Springe nei ynhâld

Noardfrysktalige literatuer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Noardfryske literatuer)

De Noardfrysktalige literatuer is de literatuer dy't yn it Noardfrysk skreaun is. Under de hast synonime term Noardfryske literatuer wurdt ek meirekkene wat oer de Noardfriezen en Noard-Fryslân skreaun wurden is, yn it Deensk of Dútsk of sels yn oare talen. Faaks ek literatuer, dy't him yn Noard-Fryslân ôfspilet. Oersettings út oare talen wei nei it Noard-Frysk binne ek fan belang.

As skrifttalen binne de Noard-Fryske dialekten jong en dêrom is der net safolle literatuer. Omdat der net safolle sprekkers binne mar wol in ryk ferskaat oan dialekten, binne der aardich wat teaterstikken, fertellingen en ferhalen.

It âldst oerlevere bewyske yn it Noardfrysk is in ballade fan it eilân Feer "A bai a redder" (soks as "Der dûnse in ridder") dat rûchwei yn de 15e iuw skreaun is, de skriuwer is fierders net bekend. De ballade tilt op fan âldfrinsige útdrukkings en kin dêrtroch net hielendal oerset wurde yn moderne taal. Der binne ferskate farianten fan it liet oerlevere dy't pas yn de tiid fan de Romantyk in werprintinge krigen. De styl fan it liet hat wol wat fan Deenske folksballaden út dy tiid dat wat oer de bining tusken Noard-Fryslân en Skandinaavje seit.

Sa't it liket hat it skreaune Noardfrysk yn it iere stadium it sterkst west op it eilân Strân, wat troch de stoarmfloed fan 1634 ferneatige waard. It Kleiner Katechismus fan Marting Luther is om it jier 1600 op it eilân Strân oerset nei it Noardfrysk. In oare tekst dy't om deselde skreaun wêze moat is in spotliet, it "Noardstrander liet fan Hans Tadesens Hammeldiebstahl". It is net bekend wa't dy teksten skreaun/oerset hat. Anton Heimreich hat yn 1662 twa lieten skreaun, de "Yn miren-söngh" en "Yn een-söngh" ("in moarnsliet" en "in jûnsliet"). Heimrich wenne foar de stoarmfloed op it eilân Strân, mei it ûnderstroepen fan it rike eilân binne der faaks ek in soad oare Noardfryske teksten weiwurden.

Peter Michael Clemens (1804-1870) út Muasem hat it Nije Testament en de Psalmen nei it Sölring oerset. Dat earste printe boek yn it Noardfrysk is printe wurden yn Flensboarch, Der Geitzhals auf der Insel Silt. Dat wie skreaun troch Jap Peter Hansen (1767-1855). ..

Foarbylden fan teksten yn it Noardfrysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skriuwers nei dialekt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noardfryske skriuwers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noardfryske skriuwers binne:

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]