Springe nei ynhâld

Abdij fan Brauweiler

Ut Wikipedy
Abdij fan Brauweiler
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
plak Pulheim
koördinaten 50° 57' N 6° 46' E
Kleastergegevens
oarde Benediktinen
opheffing 1803
patroanhillige Sint-Nikolaas
Sint-Medardus
Ynformaasje bou
hjoeddeiske funksje tsjerke: parochytsjerke
kleastergebouwen: kultureel sintrum
boujier 1136-1220 (tsjerke)
1780-1785 prelatenfleugel
Webside
Abteigemeinden (FB)
Abtei-brauweiler.eu
Abteibrauweiler.lvr.de
Kaart
Abdij fan Brauweiler (Noardryn-Westfalen)
Abdij fan Brauweiler

De Abdij fan Brauweiler (Dútsk: Abtei Brauweiler, Latyn: Abbatia Brauweilerensis) is in eardere oan Sint-Nikolaas en Sint-Medardus wijde benediktynske abdij yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De abdij stiet yn it stedsdiel Brauweiler fan 'e stêd Pulheim, noardwest fan Keulen. Ek no oerhearsket de abdijtsjerke net allinne it oansjen fan Brauweiler, mar dat fan 'e hiele omjouwing. De tsjerke is ien fan 'e grutste romaanske tsjerkegebouwen fan it Rynlân.

Troch fynsten fan keramykskerven is it bekend dat Brauweiler al sûnt de Izertiid bewenne wurdt. Ut de Romeinske tiid is der in fêsting bekend. Op it grûngebiet fan 'e abdij waarden yn 'e jierren 1983-1984 noch resten fûn fan in Romeinsk hearehûs (villa rustica), dat yn 'e 4e iuw ôfbaarnde.

Neffens in 11e-iuwske boarne fan in Brauweiler muonts stie der earder in houten kapel mei in alter, dêr't reliken fan Medardus út Soissons yn bewarre waarden. De kapel ferfoel en paltsgreve Herman I liet de kapel ferfange troch in stiennen kapel en dêrnjonken waard in ek ferfallen lângoed op 'e nij boud. Dêromhinne ûnstie in delsetting, it hjoeddeiske Brauweiler.

Kleastergong.

Tusken 991 en 993 boaske in soan fan Herman I, paltsgreve Ezzo mei Mathilde, in dochter fan keizer Otto II en Theophanu. By in beafeart nei Rome krigen Ezzo en Mathilde fan paus Benediktus VIII reliken en in krús foar it stiftsjen fan in kleaster. Foar dat doel waard Brauweiler keazen, nei alle gedachten om't de paltsgreven dêr it measte besit hiene en it plak geunstich oan 'e twa ferbinings tusken Keulen en Aken en Roermond lei.

Op 14 april 1014 setten sân muontsen útein mei de bou fan it kleaster op it heechste diel fan it terrein en de kapel waard yn 'e nijbou belutsen. De nije tsjerke waard likernôch 26 m noardlik fan dy kapel boud. Grevinne Mathilde ferstoar op 20 novimber 1025 en waard yn 'e midden fan 'e kleastergong foar in alter begroeven. Tsjerke en kleaster waarden op 8 novimber 1028 troch aartsbiskop Pilgrim wijd.

Pelatuer.

Sûnt 1467 makke de abdij by de ynfiering fan 'e Bursfelder herfoarmings in nije bloeitiid mei. Tusken 1780 en 1785 waard de fleugel foar de prelaten boud, in ûntwerp fan Nikolaus Lauxen. By syn ûntwerp breide er troch mei de foarmen fan it troch him ek ûntwurpen kleaster Nonnenwerth (1773-1775).

Nei de Frânske besetting fan de lofter Rynigge yn 1802 folge yn it ramt fan 'e sekularisaasje de opheffing fan de abdij. De abdijtsjerke waard in katolike parochytsjerke, wylst de abdijgebouwen neffens in wet fan Napoleon sûnt 1811 in dépôt de mendicité waard, dat wol sizze in ynstelling foar minsken dy't oan 'e râne fan 'e samenleving libben. Ek nei 1815 brûkte it Prusyske regear de gebouwen om swalkers, hoeren, gokferslaafden en oare sosjaal swakke groepen oan it wurk te setten. De gebouwen waarden nei 1920 oan justysje ferhierd, dy't de gebouwen as finzenis brûkte.

De gebouwen tsjinnen sûnt 1933 in jier as konsintraasjekamp en dêrnei, oant 1945, as finzenis foar de Gestapo. Yn 1944 waard Konrad Adenauer dêr twa moanne fêstset, syn twadde frou besocht harsels it libben te nimmen doe't de Gestapo har twongen hie om it skûlplak fan har man te ferrieden.[1] Meiïnoar hawwe der goed 1000 minsken yn 'e nasjonaalsosjalistyske tiid fêstsitten. Sûnt 2008 wurdt dat mei in in útstalling betocht.

Nikolaas en Medardustsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nikolaas en Medardustsjerke.

De hjoeddeiske tsjerke is in parochytsjerke. It is de tredde tsjerke op it plak, dy't fan 1136 oant 1220 boud waard.

De machtige westlike toer wurdt flankearre troch smellere tuorren (1138). Dy tuorren foarmje in kontrast mei de trije eastlike tuorren, dy't folle letter yn 'e 19e iuw foltôge waarden.

Letgoatyske beskildering ferwulft

It skip (1140-1150) is koart, wylst de sydskippen in karakteristike, grutte breedte ha. De kleastertsjerke brocht foar de takomst in belangrike fernijing: de trijdielige opbou mei in tuskenfoege trifoarium mei bline nissen, itjinge dêrnei al gau oeral by romaanske basiliken tapast waard. De kleuren fan it byldhouwurk is neffens de romaanske tradysje, mar de sierlike ranken yn 'e ferwulften binne letgoatysk.

De beskildere hilligen oan 'e pylders fan it tsjerkeskip datearje út de 14e iuw.

Op it súdlike sydalter stiet in stiennen Marijeretabel út it ein fan 'e 12e iuw. In sittend byld fan de hillige Nikolaas datearret út de romaanske tiid. De krypte fan 'e tsjerke folget it plan fan dy fan 'e Keulske Marije yn it Kapitoaltsjerke, mar is lytser. Ek de tsjerke boppe de krypte is in lytsere neibou fan it Keulske foarbyld.

De tsjerke hat twa oargels. It oargel yn it middenskip oan 'e westlike muorre hat in tige ryk fersierde barokke oargelkas út 'e ein fan 'e 17e iuw. It oargel waard eartiids yn 1715 troch Balthasar König boud en yn 'e jierren 1960 troch Willi Peter ferboud. De firma Weimbs út Hellenthal boude in nij ynstrumint neffens de oarspronklike disposysje mei mechanyske traktuer, dat op 25 jannewaris 2013 ynwijd waard.

Yn 'e jierren 2017-2018 boude de firma Hermann Eule Orgelbau foar de abdijtsjerke in nij koeroargel. It is in oargel mei in Dútsk-romantyske ynslach, dat op in hichte fan 7 meter hinget en ferdield is oer de westlike muorren fan 'e twa sydskippen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Abtei Brauweiler