Ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat
Ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat EZK | ||
It gebou fan it ministearje EZ yn De Haach. | ||
algemien | ||
lân | Nederlân | |
adres | Bezuidenhoutseweg 73 De Haach | |
skiednis | ||
oprjochting | 17 augustus 1905 | |
funksjehâlders | ||
minister | Micky Adriaansens Rob Jetten (Enerzjy en Klimaat) | |
steatssekretaris | Hans Vijlbrief | |
sekretaris-generaal | Sandor Gaastra | |
offisjele webside | ||
https://www.rijksoverheid.nl/ministeries/ministerie-van-economische-zaken-en-klimaat |
It Nederlânske ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat, ôfkoarte ta EZK (Economische Zaken en Klimaat) bemuoit him mei alles wat te krijen hat mei de Nederlânske ekonomy, lykas hannel, yndustry, kommunikaasje, enerzjyfoarsjenning, ûndernimme en ynnovaasje, mar ek konsumintesaken sa as produkt- en itensfeiligens. Ek it klimaatbeliedfalt ûnder it ministearje.
Skiednis
It ministearje waard yn 1905 ynsteld as departemint fan Lânbou, Hannel en Yndustry. Dêrnei feroare de namme in pear kear, bygelyks doe't it Lânboubeliedsterrein ôfsplitst waard.
Yn 1946 waard de hjoeddeiske namme keazen en fan 1950 ôf waard der in steatssikretaris beneamd. Fan 1978 ôf is de steatssikretaris ferantwurdlik foar ûnder oare de bûtenlânske hannel.
Op 14 oktober 2010 binne it ministearje fan Ekonomyske Saken en it ministearje fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit ien wurden as it ministearje fan Ekonomyske Saken, Lânbou en Ynnovaasje. It twadde kabinet-Rutte besleat lykwols om fan novimber 2012 ôf de namme ministearje fan Ekonomyske Saken wer te brûken.
Nei it foarmjen fan it kabinet-Rutte III op 26 oktober 2017 waard it ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit fannis foarme en waard it beliedsmêd "Klimaat" taheake oan it dat no it "ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat" hjit.
Politike lieding
De ministers yn it kabinet-Rutte III wiene Eric Wiebes (VVD) en Bas van 't Wout (VVD). De steatssikretarissen wiene Mona Keijzer (CDA) en Dilan Yeşilgöz-Zegerius (VVD).
Yn it kabinet-Rutte IV is Micky Adriaansens (VVD) de minister. Rob Jetten (D66) is minister fan Enerzjy en Klimaat, Hans Vijlbrief (D66) is steatssikretaris.
Keppeling om utens
Nederlânske ministearjes | ||
---|---|---|
Algemiene Saken (AZ) ·
Ministearje fan Asyl en Migraasje (A&M) ·
Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) ·
Bûtenlânske Saken (BZ) ·
Definsje (Def) ·
Ekonomyske Saken (EZ) ·
Finânsjes (Fin) ·
Folkshúsfêsting en Romtlike Oardering (VRO) ·
Folkssûnens, Wolwêzen en Sport (VWS) ·
Ynfrastruktuer en Wettersteat (I&W) ·
Justysje en Feiligens (J&V) ·
Klimaat en Griene Groei (KGG)
Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer (LVVN) ·
Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (SZW) ·
Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) | ||
· · |