Follybalferiening DoskoActa

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Follybalferiening DoskoActa
Volleybalvereniging DoskoActa
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd sport (follybal)
fêstige yn Frjentsjer (Fryslân)
oprjochte 2006
fuortk. út fúzje f. 2 eardere klups
offisjele webside
www.doskoacta.nl

Follybalferiening DoskoActa (Nederlânsk en offisjeel: Volleybalvereniging DoskoActa) is in follybalklup út 'e Fryske stêd Frjentsjer. De feriening is yn 2006 ûntstien út in fúzje fan twa eardere follybalklubs, Dosko en Acta. Dosko (in ôfkoarting fan Door Onderlinge Samenwerking Komt Overwinning) wie de earste follybalferiening fan Frjentsjer, en waard yn 1955 oprjochte. De trenings fine by DoskoActa plak op 'e moandei- en woansdeitejûn, wylst de wedstriden almeast op sneon falle.

By DoskoActa kinne leden fan jong oant âld telâne. Bern dy't op 'e basisskoalle sitte, kinne by de feriening oan it saneamde Cool Moves Volley (CMV) dwaan, in oanpaste foarm wêrby't harren stapsgewiis, ferdield oer seis oprinnende nivo's (1 o/m 6), it follybalspul oanleard wurdt. De jongerein fanôf it fuortset ûnderwiis spilet de 'normale' foarm fan follybal, ferdield oer trije leeftydskategoryen (A o/m C).

Folwoeksenen kinne by DoskoActa ek oan kompetysjefollybal dwaan, dêr't de klup ferskate teams foar hat. Alle tiims wurde begelaat troch treners en coaches. Foar ferfier fan jeugdspilers fan en nei wedstriden en foar it waskjen fan 'e sporttenu's wurdt in berop dien op 'e âlden. De feriening telt lykwols ek in grutte groep folwoeksenen dy't allinnich op 'e moandeitejûnen delkomme om te follyballen as foarm fan ferdivedaasje, en hielendal net oan wedstriden meidogge.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: