Botniasteech, wêrby't de leden yn ynformele sfear inoars foto's besjogge en der kommentaar op jouwe. Teffens wurde der tips útwiksele, en út en troch wurde der ekspêrs útnûge om in lêzing te jaan.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|