Springe nei ynhâld

Noardereach

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 jun 2019 om 19.55 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kaart fan Noardereach en de omkriten fan it eilân.

Noardereach (Deensk: Nørreog; Dútsk: Norderoog; Noardfrysk: Noorderuug) is ien fan de Halligen yn Dútslân. It eilân leit westlik fan Pelweerm, eastlik fan de sânplaat Noardereachsân en súdlik fan Hege. It makket ûnderdiel út fan de gemeente Hege en is 0,09 kante kilometer grut. Noardereach hat gjin fêste bewenning, allinnich fan maart oant oktober wurdt it sa no en dan bewenne troch fûgelwachters. It ferbliuw fan de fûgelwachters, mei de namme Jens Wand Hütte, stiet op hege peallen tsjin it floedzjen fan de see.

It eilân wurdt foar it earst neamd yn in oarkonde út 1597, as Norder Ough. Oant 1825 hat it eilân bewenne west troch ien famylje. It eilân waard doe swier skansearre troch de Stoarmfloed fan 1825. It hûs fan de bewenners waard fuortspield wêrnei't hja fuortlutsen. Ek de terp wêr't it hûs op stien hat is yn de rin fan de tiid fuort rekke. Sûnt 1909 is it eilân yn it behear fan de Jordsân Feriening.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

· · Berjocht bewurkje