Springe nei ynhâld

Literatuer

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 jun 2019 om 06.51 troch Frou Watzema (oerlis | bydragen) (Fryske literatuer: db:It Swin (Brugge))
Alde boeken

It wurd Literatuer wurdt foar ferskate begrypen brûkt. Fral mei de ôflieding "literêr" betsjut it it skriuwen as keunstfoarm en alle keunst, alle boeken, dy't dêrtroch makke wurdt. Dit is ta ûnderskied mei lektuer, it skriuwen allinnich om it ferhaal oer te bringen. Hjir oan besibbe binne de betsjutting fan alle skreaune tekst yn in beheind gebiet, lykas fakliteratuer, en de betsjutting fan alle teksten, skreaun en sprutsen, yn in taal.

It wurd "Literatuer" is in lettere ôflieding fan it Latynske littera, de „boekstêf“. It meartal litterae betsjutte dêrneist sawat as „it skreaune, „dokuminten“, „brieven“, „wittenskip(pen)“. Yn it Frânsk en Ingelsk bleau fan de wurden lettres en letters de wurdbetsjutting „wittenskippen“ bestean.

Literêre foarmen

Njonken de bekende literêre foarmen as it gedicht, Poëzy, Proaza en toaniel binne der ek oare teksten dy't as literêr skaaimerke wurde kinne. Dat binne: filmteksten, proazateksten dy't optocht binne (de roman), proaza dat ferwiist nei echte ferhalen of persoanen (lykas it brief, it essay en de autobiografy) en tekenteltsjes.

Fryske literatuer

It Fryske taalgebiet fan eartiids en no. Fan it histoarysk gebiet West-Fryslân oant It Swin binne gjin Frysktalige teksten oerlevere.

Frysk literatuer begjint ornaris mei de 12e-iuwske wetboeken, yn de Sân Seelannen dat fan Fly nei Weser rûn (provinsje Fryslân, Grinslân en East-Fryslân). Tusken 500 en 800 waarden yn it gebiet fan it eardere Fryske Ryk, Anglofryske runen fûn.

Guon Friezen teagen al yn de 7e en 8e iuw nei Noard-Fryslân en setten har nei dêr wenjen op de eilannen. Yn de 11e en 12e iuw wie der in twadde weach fan Friezen dy't nei Noard-Fryslân teagen, de twadde groep sette har nei wenjen op it fêstelân fan Noard-Fryslân. Om it jier 1600 fine wy it earste bewyske fan Noardfryske literatuer.

Yn de hjoeddeiske provinsje Fryslân is der mei troch Gysbert Japiks sprake fan in trochgeande Fryske literatuer fan de midsiuwen oant hjoed de dei ta. It Fryske taalgebiet yn Grinslân en East-Fryslân waard aloan lytser, hjoed de dei wurdt der yn it Sealterlân noch Frysk praat en skreaun. Dat ferklearret de skieding tusken de trije Fryske literaturen:

Sjoch ek

Keppeling om utens