Springe nei ynhâld

Streekt grûniikhoarntsje

Ut Wikipedy
streekt grûniikhoarntsje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai Afrikaanske grûniikhoarntsjes (Xerus)
soarte
Xerus erythropus
Desmarest, 1817
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

It streekte grûniikhoarntsje (Latynske namme: Xerus erythropus), ek wol it Afrikaanske grûniikhoarntsje neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e Afrikaanske grûniikhoarntsjes (Xerus). Dêrbinnen foarmet dizze soarte it monotypyske (út ien soarte besteande) ûnderskaai fan 'e streekte grûniikhoarntsjes (Euxerus). Dit bist waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1803, troch Étienne Geoffroy Saint-Hilaire, mar om't dy syn publikaasje frijwol net mear te besetten is, wurdt it streekte grûniikhoarntsje hjoed de dei faken taskreaun oan Anselme Gaëtan Desmarest, dy't yn 1817 in nije beskriuwing útbrocht.

Fersprieding en biotoop

Streekte grûniikhoarntsjes libje yn it diel fan Afrika dat ynklamme leit tusken de Sahara yn it noarden en it tropysk reinwâld yn it suden. Se komme foar fan 'e Atlantyske kust yn westlik Mauretaanje troch hiel West-Afrika en it noarden fan Sintraal-Afrika oant Etioopje en Kenia yn it easten (al ûntbrekke se yn 'e punt fan 'e Hoarn fan Afrika. In isolearre populaasje libbet yn 'e omkriten fan Agadir, yn súdlik Marokko. It streekte grûniikhoarntsje bewennet iepen wâldlân, kapflakten en savannes, gauris deunby lânbougebieten. Oan 'e grins fan syn areaal komme er ek foar yn steppes en healwoastinen. Fossilen dy't oan it streekte grûniikhoarntsje taskreaun binne, datearje út it Plioseen fan Jeropa.

Uterlike skaaimerken

It streekte grûniikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 22-29 sm, mei in sturtlingte fan 19-26 sm en in gewicht fan ½-1 kg. De pels bestiet út koarte, boarstelige hierren, dy't oer it grutste part fan har liif bêzje-eftich oant dûnkerbrún binne. De bealch is lykwols witich en suver keal. In smelle streek sniewyt hier rint oer fangen, en dat is wêr't streekte grûniikhoarntsjes har namme oan tankje. It hier fan 'e sturt is folle langer as dat op 'e romp, sij it net sa lang as by beamiikhoarntsjes. Likegoed kin fan in plomsturt sprutsen wurde. De earen binne lyts en de snút is smel en spits. Oan 'e poaten sitte lange, rjochte klauwen. Streekte grûniikhoarntsjes lykje sterk op Kaapske grûniikhoarntsjes en berchgrûniikhoarntsjes, mar behalven dat se yn in hiel oar diel fan Afrika foarkomme, kinne se fan dy soarten ek ûnderskaat wurde trochdat de wyfkes fan it streekte grûniikhoarntsje trije pear oeren hat ynstee fan twa pear.

Hâlden en dragen

Streekte grûniikhoarntsjes binne herbivoaren dy't allinnich oerdeis yn 't spier binne. Se bringe suver har hiele libben yn hoalen ûnder de grûn troch, al binne se der neat te skruten foar om yn strewellen te klimmen om in itensboarne te berikken. Se frette alderhanne sieden, nuten en woartels, wêrûnder ek dy fan lânbougewaaksen as kassaves, jams, swiete jirpels, pinda's en katoen. Soms folje se har dieet oan mei ynsekten en fûgelaaien. Se foerazjearje yn in wengebiet dat, yn it drûge terrein dat karakteristyk foar streekte grûniikhoarntsjes is, sa'n 12 ha beslacht, al oerlaapje de sokke wengebieten inoar gauris. Hoewol't se har territoarium ôfsette mei geurflaggen, lykje se it net tsjin ynkringers te ferdigenjen.

In streekt grûniikhoarntsje.

De nacht bringe streekte grûniikhoarntsjes troch yn har hoale, dy't se sels grave mei har grutte klauwen. Soms slane se dêr ek itensfoarrieden yn op, al wurde dy faker op in ôfstân fan 'e hoale weibrocht op in sideplak, lykas ûnder guon stiennen of deade blêden. It streekte grûniikhoarntsje libbet solitêr of soms yn pearkes, en begroetet soartgenoaten troch inoar mei de noazen tsjininoar oan te besnuffeljen. Hy beweecht him fuort op in huppende wize, wêrby't er geregeldwei hohâldt om syn om-en-by yn 'e rekken te hâlden. Syn sturt hâldt er nei efteren ta as er beweecht en omheech as er stilhâldt, en as er kjel wurdt, makket er him grou sa't katten dat ek dogge. Yn 'e peartiid sit it mantsje it wyfke nei, en in smeet bestiet yn 'e regel út 2-6 jongen. Yn finzenskip kinne streekte grûniikhoarntsjes seis jier wurde. Har natuerlike fijannen binne de serval, jakhalzen en ferskate rôffûgel- en slangesoarten.

Status

It streekte grûniikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", om't er yn syn natuerlike ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Foar Afrikaanske boeren kin er in pleachdier wêze, mei't er gauris lânbougewaaksen lykas kassaves, jams, pinda's en swiete jirpels oanfret.

Undersoarten

Der binne seis erkende ûndersoarten fan it streekte grûniikhoarntsje:

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.