Flensburch

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Flensboarch)
Jump to navigation Jump to search
Wapen Lokaasje
Wapen fan Flensburch Lokaasje fan Flensburch yn Dútslân
Flensburch
Flensburch, havengebiet
Flensbuch, haven

Flensburch (Dútsk en offisjeel: Flensburg; Deensk: Flensborg; Noardfrysk: Flansborj) is in stêdskrite yn de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. Der wenje sa'n 85.750 minsken, en it is de tredde grutste stêd yn Sleeswyk Holstein.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd waard stichte yn de 13e iuw en koe him earst goed ûntjaan nei it útinoar fallen fan it Hânze-ymperium. Tusken 1460 en 1864 wie it ien fan de meast wichtige havens fan Denemark. Yn de Twadde Dútsk-Deenske Oarloch fan 1864 waard de stad ferovere troch Prusen. Yn 1867, by de ferkiezings foar de Noard-Dútske Ryksdei, liet de stêd in Deenske mearheid sjen. Oant it lêste diel fan de 19e iuw wie Flensburch noch de grutste stêd fan Sleeswyk-Holstein, grutter as Kiel. Yn 1920, nei de ein fan de Earste Wrâldkriich, waard in referindum holden oer de takomstige yndieling fan it eardere Hartochdom Sleeswyk. Yn Flensburch stimde 75% fan de ynwenners foar Dútslân, dêrmei waard de grins benoarden de stêd fêstlein.

Flensburch wie de lêste dagen fan de Twadde Wrâldkriich de sit fan it Dútske regear; sjoch ek Flensburchregear.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Deensk en Dútsk binne de machtichste talen yn Flensburch. Der is in lytse groep dy't Noardfrysk praat.

Stedsdielen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Altstadt
  • Engelsby
  • Friesischer Berg
  • Fruerlund
  • Jürgensby
  • Mürwik
  • Neustadt
  • Nordstadt
  • Sandberg
  • Südstadt
  • Tarup
  • Weiche
  • Westliche Höhe

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsûntwikkeling fan Flensburch


Trivia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn Flensburch waard yn 1962 troch Beate Uhse de earste sekssjop yn de wrâld iepene.
  • Yn en om de stêd binne in protte grinswinkels dy't harren rjochtsje op Deenske klanten, mar somtiden ek wol omtinken hawwe foar klanten út oare Skandinavyske lannen. Guon produkten, benammen alkoholyske dranken, binne yn Dútslân nammentlik goedkeaper as yn Denemark, hoewol't it priisferskil lytser wurden is neffens earder.