Springe nei ynhâld

Oerlis:Fotorûnte De Siker

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Ieneach fan 'e Esk: Klub komt yn it Wurdboekportaal fan ’e Fryske Akademy en by Zantema/Visser net foar, mar klup wol. Drewes (oerlis) 30 jun 2018, 22.23 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes: Tsja, Drewes, dan komme we op it mêd fan 'e smaak. 'Klup' fyn ik in healwize hyperferfrysking dy't ik beslist net brûke wol. My tinkt dat der neat mis is mei 'klub'. En oars skriuw ik it noch hûndert kear leaver as 'club'. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 jun 2018, 22.33 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: Elk syn smaak, but aber mar, wy soene ús oan de offisjele FA-stavering hâlde. Hawwe wy yndertiid ôfsprutsen ommers. Drewes (oerlis) 30 jun 2018, 22.43 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes: Ja, dêr hawwe jo wol gelyk oan, mar ik haw ûnderwilens nochris even sjoen (ik begûn my al ôf te freegjen oft ik no sa eigenaardich wie), mar by Zantema (Frysk-Nederlânsk) stiet op side 506 gewoan it lemma 'klub'. Dat it kin bêst wêze dat 'klup' de foarkarsstavering is, mar 'klub' mei ek. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 jun 2018, 22.48 (CEST)[beäntwurdzje]